Springe nei ynhâld

Wytbúkgeal

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Luscinia phaenicuroides)
wytbúkgeal
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemiggesnappers (Muscicapidae)
skaaigealtsjes (Luscinia)
soarte
Luscinia phaenicuroides
J.E. Gray & G.R. Gray, 1847
IUCN-status: net bedrige

De wytbúkgeal (Luscinia phaenicuroides, synonimen: Hodgsonius phaenicuroides en Hodgsonius phoenicuroides) is in sjongfûgel yn it skaai gealtsjes (Luscinia) út de famylje fan 'e miggesnappers (Muscicapidae).

De fûgel is gâns oars as oare soarten yn it skaai. It mantsje is oer it algemien blau mei oranje sturtrânen en in wite búk. It wyfke mist de wite ûnderkant fan it mantsje en is yn stee oer it algemien brún mei donkerder boppekanten. Jonge mantsjes hawwe in blauwe kop en boarst, mar binne fierder oer it algemien brún.

De soarte komt yn Aazje foar fan 'e Himalaya oant Sintraal-Sina. Der wurde twa ûndersoarten erkend:

  • Luscinia phaenicuroides phaenicuroides: de Himalaya en westlik Birma.
  • Luscinia phaenicuroides ichangensis: fan noardeastlik en eastlik Birma oant Sintraal-Sina en it noarden fan Yndosina.

De soarte briedt yn strûkeftige berchgebieten, benammen yn 'e oergongssône tusken bosk en iepener habitat. Foar de winter migrearret er nei itselde habitat op legere hichten.

De is gjin rûzing oer de grutte fan 'e populaasje, mar de soarte wurdt as net algemien oan frij algemien omskreaun. Op 'e Reade list fan'e IUCN stiet de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024) klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: