Lulk (film)
| Lulk | ||
| makkers | ||
| regisseur | Janko Krist | |
| produsint | Klaas Bies Janko Krist | |
| senario | Janko Krist | |
| kamerarezjy | Jorrit Meinsma | |
| muzyk | Jeroen Seinstra | |
| filmstudio | Drama5 Bliksum Fillms | |
| spilers | ||
| haadrollen | Lourens van den Akker Thom Hoffman Sjoukje Minkema Oele Plop | |
| skaaimerken | ||
| lân/lannen | ||
| premiêre | 4 maart 2026 | |
| foarm | langspylfilm | |
| sjenre | misdiefilm | |
| taal | Frysk, Nederlânsk | |
| spyltiid | 87 minuten | |
| budget en resultaten | ||
| budget | € 70.000 | |
Lulk is in Nederlânske misdiefilm út 2026 ûnder rezjy fan Janko Krist. De film is fierhinne Frysktalich, mei inkele Nederlânsktalige rollen. It ferhaal folget de efterstelde metaalbewurker Durk, dy't út wanhoop in op in gizeling útrinnende bankoerfal útfiert. De haadrollen waarden spile troch Lourens van den Akker, Thom Hoffman, Sjoukje Minkema en Oele Plop. Lulk gie op 4 maart 2026 yn it Keninklik Teäter Tuschinski yn Amsterdam yn premiêre en iepene op 12 maart yn 'e Nederlânske bioskopen.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Durk de Vries is in metaalbewurker dy't mei wiif en twa bern yn in folksbuert yn Drachten wennet. Hy wurket foar in krap lean op in skipswerf dêr't lúkse jachten makke wurde. Syn spesjalisme is de laadklep foar jetsky's. Syn bazen sjogge op him del en hawwe de gek mei him. Troch in opienfolging fan swierrichheden komt Durk yn 'e skulden, oant er it langer net mear pikt om altyd eftersteld te wurden en útbarst yn razernij. Hy lit him deryn lúzje om in bankoerfal te dwaan, mar dat rint út op in gizeling fan 'e ôfhâldige bankdirekteur Wijnenberg en twa tafallige klanten: TikTok-influencer Femke en frachtweinsjauffeur Bauke.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| Durk de Vries | Lourens van den Akker |
| Hendrik Wijnenberg | Thom Hoffman |
| Femke | Sjoukje Minkema |
| Bauke | Oele Plop |
- byrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| professor | Arjan Ederveen |
| Wabe | Jan Willem Hofma |
| Jildou | Bette Krist |
| Jesse | Twan Krist |
| Hanneke Bies | Inez Timmer |
| Nynke | Joyce Tocanini |
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lulk waard regissearre troch Janko Krist, dy't sels ek it senario skreau en de film yn 'e mande mei Klaas Bies produsearre. Drama5 en Bliksumfilms wiene de filmstudio's dy't by it projekt belutsen wiene. Lulk wie de twadde film fan Krist nei Stjer út 2021. It wie in lowbudgetfilm dy't neffens Krist makke waard mei in "mikrobudget" ter wearde fan €70.000. Dat bedrach swile er binnen mei skinkings fan 'e Provinsje Fryslân, Omrop Fryslân en ferskate kulturele stiftings. It Nederlânsk Filmfûns wegere in bydrage om't Krist "noch gjin hantekening hawwe" soe (d.w.s. hy is gjin renommearre regisseur).
De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jorrit Meinsma, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jeroen Seinstra. De opnamen foar de gizelingssêne fûnen plak yn 'e keamer fan administraasje yn 'e Boargemaster Harmsmaskoalle op De Gerdyk. Fan begjin oant ein duorre de produksje fan Lulk neffens Krist fjouwer oant fiif jier.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|