Lufthansa-flecht 181
| Lufthansa-flecht 181 | ||
| Unthaal fan de GSG 9 en de gizelen op it fleanfjild fan Bonn, 18 oktober 1977 | ||
| bysûnderheden | ||
| type ramp | Fleantúchkaping | |
| datum | 13 - 18 oktober 1977 | |
| statistiken | ||
| deaden | 4 (de gesachfierder en 3 fan de 4 kapers) | |
| ferwûnen | 5 (1 stewardess, 3 reizgers en 1 kaper) | |
Lufthansa-flecht 181 wie in Boeing 737-fleantúch neamd "Landshut" fan de Dútske loftfeartmaatskippij Lufthansa, dy't op 13 oktober 1977 kaapt waard troch it Folksfront foar de Befrijing fan Palestina (PFLP), dat de Dútske lofts-ekstremistyske terreurgroep Rote Armee Fraktion (RAF) stipe. It doel wie alve finzen RAF-leden frij te krijen. Dêrneist easken de kapers 15 miljoen dollar losjild. Nei in protte swalkjen waard it tastel yn de Somalyske haadstêd Mogadisjû bestoarme troch de Dútske antyterreureenheid GSG 9.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 30 july 1977 waard Jürgen Ponto, direkteur fan de Dresdner Bank, deasketten. Fierder waard Hanns Martin Schleyer ûntfierd, om 11 leden fan de terreurgroep RAF frij te krijen. Doe't it regear nei fiif wiken noch hieltyd net reagearre hie op dy eask, besleat it Folksfront om foar de Befrijing fan Palestina in Dútsk fleantúch te kapen om de druk fierder op te fieren. Al dy barrens wurde yn Dútslân de Deutscher Herbst neamd.
De kaping
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 13 oktober 1977 fleagen 86 toeristen fan Palma de Mallorca nei Frankfurt am Main. Doe't it tastel, de "Landshut", boppe de Frânske Middellânske Seekust fleach, namen fjouwer kapers om 13.30 oere CET de kontrôle oer it fleantúch oer. Harren oanfierder neamde himsels "kapitein marteler Mahmud" (syn echte namme wie Zohair Youssif Akache); syn hânlangers (in man en twa froulju) wiene yncheckt as Riza Abbasi, Hind Alameh, en Sorya Ansari, mar harren echte wiene Wabil Harb, Nadja Duaibes en Souila Andrawes. De passazjiers, stewardessen en de kopiloat Jürgen Vietor waarden efter yn it tastel byinoar dreaun. Dêrnei krige de gesachfierder Jürgen Schumann it befel om nei de lofthaven Larnaka op Syprus te fleanen. Hjir wie lykwols net genôch brânstof foar, dus waard der earst koers set rjochting Rome.
Rome
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't it fleantúch yn Rome oankaam wie, waard der byttankt. Dêrnei makke Mahmud syn easken bekend: hy woe alderearst de frijlitting fan tsien RAF-leden dy't finzen sieten. Ek woe er de frijlitting fan twa Palestynske finzenen dy't fêsthâlden waarden yn Turkije. Ta beslút moast in lospriis fan fyftjin miljoen dollar betelle wurde. Om 17.45 oere (CET) joegen de kapers de piloaten it befel op te stigen om dêrnei rjochting Syprus te fleanen.
Syprus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fleantúch lâne yn Larnaka, Syprus om 20.28 oere CET. Nei in oere kaam in fertsjintwurdiger fan'e lokale PLO, dy't fia de radio besocht Mahmud oer te heljen de gizeling te beëinigjen. De reaksje wie in poerrazende geraas yn it Arabysk oant de fertsjintwurdiger it opjoech en ôfdripte. Nei't der bytankt wie, frege Schumann om in fleanrûte nei Beirût, Libanon. Der waard him ferteld dat dit fleanfjild foar harren sletten wie en dat de lâningsbanen blokkearre wiene. Dochs sette it tastel om 22.50 oere ôf rjochting Beirût. Dêr oankaam waard tastimming ta lannen yndied wegere. Nei ek wegere te wêzen yn Damaskus, Bagdad en Koeweit sette it tastel koers rjochting Bachrein.
Reaksje út Dútslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Undertusken naam in krisisstêf yn Bonn ûnder lieding fan minister fan Steat Hans-Jürgen Wischnewski ferskate senario's troch. It wie al gau dúdlik dat net oan de easken fan de terroristen foldien wurde soe; it wie tiid foar de Grenzschutz groppe 9, koartwei GSG 9. Dizze spesjale antyterreureenheid waard pas fiif jier earder, op 26 septimber 1972, oprjochte, nei de gizeling by de Olympyske Spullen yn München. De Palestynske terreurgroep "Swarte Septimber" fermoarde doe twa leden fan it Israelyske olympyske team en hold njoggen oaren gizele. Yn in mislearre befrijingspoging kamen alle gizelen, fiif fan de acht terroristen en in plysjeman om it libben. De kaping fan de "Landshut" wie dus de fjoerproef foar de troch Ulrich Wegener opsette ienheid. Wylst de kaapte masine noch op Larnaka stie, gie der in fleantúch mei GSG 9-kommando's omheech, dat koers sette nei de "Landshut" foar Operaasje Feuerzauber (Fjoermagy).
Bachrein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Schumann krige fan in passearjend fleantúch te hearren dat ek Bachrein net tagonklik wie foar it fleantúch. Hy makke dêrop kontakt mei de loftferkearslieding en fertelde harren dat er net mear genôch brânstof hie om earne oars hinne te gean. Hoewol't har fersyk ta lannen ynearsten wer wegere waard, krigen se ynienen dochs in lâningsfrekwinsje wêrtroch't se úteinlik om 01.52 oere lânje koene. By oankomst waard it tastel fuortendaliks omsingele troch Bachreinske troepen. Mahmoud berjochte fia de ferkearstoer dat as de troepen net weromlutsen waarden, hy koploat Vietor delsjitte soe. Hy stelde in deadline fan 5 minuten yn en hold syn pistoal tsjin de holle fan Vietor. De troepen besleaten har hjirop werom te lûken wêrnei't it fleantúch bytanke koe. Nei't dat bard wie, stiigde it fleantúch op om dêrnei rjochting Dubai te fleanen.
Dubai
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By it oankommen fan Dubai krigen se wer gjin tastimming om te lânjen. Se koene út de loft wei al sjen dat de lâningsbanen blokkearre wiene mei weinen. Omdat se hast gjin brânstof mear hiene fertelde Schumann fia de radio dat se dochs echt lânje moasten en doe't se nochris leech oerfleagen, seagen se dat de auto's fuorthelle waarden. Sa koe der om 5.51 oere dochs lâne wurde. De terroristen fregen de ferkearstoer om wetter, iten, medisinen en kranten te leverjen. It slagge Jürgen Schumann (kodearre) troch te jaan dat de kapers twa manlju en twa froulju wiene. Yn in ynterview mei de parse dielde de Dubaise minister fan Definsje, sjeik Mohammed bin Rasjid Al Maktoem, dit mei. De kapers hawwe nei alle gedachten meiharke fia de radio en bedrigen Schumann mei syn libben.
Underwilens kamen Hans-Jürgen Wischnewski en de GSG 9 ynklusyf Ulrich Wegener oan yn Dubai. Se begûnen fuortendaliks te ûnderhanneljen oer tastimming om it fleantúch te bestoarmjen. Doe't dy jûn waard, krongen inkelde leden oan om earst ekstra te trainen op in lâningsbaan tichteby. Ek de twa SAS-leden dy't meikaam wiene om te advisearjen en tafersjoch te hâlden woene earst mear traine, en sa barde. Underwilens wie it bytankjen fan de "Landshut" ôfrûne en stiigde it tastel op mei bestimming Salalah, Oman, dêr't it lân foar de safolste kear wegere waard. Doe sette it tastel koers nei Aden, Jemen.
Aden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ek yn Aden mocht it tastel net lânje en wiene de twa lâningsbanen blokkearre mei weinen. Der wie lykwols net mear genôch brânstof om fierder te fleanen. Fan needs sette de piloat om 15.55 oere CET (yntusken wie it 16 oktober) it fleantúch yn it sân njonken de lâningsbaan. De pleatslike autoriteiten fertelden de kapers dat se fuort wer fuort moasten, mar de piloaten wiene skeptysk oer de tastân fan it lâningsgestel nei de hurde lâning yn it sân. Schumann krige tastimming om bûten in ynspeksje út te fieren, mar doe't er dêrmei klear wie gie er net fuort wer nei binnen. De redenen fan syn ôfwêzigens binne noch hieltyd net dúdlik, mar der wurdt suggerearre dat er oan de Jemenitysk autoriteiten fersocht hat it tastel net mear fuortgean te litten.
Doe't Schumann wer yn it tastel kaam, stie er each yn each mei de wredens fan Mahmoud. Dy liet him tusken de passazjiers knibbelje en skeat him dêrnei dea, sûnder him in kâns te jaan om syn ôfwêzigens út te lizzen. Om 02.02 oere, nei't it tastel bytankt wie, gie it tastel omheech om ûnder lieding fan Jürgen Vietor nei de Somalyske haadstêd Mogadisjû te fleanen.
Mogadisjû
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om healwei sânen moarns lokale tiid lâne de "Landshut" ûnoankundige yn Mogadisjû. Vietor waard ferteld dat er it fleantúch ferlitte mocht, de kapers soene Mogadisjû net mear ferlitte. Schumans lichem waard út it fleantúch goait en de kapers stelden in ultimatum yn foar it frijlitten fan de RAF-leden; dit moast 4 oere middeis bard wêze, oars soene de kapers it fleantúch opblaze. De hannen fan'e passazjiers waarden bûn mei linnen fan hoazzen en sa. Dêrnei waarden de passazjiers oergetten mei alkohol, sadat se better brâne soene.
De tiid krong en einlings lieten de ûnderhannelers fan har hearre: it regear soe oan alle easken foldwaan en de RAF-leden nei Mogadishu bringe, mar dêr wie mear tiid foar nedich. De kapers foldiene oan it fersyk en ferlinge it ultimatum oant 18 oktober om 02.30 oere lokale tiid. Underwilens wie ek it tastel fan de GSG 9 lâne en wie Wischnewski begûn te ûnderhanneljen mei it Somalyske steatshaad Siad Barre dy't de Dútsers tastimming joech foar it bestoarmjen fan de "Landshut".

Operaasje Feuerzauber
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 12 oere middeis pleatslike tiid hiene kolonel Ulrich Wegener en syn majoar Klaus Blatte harren oanfalsplan ôfrûne. Der waard besletten om 02.00 oere it tastel fan achteren te benaderjen, yn syn deade hoeke. Dêrnei soene seis teams, gebrûkmeitsjend fan swartferve ljedders, it tastel fia alle beskikbere yngongen ynkringe. Yn it foar moasten de kapers ôflaat wurde troch it Somalyske leger en de toer.
In pear minuten foar de bestoarming ûntstutsen de Somalyske troepen in grut fjoer op 'e lâningsbaan. Twa kapers giene dêrop nei de cockpit, dêr't de ferkearstoer harren ôflate mei sabeare ûnderhannelingen. Dêrtroch wiene dy kapers al isolearre fan de gizelen, wat de operaasje makliker makke.
Underwilens wiene de GSG 9-kommando's fia de efterkant by it tastel arrivearre en om 02.07 oere iepenen se de doarren en stoarmen fan alle kanten tagelyk it fleantúch yn. In kaapster (Shanaz Holun) dy't de doar besocht te barrikadearjen waard fuortendaliks deasketten. Yn it dêrop folgjende fjoergefjocht kaam ek Riza Abbasi om it libben. Soraya Ansari flechte nei de achterkant fan it fleantúch en sleat himsels op yn it húske. Se rekke swierferwûne mar úteinlik oerlibbe se. Twa minuten nei it begjin fan de oanfal wie de fleantúchkabine yn hannen fan de GSG 9 en waarden de passazjiers evakuearre. Op dat stuit begûn de striid om de cockpit. De lieder fan de terroristen smiet twa hângranaten nei de GSG 9-kommando's. Dy kamen ûnder fleantúchstuollen ta ûntploffing en rjochten fierder net in protte skea oan. De terroristenlieder waard dêrnei as fjirde en lêste terrorist útskeakele. Hy waard yn de holle rekke troch Ulrich Wegener en ferstoar letter oan syn ferwûnings. Alve minuten nei it begjin fan de GSG 9-yntervinsje wie it fleantúch folslein yn hannen fan de kommando's sûnder fierdere ferliezen.
Neisleep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fjouwer oeren nei it beëinigjen fan de gizeling waarden de gizelen tegearre mei de kommando's nei Dútslân flein, dêr't se as helden ûnthelle waarden. Alle kommando's krigen in hege Dútske ûnderskieding en it Dútske regear waard priizge om har optreden. It Dútske regear besleat om nei de krisis nea wer ûnderhannelje te sillen mei terroristen.
Dochs wie it geweld noch net ta ein: in pear oeren letter waarden RAF-leden Gudrun Ensslin, Andreas Baader en Jan-Carl Raspe dea oantroffen yn harren sellen yn de finzenis. De oare deis waard Hanns Martin Schleyer dea yn in parkearre auto oantroffen yn it Frânske Mulhouse.
It fleantúch nei de kaping
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lufthansa hie de Boeing 737 -200 mei searjenûmer 20254 en registraasjenûmer D-ABCE begjin 1970 yn tsjinst naam ûnder de namme "Landshut". Nei de bestoarming fan it fleantúch yn Mogadisjû waard it wersteld en bleau it oant 1985 yn tsjinst by Lufthansa. Dêrnei waard it troch seis oare maatskippijen ynset foar passazjier - en frachtferfier.
As lêste fleach it fleantúch fan 2002 oant jannewaris 2008 as PT-MTB by de Braziliaanske TAF Linhas Aéreas, dy’t it úteinlik nei 38 jier tsjinst en likernôch 60.000 flechten út tsjinst naam en te keap oanbea. It fleantúch, dat no net mear fleane koe, waard parkearre op in ôfsletten fleanfjild yn Fortaleza.
Yn maaie 2017 kocht it Dútske regear it fleantúch foar de sloopwearde fan sa'n 20.000 euro. Op 23 septimber 2017 brochten twa transportfleantugen fan Volga-Dnepr Airlines in Antonov An-124 de romp en de wjukken en in Iljoesjin Il-76 de stuollen en oare ûnderdielen. de "Landshut" werom nei Dútslân. De twa fleantugen lânen op de Flughafen Friedrichshafen. Yn de simmer fan 2024 ferhuze de masine úteinlik nei hal Q fan de lofthaven, it is it doel dat it fleantúch úteinlik brûkt wurde sil as in tentoanstellingsromte oer de kaping.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
