Springe nei ynhâld

Ludwig Reichenbach

Ut Wikipedy
Heinrich Gottlieb Ludwig Reichenbachklasse=skin-invert-image

Heinrich Gottlieb Ludwig Reichenbach (Leipzig, 8 jannewaris 1793Dresden, 17 maart 1879) wie in Dútske natuerûndersiker (soölooch en botanikus). Yn de wittenskiplike literatuer wurdt syn namme ôfkoarte ta Rchb.

Hy wie de soan fan Johann Friedrich Jakob Reichenbach, konrektor oan de Thomasschule yn Leipzig en skriuwer fan it yn 1818 ferskynde earste Gryksk-Dútsk wurdboek. Ek syn eigen soan Heinrich Gustav Reichenbach wie botanikus, dy't him talei op it ûndersykjen fan orchideeën.

Reichenbach studearre yn 1810 ôf yn de genêskunde en de natuerlike histoarje oan de Universiteit Leipzig, dêr't er yn 1815 ta doktor yn de natuerwittenskippen en yn 1817 ta doktor yn de genêskunde promovearre.

Hy krige yn 1818 it rjocht om te dosearjen en waard yn itselde jier bûtengewoan heechlearaar. Yn 1820 waard er gewoan heechlearaar yn de natuerlike histoarje oan de fakulteit fan'e genêskunde yn Dresden. Reichenbach wie dêr oant 1862 wurksum. Hy wie tagelyk ek direkteur fan it 'soölogysk museum' (Museum für Tierkunde) yn de Zwinger. Dêrneist late er de troch himsels yn 'e mande mei Carl Adolph Terscheck (1782–1869) en dy syn broer Johann Gottfried Terscheck (1784–1870) oprjochte botanyske tún (Botanischer Garten der Technischen Universität Dresden).

Wurk en neilittenskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reichenbach wie fan 1836 oant 1866 foarsitter fan "Isis" (Naturwissenschaftliche Gesellschaft ISIS Dresden), it meast renommearre natuerwittenskiplik selskip yn Dresden. Yn 1834 waard op syn inisjatyf de Reizgjender Tierschutzverein(feriening ta beskerming fan de bisten) oprjochte dy't krekt as Isis' noch hieltyd bestiet.

Reichenbach makke him fertsjinstlik yn de wittenskip fan de floara en de fauna yn syn searje publikaasjes. Hy stribbe in natuerlike yndieling fan de soarten nei. Yn 1828 rjochte er it selskip foar botany en túnbou "Flora" op wêryn't hy oant 1843 as bestjoerder aktyf wie.

Ta syn bekendste wurken heart syn Vollständige Naturgeschichte der Säugetiere und Vögel ('folsleine natuerlike histoarje fan de sûchdieren en fûgels'). Sawol syn botanyske as soölogyske wurken binne yllustrearre mei kwalitatyf goede ôfbyldingen, dy't foar in part troch him sels tekene waarden.

Hy beskreau 115 fûgelgeslachten, 14 fûgelsoarten en 30 ûndersoarten. [1] As earbetoan is de wittenskiplike namme fan it donkersporich boskfioeltsje (Viola reichenbachiana Jord. ex Bor.) nei him ferneamd.

  • Flora germanica excursoria (1830–32, 2 dielen)
  • Flora exotica (1834–36)
  • Flora germanica exsiccata (1830–45)
  • Übersicht des Gewächsreichs und seiner natürlichen Entwickelungsstufen (1828)
  • Handbuch des natürlichen Pflanzensystems (1837)
  • Das Herbarienbuch (1841)
  • Abbildung und Beschreibung der für Gartenkultur empfehlenswerten Gewächse (1821–26, mei 96 ôfbylden)
  • Monographia generis Aconiti (1820, 10 plaatsjes)
  • Illustratio specierum Aconiti generis (1823–27, mei 27 ôfbylden)
  • Iconographia botanica s. plantae criticae (1823-1832, 1000 ôfbylden)
  • Iconographia botanica exotica (1827–30)
  • Regnum animale (1834–36, mei 79 ôfbylden)
  • Deutschlands Fauna (1842, 2 dielen)
  • Vollständigste Naturgeschichte des In- und Auslandes (1845–54, 2 seksjes yn 9 dielen, mei goed 1000 ôfbylden)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Gill, F, D Donsker, and P Rasmussen (Eds). 2023. IOC World Bird List (v 13.2). https://www.worldbirdnames.org