Springe nei ynhâld

Lucien Gaudin

Ut Wikipedy
Lucien Gaudin
sporter
Lucien Gaudin (1912)
Lucien Gaudin (1912)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeLucien Alphonse Paul Gaudin
nasjonaliteit Frânsk
bertedatum27 septimber 1886
berteplakArras
stjerdatum23 septimber 1934
stjerplakParys
sportive ynformaasje
sportSkermjen
ûnderdielDegen,
Floret
O.S.Antwerpen 1920,
Parys 1924,
Amsterdam 1928
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 4x Olympyske Spullen 1924, 1928
Sulver grut sulver 2x Olympyske Spullen 1920, 1928

Lucien Alphonse Paul Gaudin (Arras, 27 septimber 1886 - Parys, 23 septimber 1934) wie in Frânsk skermer.

Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1920, 1924 en 1928). Hy waard yn Parys Olympysk kampioen mei it Frânske degen en floret team, fjouwer jier letter yn Amsterdam waard hy yndividueel Olympysk kampioen mei de degen en de floret, mei it Frânsk floret team wûn hy yn Amsterdam ek noch in sulveren medalje.

Gaudin wie nei syn sportkarriêre wurksum as sjoernalist en wie mei-eigner fan Les Films Sportifs.
Lucien Gaudin die himsels op 23 septimber 1934, yn 'e âldens fan 47 jier tekoart, nei't syn bedriuw fallyt gien wie.


Boarnen, noaten en/as referinsjes: