Lubentiuskirche (Dietkirchen)

Ut Wikipedy
Lubentiustsjerke
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Hessen
gemeente Limburch oan de Lahn
plak Dietkirchen
koördinaten 50° 24' N 8° 5' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Limburch
patroanhillige Lubentius
Arsjitektuer
boujier 11e-12e iuw
boustyl romaansk, iergoatysk
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
www.pfarrei-deutschland.de (Dietkirchen)
Kaart
Lubentiuskirche (Hessen)
Lubentiuskirche

De St.-Lubentiuskirche (Sint-Lubentiustsjerke) is in tsjerke yn it Dútske plak Dietkirchen, in Stadtteil fan 'e Hessyske gemeente Limburch oan de Lahn. De eardere stiftstsjerke stiet op in hege rots fuort oan 'e rivier de Lahn. Yn 'e tsjerke wurde de reliken fan 'e hillige Lubentius bewarre, itjinge de tsjerke in heech oansjen joech. It stift gie op de 9e iuw werom, mar waard mei de sekularisaasje opheft. Hjoeddedei is de tsjerke in roomske parochytsjerke, de súdeastlike Dreifaltigkeitskapelle (Kapel fan 'e Trijefâldichheid) wurdt troch de protestânske gemeente brûkt.

It bouwurk is in romaanske basilyk mei in dwersskip en in gevel mei dûbele tuorren.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grûnplan fan de Lubentiustsjerke.

De tsjerke hat in ynrjochting, dy't benammen út 18e iuwske keunstwurken bestiet. It Marienaltar (Marije-alter) yn 'e apsis fan it noardlike dwersskip is fan 1758. It Petrusalter oan 'e eastlike muorre fan it súdlike dwersskip waard yn 1760 boud.

It houten krús oan 'e muorre fan it middenskip nei de krusing datearret út de 19e iuw.

Yn it súdlike sydskip is in swartmoarmeren epitaaf út 1702 fan 'e dekaan Johann Leonidas Schlüpgen. Rjochts dêrnjonken hinget it epitaaf foar Emmerich Friedrich de Fabre út 1719, dat fan swart en wyt moarmer makke waard. Yn it folgjende travee rjochting it westen hingje acht staasjes fan de krúswei út 1974. Yn in nis fan 'e bûtenmuorre is in byld fan in piëta te sjen.

It renêssânse epitaaf yn it eastlike diel fan it noardlike sydskip waard yn 1550 foar de ridder Philipp fan Dehrn oprjochte. Dêrnjonken hingje trije izeren foetringen. Neffens de oerlefering soe de ridder Dietrich fan Dehrn de foetringen út tankberens oan 'e tsjerke jûn ha, nei't dy út Turkske finzenskip befrijd waard. De krúsigingsgroep yn it folgjende travee yn westlike rjochting is in wurk út 1699. Njonken it yngongsportaal hinget in houten byld fan Jakobus de Aldere. Oan 'e oare kant fan 'e doar stiet it basalten doopfont út de 13e iuw, it houten deksel fan it doopfont datearret út 1600.

Kapellen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Relykbúste yn de Lubentiuskapel.

Lubentiuskapelle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e westlike muorre fan it noardlike sydskip is de yngong nei de Lubentiuskapel. Under it alter is in stiennen sarkofaach, wêryn't nei alle gedachten yn 'e 9e iuw it bonkerak fan 'e hillige Lubentius ((berne ± 300; ferstoarn ± 370 yn Kobern) nei Dietkirchen brocht waard en wêryn't it ek no noch leit. Efter it moderne traaljewurk fan 'e alteropbou is in relikwarium yn 'e foarm fan in búste. Yn 'e holle fan 'e búste wurdt in part fan 'e plasse fan Lubentius bewarre. De holle fan de búste datearret út 1300, it ûnderste diel stamt út 1477.

Dreifaltigkeitskapelle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kapel fan 'e Trijefâldichheid stiet oan 'e súdeastlike kant fan 'e tsjerke en waard om 1370 hinne boud. Efkes foar 1700 waard de kapel yn barokke styl feroare. Ut dy tiid stamt ek it tsjintwurdige alter. Efter it alter is in muorreskilderij dy de "Foarspraak fan Kristus foar it minskdom" as tema hat. Ienris yn 'e moanne wurdt hjir in protestânske tsjinst holden.

Michaëlskapelle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Michaelkapel stiet oan 'e noardeastlike kant fan 'e tsjerke. De kapel waard koart foar it jier 1000 boud. Under de kapel leit in ossuarium. It alter fan 'e kapel is neogoatysk en toant de aartsingel Michael as oerwinner fan 'e duvel. Yn it easten is in lyste apsis, dy't earder tichtmitsele wie en yn 1958 iepenbrutsen waard. Hjirby kamen resten fan midsiuwske muorreskilderingen oan it ljocht.

Bysûnderheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Op har reis troch Europa yn 1985 besochte Mem Teresa de tsjerke om te bidden by it grêf fan Lubentius.
  • Yn it ramt fan in ûndersyk troch de omrop fan 'e Hessischen Rundfunk waard de tsjerke troch it publyk op it tsiende plak fan 'e moaiste tsjerke fan Hessen keazen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: (dú) St. Lubentius (Dietkirchen)