Springe nei ynhâld

Lubbock (Teksas)

Ut Wikipedy
Lubbock
Emblemen
        
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Teksas
County Lubbock County
Sifers
Ynwennertal 263.930 (2022)
Oerflak 351,9 km² (ynkl. wetter)
348,6 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 750,0/ km²
Stêdekloft 328.283 (2022)
Hichte 976 m
Oar
Stifting 1889
Tiidsône UTC –6
Simmertiid UTC –5
Koördinaten 33°35′06″N 101°50′42″W
Offisjele webside
ci.lubbock.tx.us
Kaart
De lizzing fan Lubbock yn Lubbock County en yn Teksas.

Lubbock (útspr.: [ˈlʌbək], likernôch: "lab-b’k") is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Teksas, dy't ta de regio West-Teksas heart. Lubbock is it haadplak fan it omlizzende Lubbock County. De bynamme fan 'e stêd is "Hub City" (de "Asstêd"), in oantsjutting dy't ferwiist nei de spilfunksje dy't Lubbock ferfollet foar in krite fan in grut tal countys wat ekonomy, ûnderwiis en sûnenssoarch oanbelanget. It gebiet om Lubbock hinne is de grutste oaniensletten katoenferbouwende regio yn 'e wrâld. Neffens in offisjele skatting út 2022 hie Lubbock doe 264.000 ynwenners. As stêdekloft, mei alle foarstêden meirekkene, kaam de befolking op 328.000 minsken.

Lubbock en it omlizzende Lubbock County binne ferneamd nei Thomas Saltus Lubbock, in Texas Ranger en de broer fan Francis Lubbock, dy't ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch (18611865) gûverneur fan Teksas wie.

It Buddy and Maria Elena Holly Plaza, ferneamd nei sjonger Buddy Holly en syn frou María Elena. Holly is de bekendste soan fan Lubbock.

Lubbock leit yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Teksas, yn 'e regio West-Teksas, dêr't it nei El Paso it grutste plak is. De stêd leit op 'e Llano Estacado, in plato mei in oerflak fan 83.000 km², dat yn it easten steil ôfrint by de Caprock Escarpment, mei kliffen fan 100 m heech. De Llano Estacado is in ûnderdiel fan 'e súdlike Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Lubbock is it grutste plak op 'e Llano Estacado en wurdt dêrom as de kearn fan dy heechflakte beskôge. De stêd sels hat neffens gegevens fan it Amerikaanske Folkstellingsburo in oerflak fan 351,9 km², wêrfan 348,6 km² út lân en 3,2 km² (oftewol 0,92%) út oerflaktewetter bestiet.

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje troch de blanken waard de krite om Lubbock hinne bewenne troch it Yndiaanske folk fan 'e Komantsjen (Comanche). Om 1867 hinne wie it it hert fan 'e Komantsjearia, it ferskowende domein dat troch de Komantsjen behearske waard. De Llano Estacado bleau yn 'e hannen fan dat folk oant de oerjefte fan 'e lêste frije troep Komantsjen yn 1875.

Yn 1884 waard, rûchwei op it plak dêr't Lubbock no leit, in postkantoar iepene. In kilometer as fjouwer eastlik ûntstie yn 1889 in doarp dat Lubbock hiet, mar tsjintwurdich mei weromwurkjende krêft Old Lubbock neamd wurdt. Yn 1890 ferraande dat mei in oar doarpke, Monterey. Lubbock krige yn 1909 stedsrjochten, en yn datselde jiers waard der in spoar bylâns oanlein.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard yn augustus 1941 10 km bewesten Lubbock de Loftmachtbasis Reese oanlein. (Dy fleanbasis waard yn 1997 opheft en op itselde plak leit no in yndustryterrein.)

De Metro Tower is mei in hichte fan 84 m it heechste gebou fan Lubbock.

Yn augustus 1951 waard in V-foarmige formaasje ljochten boppe de stêd sjoen en fotografearre. Dy "Lubbock Lights" wie ien fan 'e earste grutte UFO-saken en krige gâns omtinken yn 'e Amerikaanske media. In ûndersyk fan 'e Amerikaanske Loftmacht stelde fêst dat it gjin hoax wie, mar woe hawwe dat it gie om itsij "motflinters dy't by nacht fleane" of "wilsters wêrfan't de fearren it ljocht fan 'e nije strjitlantearnen fan Lubbock wjerkeatsten".

Op 11 maaie 1970 waard de stêd troffen troch de Tornado fan Lubbock, in F5-tornado, dy't 26 minsken it libben koste en foar $125 miljoen skea oanrjochte. De Metro Tower (of NTS Tower) yn 'e binnenstêd fan Lubbock, in 84 m heech flatgebou dat doedestiden bekendstie as it Great Plains Life Building, is ynsafier bekend it heechste gebou dat ea in direkte treffer fan in F5-tornado trochstien hat.

It gebiet om Lubbock hinne is de grutste oaniensletten katoenferbouwende regio yn 'e wrâld, dy't foar yrrigaasje hast hielendal ôfhinklik is fan it oppompen fan wetter út 'e Ogallala-akwifer. Dêrtroch wurdt de akwifer (in natuerlik ûndergrûnsk wetterreservoir) útput op in wize dy't op 'e lange termyn ûnhâldber is. In nije piipline út 'e Alan Henrymar moat dêrom 12 miljard liter (12 miljoen ) wetter yn it jier nei Lubbock ta liede. In oar diel fan 'e oplossing moat komme fan wetterbesparring. It is dêrom gjin tafal dat ferskate nije presyzje-yrrigaasjetechniken yn Lubbock ûntwikkele binne.

Njonken lânbou is ek it ûnderwiis in wichtige pylder fan 'e pleatslike ekonomy. It Teksaansk Technologysk Kolleezje (no bekend as Texas Tech) waard yn 1923 yn Lubbock oprjochte. It is neffens it tal studinten rekkene de op fiif nei grutste universiteit fan Teksas. In aparte oplieding medisinen, it Texas Tech University Health Sciences Center, waard yn 1969 iepene. Beide universiteiten hearre no ta it Texas Tech University System, dat yn 1996 oprjochte waard mei syn haadkertier yn Lubbock. De Kristlike Universiteit fan Lubbock (LCU), dy't bestiet sûnt 1957, is ferbûn mei de Tsjerken fan Kristus. Fierders ûnderhâlde sawol it Kolleezje fan 'e Súdlike Flakten (SPC) as de Baptistyske Universiteit fan Wayland njonkenkampussen yn Lubbock.

It haadgebou fan Texas Tech University.

De grutste wurkjouwers fan Lubbock binne Texas Tech, it Covenant Health System (in koepelorganisaasje fan sikehuzen) en it Lubbock Independent School District (in koepelorganisaasje fan middelbere skoallen en basisskoallen).

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2020 hie Lubbock yn 2022 in befolking fan 263.930 minsken. De befolkingstichtens bedroech 750 minsken de km². As stêdekloft, mei alle foarstêden derby, hie Lubbock yn 2022 328.283 ynwenners. De befolkingsûntwikkeling gie yn 'e tweintichste iuw hurd, fan 1.900 ynwenners yn 1910 fia 21.000 yn 1930, 72.000 yn 1950 en 149.000 yn 1970 nei 186.000 yn 1990. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 libbe doe fan 'e befolking fan Lubbock 20,8% ûnder de earmoedegrins, ynkl. 24,5% fan 'e leeftydskategory fan ûnder de 18 jier en 7,3% fan 'e leeftydskategory fan boppe de 65 jier.

De Lubbock High School.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2020 sa: 47,6% blanken; 35,6% Latino's; 9,6% swarten; 3,6% Aziaten; 0,5% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 3,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.

De dominante religy yn Lubbock, dat diel útmakket fan 'e Bibelgurdle, is it kristendom. Anno 2020 wiene de trije grutste kristlike subgroepen yn 'e stêd de baptisten, roomsen en metodisten. De grutste baptistyske denominaasjes binne de Súdlike Baptistekonvinsje (SBC) en de Algemiene Baptistekonvinsje fan Teksas (BGCT). De Roomsk-Katolike Tsjerke is pleatslik organisearre yn it Roomsk-Katolike Aartsbisdom Lubbock. De grutste metodistyske denominaasje is de Feriene Metodistyske Tsjerke (UMC). De mormoanske Tsjerke fan Jezus Kristus fan 'e Hilligen fan 'e Lêste Dagen iepene yn 2002 in mormoanske timpel yn Lubbock, dy't behalven leauwenden út 'e stêd sels ek de hiele Panhandle fan Teksas en it noardeasten fan it oanbuorjende Nij-Meksiko bestrykt. Nei it kristendom wie yn 2020 de islaam de twadde religy fan Lubbock, mei 1,9% fan 'e befolking. Joaden meitsje yn 'e stêd mar 0,1% fan 'e befolking út.

It Lubbock Post Office and Federal Building út 1932 hat in monumintale status.

Berne yn Lubbock

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lubbock hat in steppeklimaat, mei hjitte simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 34,1 °C, en yn jannewaris en desimber, de kâldste moannen, is dat 12,8 °C. Rekôrtemperatueren wiene 45,6 °C op 27 juny 1994 en –27,2 °C op 8 febrewaris 1933. Lubbock kriget jiers trochinoar 466 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 18 sm snie. De stêd hat jiers trochinoar 3.196,6 oeren sinneskyn. Lubbock leit oan 'e súdwestlikste râne fan Tornado Alley, it diel fan 'e legere 48 steaten dat geregeldwei bleatstiet oan tornado's.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.