Lovette (pornografysk aktrise)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lovette
Lovette.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Renee M. Paidle
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 27 jannewaris 1973
berteplak South Bend (Indiana)
etnisiteit Flag of Hungary.svg Hongaarsk
Flag of England.svg Ingelsk
Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
Flag of Germany.svg Dútsk
Flag of Poland.svg Poalsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 19952008
offisjele webside
gjint

Lovette, echte namme: Renee M. Paidle (South Bend (Indiana), 27 jannewaris 1973), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Hongaarsk-Ingelsk- Nederlânsk-Dútsk-Poalsk komôf.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lovette is hikke en tein yn it plakje South Bend, yn 'e steat Indiana. Op 'e middelbere skoalle makke se diel út fan it pleatslike cheerleaderstiim. Se koe goed leare, mar hie der net in protte nocht oan, en sette nei in pear jier oan in college studearre te hawwen útein mei te dûnsjen yn stripklubs. Dêr hie se grut súkses mei, en se gie op toernee troch de hiele Feriene Steaten.

Yn 1995, doe't se 22 jier wie, ferfear se nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, dêr't se hope troch te brekken as pornostjer. Letter dat jier makke se har debút yn in pornografyske film, en benammentlik fanwegen har massive 44HH-kup, dy't se krigen hie troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean, waard se frijwol op slach tige populêr. Dêrby gie se de rûgere sênes, mei anale pornografy of dûbele penetraasje net út 'e wei, sa't in protte aktrises út it grutte-boarstesjenre dat wol dogge. Uteinlik spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 272 films.

Fan 2003 ôf wurke se net mear mei oan pornofilms fan 'e fêstige labels, mar konsintrearre se har op persoanlike projekten fan sawol sêfte as hurde pornografy op har eigen webside, wylst se dêrnjonken teffens wurksum bleau as stripper. Se wie lykwols sa populêr dat ferskate fan har âldere films op 'e nij útbrocht waarden. Begjin 2008 kundige se oan dat se har folslein út 'e pornoyndustry weromlûke soe. Yn maart fan dat jier hefte se har webside op.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1997 AVN Award wûn bêste anale sekssêne Sex Freaks
2002 Exotic Dancer Award wûn grutte-boarstestripper fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: