Louwrens Hacquebord
| Louwrens Hacquebord | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 8 july 1947 | |
| berteplak | Dokkum | |
| stoarn | 30 april 2026 (78 jier) | |
| stjerplak | Haren (Grinslân) | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| berop/amt | Geograaf, archeolooch, heechlearaar | |
| reden bekendheid | Poalûndersiker | |
Louwrens Hacquebord (Dokkum, 8 july 1947 - Haren, 30 april 2026) [1] wie in Nederlânske archeolooch, geograaf en heechlearaar. Hy sette it Nederlânske poalûndersyk op 'e kaart.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Louwrens Hacquebord komt út in ûndernimmersfamylje út Dokkum. Hy studearre geografy en archeology, begûn as ûndersiker yn Maly. Hy wie in leafhawwer fan woaste en ûnherberchsume gebieten. Yn tsjinst fan it Arctisch Centrum, yn 1970 oprjochte oan de Ryksuniversiteit Grins, koe er fan de santiger jierren ôf syn hert ophelje. Hy late bygelyks de opgravings nei it Nederlânske walfiskfardersdoarp 'Smeerenburch' op Spitsbergen dêr't de manlju fan de Noardske Kompanjy walfisken ferwurken en mocht fan de Russyske autoriteiten as earste Nederlanner ûndersyk dwaan nei it Behouden Huys op Nova Zembla.
De ûndersikers fan it projekt fûnen tal fan artefakten, dêr't guon fan bewarre bleaun binne yn it Ryksmuseum Amsterdam as de Smeerenburg Kolleksje. Op 19 novimber 2005 waarden dielen fan 'e kolleksje oerdroegen oan it Noarske Ministearje fan Kultureel Erfgoed yn Oslo. Yn 2005 waard besletten dat in part dêrfan tentoansteld wurde soe yn it Svalbard Museum yn Longyearbyen.
Oan 'e ein fan syn karriêre ûndersocht er de poalgebieten as wingewest, en de geopolitike en ekologyske gefolgen dêrfan. Yn 2013 naam Hacquebord mei tsjinsin ôfskied fan it Arctisch Centrum. Nei syn emeritaat publisearre er boeken oer de walfiskfeart fan de Noardske Kompanjy en oer de skiednis fan de poalgebieten. [2]
Hacquebord waard yn 2012 beneamd ta Offisier yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau. [3]
Wittenskiplike publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kar-út: [4]
- Hacquebord, L., 2004. Dutch Cultural heritage in the Arctic. In: Susan Barr & Paul Chaplin (ed.), Cultural Heritage in the Arctic and Antarctic Regions. Oslo, ICOMOS, Monuments and Sites. 73-78.
- Hacquebord, L., 2004. The Jan Mayen Whaling Industry. Its Exploitation of the Greenland Right Whale and its Impact on the marine Ecosystem. In: S. Skreslet (ed.), Jan Mayen in Scientific Focus. Amsterdam, Kluwer Academic Publishers. 229-238.
- Hacquebord, L., F. Steenhuisen & H.J. Waterbolk, 2004. English and Dutch Whaling Trade and Whaling Stations in Spitsbergen ( Svalbard) before 1660. International Journal of Maritime History XV no. 2, 117-134.
- Hacquebord, 2001. Three Centuries of Whaling and Walrus Hunting in Svalbard and its Impact on the Arctic Ecosystem . Environment and History 7.2, 169-185.
- Hacquebord, L. 2001. An archaeological survey in the Delta of the Northern Dvina in Russia. Circumpolar Journal 16.2, 16-28.
- Węsławski, J.M., L. Hacquebord, L. Stempniewicz & M. Malinga, 2000. Greenland . Whales and walruses in the Svalbard food web before and after exploitation. Oceanologia 42.1, 37-56.
- Hacquebord, L., 1999. The hunting of the Greenland right whale in Svalbard, its interaction with climate and its impact on the marine ecosystem. Polar Research 18:2 [2000], 375-382.
- Louwrens Hacquebord Smeerenburg. Een proefschrift over het verblijf van Nederlandse walvisvaarders op de westkust van Spitsbergen in de 17e eeuw. ISBN 9789070319083
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|