Lourdes
| Lourdes | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| regio | Oksitaanje | |
| departemint | Hautes-Pyréneés | |
| arrondissemint | Argelès-Gazost | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 13.266 (2023)[1] | |
| Oerflak | 36,94 km² | |
| Befolkingsticht. | 359 ynw./km² | |
| Hichte | 343-960 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 65100 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Koördinaten | 43° 05' N 0° 02' W | |
| Offisjele webside | ||
| www.lourdes.fr | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
Lourdes is in stêd en gemeente yn it departemint Hautes-Pyrénées yn Frankryk en it grutste katolike beafeartsplak fan Frankryk. It plak leit yn it suden fan it lân yn 'e útrinners fan 'e bergen fan 'e Pyreneeën en der wenje goed 13.000 minsken (2023).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1858 ferklearre de 14 jier âlde Bernadette Soubirous dat hja tusken 11 febrewaris en 16 july ferskate kearen ferskiningen fan Maria, de mem fan Jezus, sjoen hie yn 'e Grot fan Massabielle.
Yn 1864 waard der in stânbyld oprjochte ta eare fan Us-Leaffrou fan Lourdes op it plak dêr't de ferskiningen barden. Ek waard der in kapel boud dy't al gau te lyts wie. Dy soe letter as krypte tsjinje foar de earste basilyk, de Basilyk fan de Unbesmodzge Untfinzenis. Yn 'e rin fan 'e tiid waarden dêr noch twa basiliken en ferskate oare gebouwen by boud, dy't tsjintwurdich allegearre diel útmeitsje fan it hillichdom fan Us-Leaffrou fan Lourdes.
Bernadette Soubirous gie letter yn it kleaster en waard yn 1933 hillich ferklearre.
Genêzingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e rin fan 'e skiednis hat de Roomsk-Katolike Tsjerke ferskate wûnderbaarlike genezingen erkend. Dêrfoar waard yn 1905 it 'Buro fan de medyske fêststellings' en yn 1947 it 'Ynternasjonaal Medysk Komitee fan Lourdes' oprjochte. Op 11 novimber 2005 waard troch it Fatikaan de 67e offisjele wûnderbaarlike genêzing erkend.
Beafearten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hiele jier troch, mar benammen fan maart oant oktober, komme pylgers út hiel Jeropa, en fan oer de hiele wrâld nei it hillichdom om der te bidden en harren te laavjen oan it saadswetter dêr't heilsume kwaliteiten oan taskreaun wurde.
Foto's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Basilyk fan Lourdes
- Saadswetter
- De grot mei Marije
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
