Springe nei ynhâld

Louis Pierre Vieillot

Ut Wikipedy
Búste fan gips fan Louis-Pierre Vieillot. Byldhouwer net bekend.

Louis Pierre Vieillot (Yvetot, 10 maaie, 1748 Sotterille-lès-Rouen, 24 augustus, 1830) wie in Frânske natuerûndersiker, benammen ornitolooch.

Vieillot waard berne yn Yvetot. Hy fertsjintwurdige de saaklike belangen fan syn famylje yn Saint-Domingue (Haïty) op Hispaniola, mar flechte nei de Feriene Steaten ûnder de Haïtyske opstân dy't nei de Frânske Revolúsje folge.
Yn 1798 kaam er werom nei Frankryk. Ut dokuminten fan oaren docht bliken dat hy op dizze reis syn frou en trije dochters ferlear oan de giele koarts. [1]

Yn 1800 of 1801 krige hy fia freonen in administrative baan by "Bulletin des Lois" wat it him mooglik makke om troch te gean mei syn wittenskiplik wurk oan fûgels, hoewol't hy net genôch middels hie om der in grutte biblioteek op nei te hâlden. Alteast, dat is de ferklearring foar it feit dat er faak nije nammen foar fûgels betocht dy't al earder brûkt wiene. [1]

Mooglik oanboaze troch de tsjinslach yn syn libben, wie Vieillot gjin maklik minske yn'e omgong. Hy fielde him faak miskend wat ek bliken docht út troch him skreaune artikels dêr't er Coenraad Jacob Temminck op bittere wize yn bekritisearre. Der wurdt tocht dat er yn earmoede yn 1830 (neffens ferstjerakten, 1831 neffens Oehser, 1948) ferstoarn is yn Rouen. [1]

Vieillot beskreau 88 fûgelgenera en goed 400 fûgelsoarten. [2] Dit binne benammen fûgelsoarten dy't er tsjinkaam yn de tiid dat er yn de kolleksjes fan it Paryske museum wurke. Hy wie ien fan de earste ornitologen dy't it ferfearjen fan fûgels en harren anatomy bestudearre. [1] Allinnich Carl Linnaeus, Philip Sclater en John Gould wurde beskôge as de autoriteit foar mear soarten.

Vieillots namme komt (as earbetoan) foar yn in tal wittenskiplike fûgelnammen lykas Lybius vieilloti (read-giele burdfûgel), Sphecotheres vieilloti (griiskraachfigfûgel) en Coccyzus vieilloti (Puertorikaanske hagediskoekoek).

  • Histoire naturelle des plus beaux oiseaux chanteurs de la zone torride. Dufour, Parys 1805.
  • Histoire naturelle des oiseaux de l'Amérique septentrionale. Desray, Parys 1807-1808.
  • Analyse d'une nouvelle ornithologie élémentaire. d'Éterville, Parys 1816.
  • Mémoire pour servir à l'histoire des oiseaux d'Europe. Turyn 1816.
  • Ornithologie. Lanoe, Parys 1818.
  • Faune française ou Histoire naturelle, générale et particulière des animaux qui se trouvent en France. Le Vrault & Rapet, Parys, Strasbourg, Brussel, 1820-1830.
  • La galerie des oiseaux du cabinet d'histoire naturelle du jardin du roi. Aillard & Constant-Chantpie, Parys 1822-1825.
  • Ornithologie française ou Histoire naturelle, générale et particulière des oiseaux de France. Pelicier, Parys 1830.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 (in) Oehser, P.H., 1948. Louis Jean Pierre Vieillot. The Auk 65:568-576. full text. Argivearre op 12 oktober 2022.
  2. (in) Gill, F, D Donsker, and P Rasmussen (Eds). 2023. IOC World Bird List (v 13.1). Doi 10.14344/IOC.ML.13.1. https://www.worldbirdnames.org/