Louis Ernest Gustave de Sparre
Louis Ernest Gustave de Sparre (De Haach?Parys, 23 maart 1802 - 6e arrondissement yn Parys, 5 july 1866) [1] [2] wie in Frânske greve, luitenant fan it 2e Rezjimint Ulanen, fûgelyllustrator en amateur-ornitolooch.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sparre wie de soan fan luitenant-generaal Louis Ernest Joseph de Sparre (1780–1845) fan 'e âlde Sweedske aadlike famylje Sparre en Marie de Montholon (1777–1807). [3] Yn 1828 troude er mei Hippolite Louise Gabrielle de Gramont Caderouse (1806–1844). [4] Op 10 juny 1847 troude er fannijs mei Louise Chapelain de Séréville de Crenay (1829–1897), mei wa't er teminsten ien dochter hie mei de namme Brigitte Élisabeth Sidonie Marie (berne 1859).
Oant 1816 tsjinne de Sparre as kornet yn 'e Sweedske Liifgarde. Hy gie doe oer nei it 2e Rezjimint Ulanen, dêr't er yn 1830 weigie.
Op 8 augustus 1829 waard him de Oarder fan Chevalier de la Légion d'honneur takend. Hy waard ek yn 1835 talitten yn de Sweedske Oarder fan it Swurd (Kungliga Svärdsorden). [4]
Yn 1835 wie Gustave de Sparre de earste dy't de Readbuikearn (Lophotriorchis kienerii) en de Wytsturtblauwe Raven (Cyanocorax mystacalis) beskreau en yllustrearre. Beide type-eksimplaren wiene yn 'e kolleksje fan François Victor Masséna. Isidore Geoffroy Saint-Hilaire wurdt faak neamd as de earste beskriuwer fan 'e twa fûgels, wat nei alle gedachten leit oan in flater fan Richard Bowdler Sharpe yn 1867.[5]
- Oantekening fan syn dea yn it 6e arrondissement fan Parys.
- Readbúkdwerchearn (Lophotriorchis kienerii), yllustraasje fan de Sparre (G.S.)
- (Cyanocorax mystacalis), yllustraasje fan De Sparre (G.S.)
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kar-út:
- Pie. Pica. Cuvier. P. à moustache blanches. P. mystacalis. G. S. Yn: Magasin de zoologie, Journal destiné a établir une coorespondance entre les zoologistes de tous les pays, et a leur faciliter les moyens de publier les espèces nouvelles ou peu connus qu’ils possèdent. Band 5, 1835.
- Autour. Astur. Cuvier. A. de Kiener. A. Kienerii. G. S. Yn: Magasin de zoologie, Journal destiné a établir une coorespondance entre les zoologistes de tous les pays, et a leur faciliter les moyens de publier les espèces nouvelles ou peu connus qu’ils possèdent. Band 5, 1835.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Louis Ernest Gustave de Sparre fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
