Springe nei ynhâld

Lonnig

Ut Wikipedy
Lonnig
Sint-Jakobustsjerke
Sint-Jakobustsjerke
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkringMayen-Koblenz
ferbânsgemeenteMaifeld
Sifers
Ynwennertal1.213 (31.12.2024)[1]
Oerflak5,5 km²
Hichte260 m
Oar
Postkoade56295
Koördinaten50°18' N 7°21' E
Offisjele webside
www.lonnig.de
Kaart
Lonnig (Rynlân-Palts)
Lonnig

Lonnig is in plak yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Lonnig leit yn 'e ferbânsgemeente Maifeld.

It meast opfallende bouwurk fan it doarp is de hege toer fan 'e Sint-Jakobustsjerke, dy't yn 'e 13e iuw yn Rynlânske oergongsstyl boud waard. It is in eardere kleastertsjerke fan in hearemitemienskip fan froulju en manlju. Tusken 1119 en 1123 slette de mienskip him by it Augustynske koarhearestift fan Springiersbach oan. De manlike mienskip bleau ynearsten noch yn Lonnig, mar ferhûze yn 1326 lang om let nei Mayen. De hearemyt en lettere abt Liudolf hie ynfloed op Norbertus fan Gennep.

Oan 'e westlike kant slette eartiids in rûne tsjerke oan, ien fan seldsume rûne tsjerken yn it Rynlân. Dy tsjerke baarnde ôf en waard oant yn 'e 19e iuw as stiengroeve brûkt. De arsjitekt Johann Claudius von Lassaulx fergrutte yn 'e 19e iuw it noch besteande travee tusken de (ferneatige) rûne tsjerke en it noch yntakte koer en yntegrearre dat koer yn 'e nijbou. Fan 'e twa tuorren is allinnich de noardlike toer foltôge, wylst in twadde súdlike toer nea foltôge waard.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: