Longdantiger
Longdantiger | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() Restauraasje fan 'e plasse fan 'e Longdantiger. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Panthera zdanskyi | ||||||||||||
Mazák, Christiansen & Kitchener, 2011 | ||||||||||||
útstoarn (fossyl) | ||||||||||||
De Longdantiger (wittenskiplike namme: Panthera zdanskyi) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e grutte katten (Pantherinae) en it skaai fan 'e panters (Panthera). De namme ferwiist nei it fynplak fan it (earste) fossyl, yn noardwestlik Sina, en wiist teffens op in nauwe besibskip oan 'e tiger (Panthera tigris). De Longdantiger libbe yn it Ier Pleistoseen. It is skoan mooglik dat dit bist eins gjin selsstannige soarte wie, mar synonym mei de Aldsineeske tiger (Panthera palaeosinensis).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme 'Longdantiger' ferwiist sawol nei it fynplak fan it fossyl, yn noardwestlik Sina, as nei de nauwe bân fan dit bist mei de tiger (Panthera tigris). It soartspesifike diel fan 'e wittenskiplike namme Panthera zdanskyi is in earbetoan oan 'e Eastenrykske paleöntolooch Otto Zdansky, foar syn krúsjale bydragen út 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw oan 'e stúdzje nei fossile karnivoaren út Sina.

Untdekking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Twa fossile plassen fan 'e Longdantiger waarden yn 2004 opgroeven op 'e skeante fan 'e berch de Longdan, súdlik fan it Autonoom Distrikt Dongxiang yn 'e Sineeske provinsje Gansu. It earst fûne fossyl, it holotype, bestie út in frijwol folsleine plasse mei ûnderkaak en wie de âldste komplete plasse fan in pantersoarte dy't ea fûn wie. It letter ûntdutsen fossyl, it paratype, bestiet út in snút (rostrum) mei foarboppekaaksbonken (praemaxilla) en boppekaaksbonke (maxilla) en in grut diel fan it gebit, en waard oarspronklik taskreaun oan 'e Aldsineeske tiger (Panthera palaeosinensis).
Skaaimerken en datearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op basis fan 'e fossilen is konkludearre dat de Longdantiger in langere en hegere snút hie as de hjoeddeiske grutte katten, mei in plattere boppekant fan 'e kop. De grutte fan 'e plasse wiist derop dat de Longdantiger rûchwei like grut wie as in hjoeddeistige jagûar (Panthera onca). De fossilen datearje út it iere Gelasyn, dat sels it ierste stadium fan it Pleistoseen is, omtrint 2.550.000–2.160.000 jier lyn.
Synonym fan 'e Aldsineeske tiger?
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anno 2025 binne der teminsten trije ûndersiken dien mei as útkomst dat it wierskynlik is dat de Longdantiger in synonym is fan 'e yn 1924 beskreaune Aldsineeske tiger (Panthere palaeosinensis). De foarsleine ferskillen tusken de beide soarten soene neffens de neamde ûndersiken binnen it berik fan fariaasje tusken yndividuën falle.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|