Lolkje Anema
| Lolkje Anema | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 23 desimber 1871 | |
| berteplak | Rie | |
| stoarn | 17 septimber 1953 | |
| stjerplak | De Haach | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| wurksum as | Skilder, tekener | |

Lolkje Anema (Rie, 23 desimber 1871 – De Haach, 17 septimber 1953) wie in Nederlânske keunstskilder en tekener fan Frysk komôf.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lolkje Anema wie in dochter fan lânbouwer Wybe Jans Anema (1838-1913) en Jeltje Klazes Rienks (1839-1909). Se makke stúdzjereizen nei München en Parys.[1] Nei it ferstjerren fan har heit ferhuze hja mei har suster Tietje nei De Haach. Se wenne dêr, mei wat ûnderbrekkings yn Frankryk, oant har dea.
Anema skildere en tekene ûnder oare blomstillevens, berchlânskippen en dúnlânskippen, en makke houtfiken. Se wie lid fan de Skilderresseferiening ODIS, dêr't se ek mei eksposearre. Yn 1913 die se mei oan de tentoanstelling De vrou 1813-1913 yn Amsterdam. Yn 1921 hie se in solotentoanstelling mei blommen en Limburchske lânskippen by Pictura, de Haagsche Courant skreau: "Mej. L. Anema heeft blijkbaar haar schilderwerk rijp genoeg geoordeeld om er een afzonderlijke tentoonstelling van in te richten. Niet ieder zal het daarin met haar eens zijn.[2] Nei in ODIS-eksposysje yn 1937 wie keunstkritikus Cornelis Veth positiver: Nog meer landschappen hebben mij gefrappeerd: in de eerste plaats die van mej. L. Anema, het opmerkelijk spontane bosch, een overtuigende natuurindruk en het andere met de heuvels achter het dal, dat niet minder getuigt van het vermogen om een waarneming eenvoudig-treffend weer te geven.[3] Ek liet se har wurk sjen op de útstalling organisearre troch it Frysk Selskip 'Slucht en Rjucht' yn De Haach by galery Esher Surrey (1919) en de Haagse Kunstkring (1939) [4] njonken ûnder oaren Jeanne Bieruma Oosting, Klaas van Leeuwen, Max Nauta en Roline Wichers Wierdsma, en op in útstalling fan moderne Fryske keunst yn it Frysk Museum yn Ljouwert (1940).
Lolkje Anema stoar yn de âldens fan 81 jier; se waard beïerdige op Oud Eik en Duinen.[5]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|