Logabirum
| Logabirum Stadtteil fan Lier | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1259 (2005) | |
| Oerflak | 7,52 km² | |
| Hichte | 7 m boppe seenivo | |
| Oar | ||
| Postkoade | 26789 | |
| Koördinaten | 53°14' N 7°31' E | |
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Doarpsgebiet Logabirum (read) yn it stedsgebiet fan Lier. | ||
Logabirum is in Stadtteil fan 'e Eastfryske stêd Lier yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp ûntstie op in fan it súdwesten nei it noardeasten rinnende sânrêch. De âldste spoaren fan bewenning binne mar foar in lyts part bewarre bleaun. Fan 'e yn 1895 noch 50 besteande grêfheuvels binne hjoed-de-dei noch mar twa oanwêzich. De grêfheuvels hiene in trochsnit tusken 12 m en 20 m lang en de twa noch besteande grêfheuvels binne yn it Ortsteil Siebenbergen te finen.
Logabirum waard yn 1439 foar it earst as Loghebeerne neamd. Mei de reformaasje waard Logabirum in luthersk doarp. De tsjerke fan it doarp waard ek troch lutheranen út de grifformearde plakken Loga en Lier besocht. Ek de famylje Von Wedel dy't op de Evenburg yn Loga wennen, wiene luthersk.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich wie der in lyts kriichsfinzenenkamp foar likernôch 20 Frânsen. Hja moasten by boeren twangarbeid ferrjochtsje. It doarp kaam fierder sûnder grutte skea troch de oarloch en nei de oarloch setten in soad flechtlingen harren yn it doarp nei wenjen.
Sûnt 1 jannewaris 1973 is Logabirum in Stadtteil fan Lier. Oant dy tiid wie it plak noch agrarysk, mar sûnt de yndieling by de stêd is der in soad boud. Dochs hat Logabirum noch wat fan it doarpske karakter bewarre.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken de út likernôch 1300 datearjende tsjerke fan Logabirum is de stellingmûne út 1895 it besjen wurdich. It is de iennige noch besteande wynmûne yn it stedsgebiet fan Lier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Stedsdielen fan Lier | ||
|---|---|---|
| Bingum • Heisfelde • Hohegaste • Leerort • Lier • Loga • Logabirum • Nettelburg • Nüttermoor | ||
