Loga (Lier)
| Loga Stadtteil fan Lier | ||
| Evenburg | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 8.425 (30 juny 2008) | |
| Hichte | 8 m boppe seenivo | |
| Oar | ||
| Postkoade | 26789 | |
| Koördinaten | 53°14' N 7°29' E | |
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Doarpsgebiet Loga (read) yn it stedsgebiet fan Lier. | ||
Loga is in Stadtteil fan 'e Eastfryske stêd Lier yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen. Loga is ien fan 'e gruttere Stadtteilen fan Lier en leit oan 'e rivieren de Leda en de Jümme. Oarspronklik wie it in selsstannich doarp mei in doarpskearn súd fan 'e haadstrjitte, dêr't in luthersk en in protestantsk-grifformeard tsjerkegebou stiet.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Loga waard yn it jier 930 as ien fan 'e besittingen fan it kleaster fan Werden neamd. Yn 1430 sletten de Eastfryske haadlingen yn Loga it frijheidsbûn fan 'e Sân Eastfryslannen tsjin it bewâld fan Fokko Ukena.
Greve Ulrik II fan East-Fryslân joech yn 1642 de hearlikheid Loga yn lien oan 'e oerste Erhard von Ehrentreuter, dêr't ek Logabirum ûnder foel. De greve hie by de oerste nammentlik skulden, dy't er net werom betelje koe. De oerste liet der in slot bouwe, dat er nei syn frou Eva von Ungnad Evenburg neamde. Letter waard har skoansoan frijhear Gustaaf Willem fan Wedel mei de hearlikheid beliend. Filip fan Wedel boude yn 1730 it slot de Philipsburg.
Yn 1968 waard Loga by de stêd Lier foege.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Loga steane twa kasstielen, dy't yn opdracht fan 'e greven fan Wedel boud binne. Feitlik binne it slotten, mar yn 'e folksmûle wurde se as kastielen oantsjut. Beide, de Evenburg en de Philippsburg, ha ek in park. Njonken dy twa parken heart ek it 32 hektare grutte Julianenpark ta de histoaryske parken fan Loga, dat ek troch de greven fan Wedel oanlein waard.
Tichteby de Evenburg stiet de protestantsk-grifformearde tsjerke fan Loga mei in toer út 1839, dy't in soad fan in fjoertoer hat. De tsjerke sels waard tsjin 'e ein fan 'e 13e iuw yn romaanske styl boud. De lutherske Friendenskirche is in neogoatyske bouwurk út 1891.
Yn it Ortsteil Wiltshausen is in histoaryske oerset (Pünte) oer de Jümme, dy 't noch jimmeroan mei de hân oer it wetter lutsen wurdt.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lutherske Friedenskirche.
- Prot.-grifformeard tsjerke.
- Philippsburg.
- Evenburg.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Stedsdielen fan Lier | ||
|---|---|---|
| Bingum • Heisfelde • Hohegaste • Leerort • Lier • Loga • Logabirum • Nettelburg • Nüttermoor | ||
