Springe nei ynhâld

Loes van der Laan

Ut Wikipedy
Loes van der Laan
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne11 oktober 1987
berteplakEmmen
wurkpaad
wurksum aswaarfrou
wurksum byRTV Drenthe
jierren aktyf2015 - no

Loes van der Laan (Emmen, 11 oktober 1987) is in Nederlânske presintator en waarfrou by RTV Drenthe.

Van der Laan studearre Kommunikaasje oan de Hânzehegeskolle yn Grins. Foardat se oan it wurk gie by RTV Drenthe wurke Van der Laan by it 'Huus van de Taol' yn Beilen.

Loes van der Laan presintearret sûnt 20 april 2015 it waarberjocht yn it Drintsk op TV Drenthe. It waarberjocht wurdt elke dei troch de wike opnommen op in bysûndere of aktuele lokaasje yn de provinsje Drinte.

Van der Laan helle meardere kearen it lanlike nijs, fanwegen in 'taalstriid' dy't rûnom har ûntstien wie. [1] Drintse sjoggers hâlde út dat de waarfrou net echt Drintsk praat. Neffens Van der Laan sprekt se Feankoloniaals, wat ek ta it Drintsk heart.

It Dagblad van het Noorden publisearre ferskate kearen ynstjoerde brieven fan TV Drinte-sjoggers; sy fine dat Van der Laan net it goede dialekt praat. [2]

It Drintsk fan Loes van der Laan makke safolle los yn de provinsje, dat RTV Drenthe-ferslachjouwer Ronald Oostingh der in Simmerkollum oer makke. .[3] De kollum, yn opdracht fan de NOS, wie de earste simmerkollum makke troch in regionale omrop dy't útstjoerd is troch de NOS.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tongval weervrouw Loes ontketent Drentse taalstrijd Trouw Isabel Baneke, 15 augustus 2015
  2. Over het Drents van Loes van der Laan Woest en Ledig, 20 juny 2015. Argivearre op 8 augustus 2022.
  3. Drenten weten niet meer hoe Drents klinkt NOS.nl Zomercolumn 14 augustus 2015. Argivearre op 3 oktober 2022.