Springe nei ynhâld

Loenderveense Molen

Ut Wikipedy
Loenderveense Molen
mûne / mole
lokaasje
lânflagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
plakLoenen aan de Vecht
adresOud Over 104
koördinaten52°12'N 5°02'E
bysûnderheden
type mûnemuonts
funksjepoldermûne
flecht25,70 / 25,76 m
boujier1652
oare ynformaasje
eignerStifting De Utertske Mûnen
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer26080
Webside
www.utrechtslandschap.nl
Kaart
Loenderveense Molen (Utert)
Loenderveense Molen

De Loenderveense Molen is in poldermûne by Loenen aan de Vecht yn 'e provinsje Utert.

Om't troch beklinking fan it fean in natuerlike wetterloazing fan it polderwetter op 'e Fecht net mear gie, rekke de grûn fan it gebiet sompich. Amsterdamske keaplju kochten de weardeloaze grûn op en lieten in mûne bouwe om it gebiet drûch te meallen en dêrnei as goede lânbougrûn te ferkeapjen. De yn 1652 boude mûne wie eartiids in binnenkruier, itjinge te sjen is oan 'e foarse kape fan 'e mûne. Letter waard de sturt tafoege en it kruirêd yn 'e kape ferwidere.

Yn 1903 moast de mûne tydlik fan 't plak helle wurde foar de fernijing fan 'e fundearring.

Sûnt 1990 is de Stifting De Utertske Mûnen eigner fan 'e mûne, dy't hjoed-de-dei ferbûn is mei It Utertsk Gea. Frijwilligers litte de mûne regelmjittich draaie.

De roeden fan 'e mûne binne hast 26 m lang en ha it fokwjuksysteem mei silen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: