Lodi
| Lodi | ||
| Piazza duomo | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| regio | ||
| provinsje | Lodi | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 45.444 (31.07.2025)[1] | |
| Oerflak | 41,38 km² | |
| Befolkingsticht. | 1.098,21 ynw./km² | |
| Hichte | 87 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 26900 | |
| Koördinaten | 45°19' N 9°30' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.comune.lodi.it | ||
| Kaart | ||
Lodi is in stêd yn it hert fan 'e Italjaanske regio Lombardije. De stêd leit oan 'e rivier de Adda.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak hat in skiednis dy't mear as twa tûzen jier weromgiet. It begjin leit by de Kelten, dy’t hjir wennen foardat de Romeinen de macht oernamen. Under de Romeinen waard de delsetting bekend as Laus Pompeia. It waard in Romeinske civitas, in stêd mei eigen rjochten. Laus Pompeia lei tige strategysk: op it krúspunt fan wegen nei ûnder oaren Mediolanum (it hjoeddeiske Milaan). Dêrtroch bloeide de stêd út ta in regionaal sintrum.

Dy bloei einige hookstrooks yn 'e midsiuwen doe’t de âlde stêd yn 1111 troch de Milanezen nei in lange belegering ferneatige waard. It soe oant 1158 duorje foardat keizer Freark I Barbarossa in nije stêd stifte, in pear kilometer fierderop. Dat wie it begjin fan it hjoeddeiske Lodi. De nije stêd waard ommuorre en waard al gau in selsstannige gemeente, lykas safolle Noarditaljaanske stêden yn dy tiid. Mar de frijheid duorre net lang mei't Lodi ûnder de ynfloed fan it machtige hartochdom Milaan, earst ûnder de Visconti's en letter ûnder de Sforza's kaam.
Yn 'e tiid fan 'e renêssânse fûnen wichtige histoaryske barrens plak yn Lodi. Yn 1413 rôpen de tsjinpaus Jehannes XXIII en keizer Sigismund it Konsily fan Konstanz byinoar fanút de katedraal fan Lodi, wat letter it Westersk Skisma oplosse soe. Yn dy tiid waard op 9 april 1454 ek de Frede fan Lodi sletten, in akkoart tusken Milaan en Feneesje dat in ein makke oan jierren fan oarloch en fjirtich jier politike stabiliteit garandearre. Dy relative stabiliteit yn it lân makke de wei frij foar de renêssânse.

Lykas safolle Lombardyske stêden kaam Lodi efterinoar ûnder Spaanske, Eastenrykske en Frânske hearskippij. Op 10 maaie 1796 fersloech Napoleon Bonaparte by Lodi de Eastenrykske troepen. Dat wie ien fan syn earste grutte oerwinningen en neffens de leginde joech it him it fertrouwen dat er nedich hie om syn politike ambysjes fierder út te bouwen.
Yn 'e 19e iuw brocht de yndustriële tiid nije kânsen. Mei de iepening fan de spoarline Milaan–Piacenza yn 1861 groeide de stêd as hannels- en produksjesintrum. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard Lodi in rêstige, mar ekonomysk libbene stêd mei in sterke agraryske sektor. In 1992 krige waard de stêd de haadstêd fan 'e provinsje Lodi, dy't losmakke waard fan Milaan.
Hjoed-de-dei stiet Lodi net allinnich bekend om syn skildereftige sintrum mei de grutte katedraal en de Piazza della Vittoria, mar ek om syn bydrage oan 'e moderne wittenskip en lânbou. Yn it Parco Tecnologico Padano, in sintrum foar agrobiotechnologysk ûndersyk, wurdt wurke oan 'e takomst fan it Italjaanske plattelân.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mei de bou fan 'e domtsjerke fan Lodi waard yn 1158 útein set, fuort nei de stifting fan 'e nije stêd troch keizer Barbarossa. It is ien fan 'e grutste katedralen fan Lombardije mei 14e- en 15e-iuwske fresko's.
- It Piazza della Vittoria (foarhinne Piazza Maggiore) is in plein mei in folsleine ring fan bôgegongen.
- It Brognioli-Timpini Paleis (Palazzo Broletto/Palazzo del Comune) datearret fan 'e 13e iuw en hat in bakstiennen gevel yn 'e Lombardyske gotyk. Oarspronklik de sit fan it gemeentebestjoer, mar hjoed-de-dei tsjinnet it kulturele en seremoniele doelen. De grutte iepen bôgen ûnder it paleis waarden eartiids brûkt as merk.

- De Tempio Civico della Beata Vergine Incoronata is in roomske tsjerke út de jierren 1488-1500 en ien fan 'e masterwurken fan 'e Lombardyske renêssânse. It is ûntwurpen troch Giovanni Battagio, in learling fan Bramante. De tsjerke sit grôtfol mei fresko's, moarmer en ferguld fykwurk.
- It Castello Visconteo (It Kastiel fan 'e Visconti’s) waard om 1370 hinne troch Bernabò Visconti boud as in ûnderdiel fan it ferdigeningssysteem fan Lodi en waard yn 'e rin fan 'e iuwen meardere kearen oanpast. Tsjintwurdich wurdt it brûkt foar kulturele aktiviteiten en eksposysjes.
- De goatyske San Francescotsjerke waard tusken 1280-1307 as in Fransiskaansker kleastertsjerke boud en besit in rige fresko's út de 14e iuw.
- De Brêge fan Lodi (Ponte sull'Adda) oer de rivier de Adda waard nei de Slach by Lody yn 1796 fernijd. It is it plak dêr't Napoleon de Eastenrykske troepen fersloech. In tinkstien markearret it plak.
- De Santa Maria delle Grazie is in 16e-iuwsk tsjerkegebou mei fresko's fan Lombardyske masters.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
