Springe nei ynhâld

Loaihoarskatten

Ut Wikipedy
loaihoarskatten
Fan loftsboppen ôf mei de klok mei: de Bingaalske loaihoarskat (P. bengalensis), de Sûndaloaihoarskat (P. javanensis), de platkopkat (P. planiceps) en de fiskjende kat (P. viverrinus).
Fan loftsboppen ôf mei de klok mei: de Bingaalske loaihoarskat (P. bengalensis), de Sûndaloaihoarskat (P. javanensis), de platkopkat (P. planiceps) en de fiskjende kat (P. viverrinus).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift:katdieren (Feliformia)
famylje:kateftigen (Felidae)
ûnderfamylje:lytse katten (Felinae)
skaai:loaihoarskatten (Prionailurus)
Severtsov, 1858
Ferspriedingsgebiet
Fan loftsboppen ôf mei de klok mei: de Bingaalske loaihoarskat (P. bengalensis), de Sûndaloaihoarskat (P. javanensis), de platkopkat (P. planiceps) en de fiskjende kat (P. viverrinus).
De fersprieding fan 'e ûnderskate soarten út dit skaai.

De loaihoarskatten (wittenskiplike namme: Prionailurus), soms ek wol oantsjut as de tigerkatten, foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae). Ta dit skaai hearre fiif soarten lytse kateftigen, dy't lânseigen binne yn Súdeast-, Súd- en East-Aazje.

De yntroduksje fan it skaai fan 'e loaihoarskatten waard yn 1858 foarsteld troch de Russyske ûntdekkingsreizger en soölooch Nikolaj Severtsov. Dat útstel krige earst net folle neifolging, mar de jildigens fan it skaai waard yn 1917 erkend troch de Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock. Dyselde pleatste de Bingaalske loaihoarskat (Prionailurus bengalensis), de fiskjende kat (Prionailurus viverrinus) en de roastkat (Prionailurus rubiginosus) yn it skaai. De yndieling fan Pocock genietet tsjintwurdich algemiene erkenning, hoewol't der no fiif ynstee fan trije soarten yn it skaai pleatst wurde.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme fan 'e loaihoarskatten hat in ferwizing nei it loaihoars (Panthera pardus), om't de pels fan dizze bisten, krekt as dy fan it loaihoars, spikkelbûnt is mei swarte plakjes op in gielige (of bêzje of readbrune) ûndergrûn. De spikkels binne gauris lansetfoarmich, soms rozetfoarmich, en rinne út en troch gear ta horizontale stringen, mar ferrane nea ta de fertikale streken, lykas by de tiger (Panthera tigris) of by guon soarten wylde katten (Felis). De plassen fan loaihoarskatten binne platter en minder rûn as dy fan wylde katten, mei in koartere snút en gruttere eachholten.

Biotoop en libbenswize

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oangeande biotoop jouwe loaihoarskatten de foarkar oan wâlden, wat foar de measte soarten delkomt op tropysk reinwâld. Inkeld de Bingaalske loaihoarskat (Prionailurus bengalensis) komt (ek) yn drûgere en kâldere streken foar. It binne karnivoaren, dy't lytse sûchdieren, reptilen en fûgels as proai nimme, en, yn it gefal fan 'e fiskjende kat (Prionailurus viverrinus), ek fisken.

Der is ien fossile soarte bekend: Kurténs loaihoarskat (Prionailurus kurteni) út it Pleistoseen fan Sina.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.