Springe nei ynhâld

Loaihoars

Ut Wikipedy
loaihoars
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje kateftigen (Felidae)
skaai panters (Panthera)
soarte
Panthera pardus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet
     Hjoeddeistige fersprieding
     Histoaryske fersprieding
     Prehistoaryske fersprieding

It loaihoars of de panter (wittenskiplike namme: Panthera pardus) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e grutte katten (Pantherinae) en it skaai fan 'e panters (Panthera). In wyfke is in loaihoarsinne of panterinne, en in jong is welp. Dizze soarte komt foar yn grutte dielen fan Afrika besuden de Sahara en fan West-, Súd-, Súdeast- en East-Aazje. Histoarysk libbe dit bist ek yn dielen fan Noard-Afrika. Yn Jeropa stoar it út oan it begjin fan it Holoseen (11.700 jier lyn).

It loaihoars is in grutte, krêftige en tige gefaarlike karnivoar mei in treflike skutkleur. Dy bestiet út in spikkelbûnte pels belein mei swarte plakjes dy't groepearre binne yn rozetten op in bleek giele oant gouden grûnkleur. Dit bist hat him oanpast oan it bestean yn in ferskaat oan biotopen, fan it tropysk reinwâld oant de taiga en fan berchtmen oant de steppe. Loaihoarsen libje solitêr en binne benammentlik by nacht aktyf. De wichtichste bedrigings foar dizze soarte binne habitatferlies, habitatfragmintearring, streuperij en konflikten mei minsken. De IUCN klassifisearret it loaihoars as kwetsber, it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid.

It Fryske wurd "loaihoars" is in lienfertaling fan it Nederlânske luipaard. "Hoars" (mei in stomme r, rymt op "noas") is in âlde oantsjutting foar "hynder"; ferlykje it Ingelske horse. It Nederlânske luipaard is in ferbastering fan it Aldfrânske leupart of mooglik it Midfrânske liepart, beide ôfkomstich fan it Latynske leopardus. Dat giet sels wer werom op it Aldgrykske λέοπάρδος, leopardos. Dat wurd is in gearstalling fan λέων, leōn, dat "liuw" betsjut, en πάρδος, pardos, dat "spikkelbûnt" betsjut, mei-inoar dus "spikkelbûnte liuw". Oarspronklik wie leopardos yn it Aldgryksk net de beneaming foar it loaihoars, mar foar it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus). De oare oantsjutting foar dit bist, "panter", komt fan it Latynske panther, dat ek wer tebekgiet op in Aldgryksk wurd, πάνθηρ, pánthēr, mei deselde betsjutting as yn it Frysk.

It loaihoars waard foar it earst yn 1758 wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus foar syn Systema Naturæ. Hy parte it bist de wittenskiplike namme Felis pardus ta. Tsjintwurdich is Felis it skaai fan 'e wylde katten, mar oarspronklik waarden alle kateftigen dêryn gearbrocht. De Dútske biolooch Lorenz Oken wie yn 1816 de earste dy't it loaihoars (mei alle oare spikkelbûnte kateftigen) yn it skaai fan 'e panters (Panthera) pleatste. Dy yndieling krige doedestiden net folle neifolging, en sadwaande behold it loaihoars foar it meastepart oant yn 'e iere tweintichste iuw de wittenskiplike namme Felis pardus, of soms Leopardus pardus.

In loaihoars op stap yn it Nasjonaal Park Kruger yn Súd-Afrika.

Yn 1902 waard it loaihoars as typesoarte foar it skaai fan 'e panters keazen troch de Amerikaanske biolooch Joel Asaph Allen. It wie de Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock dy't yn 1917 it skaai fan 'e panters gearstalde sa't dat no noch fierhinne bestiet, mei as libbene soarten it loaihoars, de liuw (Panthera leo), de tiger (Panthera tigris) en de jagûar (Panthera onca). Oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw is dêr op basis fan DNA-ûndersyk it snieloaihoars (Panthera uncia) noch oan tafoege. Op dy manear krige it loaihoars syn hjoeddeistige wittenskiplike namme, Panthera pardus, dat letterlik "spikkelbûnte panter" betsjut.

Undersyk nei it nukleêr DNA en it mitogondriaal DNA fan 'e soarten út it skaai fan 'e panters hat útwiisd dat it loaihoars him omtrint 4.350.000 jier lyn fan 'e oare soarten ôfspjalte. Binnen de it panterskaai is it loaihoars it naust besibbe mei in klade dy't sawol de liuw (Panthera leo) as de jagûar (Panthera onca) omfettet, en minder nau mei de tiger (Panthera tigris) en it snieloaihoars (Panthera uncia). Dêr moat by oantekene wurde dat in ûndersyk út 2016 oan it ljocht brocht dat it mitogondriaal genoom fan it loaihoars en de liuw mear op dat fan it snieloaihoars lykje as dat harren nukleêr genoom op dat fan it snieloaihoars liket. Dêrút waard ôflaat dat de foarâlden fan it loaihoars en de liuw (en nei't men oannimme mei ek de jagûar) op in stuit yn harren evolúsje harsels hybridearre hawwe mei de foarâlden fan it snieloaihoars.

Dêr wurdt fan útgien dat de loaihoars-liuwegroep fanôf it Ier Plioseen (likernôch 5 miljoen jier lyn) in grutte fersprieding hie yn Afrika en Aazje. De âldste fossilen dy't ûntsjinstriidber fan it loaihoars binne, komme út East-Afrika en datearje fan likernôch 2 miljoen jier lyn. Ut dy regio wei fersprate it loaihoars him úteinlings oer it hiele Afrikaanske kontinint, en tusken 1,2 miljoen en 600.000 jier lyn wreide er syn fersprieding fia it Midden-Easten út nei Aazje en Jeropa.

It skelet fan in loaihoars.

De fersprieding fan it loaihoars beslacht grutte dielen fan Afrika besuden de Sahara, hoewol't de populaasjes dêr fragmintearre binne en oanhâldend fierder belúnje. Fral yn West-Afrika is it mei dit bist slim yn it neigean rekke troch in ynkrimping fan it areaal dy't 95% berint. Yn Mauretaanje en Togo is it loaihoars lanlik útstoarn en yn Gambia en Lesoto nei alle gedachten ek. Op it eilân Sansibar, dat foar de eastkust fan Tanzania yn 'e Yndyske Oseaan leit, is de pleatslike populaasje (it Sansibarloaihoars) wierskynlik ek útstoarn.

Yn 'e Sahara komt it loaihoars hast hielendal net mear foar, útsein in lytse isolearre populaasje yn it Ahaggarmassyf fan súdlik Algerije. Yn Noard-Afrika, d.w.s. benoarden de Sahara, komt it loaihoars noch foar yn Egypte, dêr't yn 2017 in eksimplaar dea oantroffen waard yn it súdeasten fan it lân. Dat wie de earste kear yn 65 jier dat yn Egypte in loaihoars waarnommen wie. Yn it Atlasberchtme fan 'e Magreblannen Marokko, Algerije en Tuneezje, dêr't it loaihoars histoarysk ek foarkaam, is de pleatslike populaasje, it Barbarijsk loaihoars, no hast hielendal ferdwûn. Inkeld yn 'e wâlden op 'e noarderskeanten fan 'e Hege Atlas yn Marokko komme noch inkele eksimplaren foar.

Yn it Midden-Easten rûn it ferspriedingsgebiet fan it loaihoars oarspronklik alhiel by de kusten fan it Arabysk Skiereilân lâns, mar tsjintwurdich binne der inkeld noch in pear lytse restpopulaasjes oer yn 'e Hidjas fan Saûdy-Araabje, yn it berchlân fan noardlik Jemen en yn Dofar yn súdwestlik Omaan. De pleatslike populaasje op it Sinaïskiereilân, it Sinaïloaihoars, wie sûnt de ein fan 'e 1990-er jierren neat mear fan fernommen oant der yn 2014 in eksimplaar deade waard. Yn 'e Negevwoastyn fan súdlik Israel komt noch in lytse populaasje foar, mar it loaihoars is útstoarn yn 'e Levantlannen Palestina, Jordaanje, Syrje en Libanon en ek yn 'e Golfsteaten Koeweit, Katar, Bachrein en de Feriene Arabyske Emiraten.

In loaihoars yn Yndia klimt yn in beam.

Yn Lyts-Aazje is dit bist tige by tige seldsum en yn 'e Kaukasusregio, dêr't it ferspriedingsgebiet oarspronklik oant djip yn 'e Koeban fan súdlik Ruslân trochrûn, komt er no inkeld noch foar yn eastlik Georgje en noardwestlik Azerbeidzjan. Yn 2007 waard yn súdlik Ruslân úteinset mei in reyntroduksje fan it loaihoars yn it Natoerreservaat De Kaukasus yn it territoarium Krasnodar en it Nasjonaal Park Alaanje yn 'e dielrepublyk Noard-Osseesje. Yn noardlik Irak libbet noch in restpopulaasje. Eastliker komt it loahoars foar yn dielen fan sintraal Iraan, by de súdkust fan 'e Kaspyske See lâns en by de eastkust fan 'e Perzyske Golf lâns oant yn Balûtsjistan. Ek is er noch te finen yn ôfhandige, bercheftige dielen fan Afganistan en de bergen fan 'e Kopet Dag yn súdlik Turkmenistan. Yn súdlik Oezbekistan en Tadzjikistan is er útstoarn.

Op it Yndysk subkontinint komme loaihoarsen noch frij folle foar, hoewol't ek dêre de fersprieding fragmintearre is. Guon loaihoarsepopulaasjes yn Yndia libje tige deun by minsklike delsettings en sels yn gebieten dy't al yn kultuer brocht binne. Trochdat it loaihoars in temûk nachtdier is, binne minsken har faak net bewust fan 'e oanwêzigens fan sokke gefaarlike rôfdieren tichteby harren wenplak. De loaihoarsepopulaasje yn Yndia telde yn 2020 nei skatting 12.000–13.500 eksimplaren, dy't konsintrearre wiene yn 'e berchtmen fan 'e West-Ghats yn it súdwesten en de East-Ghats yn it súdeasten, op 'e Gangetyske Flakte yn it noarden en yn it streamgebiet fan 'e rivier de Brahmaputra yn it noardeasten.

Loaihoarsen libje ek yn Sry Lanka, dat in eilân foar de súdkust fan it Yndysk subkontint is. Dêre besteane konsintraasjes fan 'e bisten yn it Nasjonaal Park Yala en yn oerwâldgebieten sûnder beskerme status.

In loaihoars wasket himsels.

Yn Birma komme loaihoarsen bylâns de westgrins (mei Yndia) foar en yn ferskate oare dielen fan it lân. De oerwâlden fan 'e noardlike Tenasserim, yn it súdeasten, wurdt beskôge as in bolwurk fan dizze bisten. Yn Tailân, Laos, Kambodja en Fjetnam binne de gebieten dêr't it loaihoars noch foarkomt, krap oan it wurden. Yn Tailân giet it fral om 'e krite by de Birmeeske grins lâns en op 'e Lâningte fan Kra yn it noarden fan it skiereilân Malakka. Yn Laos libje se benammen yn it noarden fan it lân en yn Kambodja binne se konsintrearre yn it easten, by de Fjetnameeske grins lâns.

Yn Maleizje komme loaihoarsen op 'e útein fan it skiereilân Malakka noch foar yn it binnenlân, by de kusten wei. Dêr binne se konsintrearre yn trije nasjonale parken: Belum Telengor, Taman Negara en Endau-Rompin. Yn Singapoer is it loaihoars útstoarn. Yn Yndoneezje heart inkeld it grutte eilân Java ta it ferspriedingsgebiet fan dit bist. Dêr komme se foar yn beskerme natoergebieten ferspraat oer it hiele eilân, mar se binne ek waarnommen bûten dy gebieten, yn regio's dy't bestiene út lân dat yn agrarysk gebrûk wie fermongen mei sekundêr wâld en produksjewâld.

Yn East-Aazje kamen loaihoarsen eartiids foar yn hiel súdlik en súdeastlik Sina, oan it súdeasten fan Tibet ta, en teffens yn eastlik en sintraal Sina en it noardeasten fan dat lân oant yn súdlik en eastlik Mantsjoerije. Yn it suden, it easten en de midden fan Sina binne de bisten no tige seldsum en is har ferspriedingsgebiet boppedat slim fragmintearre. Yn Mantsjoerije komme se inkeld noch foar yn in lytse krite by de Russyske grins lâns. Deselde populaasje, fan it Amoerloaihoars (Panthera pardus orientalis), libbet ek oarekant dy grins, yn it súdwesten fan it Kustterritoarium yn it Russyske Fiere Easten fan Sibearje. Amoerloaihoarsen libben foarhinne ek yn 'e Sichote-Alin, fierder nei de kust fan 'e Japanske See ta, mar dêr komme se no frijwol net mear foar. Ek op it Koreaansk Skiereilân binne de bisten útstoarn, sawol yn Noard- as yn Súd-Koreä.

In mantsjesloaihoars yn in beam yn it Nasjonaal Reservaat De Masaï Mara yn Kenia.

Prehistoaryske fersprieding yn Jeropa en East-Aazje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De prehistoaryske fersprieding fan it loaihoars wie grutter as it gebiet dêr't it bist yn 'e dokumintearre skiednis foarkaam. Dat is bleken út 'e fynsten fan ferskate fossilen. Yn Jeropa libbe oant syn útstjerren oan it begjin fan it Holoseen, 11.000 jier lyn, it hoaleloaihoars of Jeropeesk loaihoars (Panthera pardus spelaea), in ûndersoarte fan it loaihoars. Dat bist kaam foar yn it suden fan Ingelân en yn kontinintaal Jeropa besuden in slingerjende tinkbyldige line dy't rûn fan 'e Flaamske kust fia Súd-Limburch en it Ruhrgebiet nei Berlyn en dan troch Poalsk Sileezje en nei it suden dwers troch Slowakije, Hongarije en Servje, om mei in bocht ôf te bûgen nei it easten en troch it noarden fan Bulgarije by de kust fan 'e Swarte See út te kommen.

Fossilen fan loaihoarsen binne ek oantroffen op 'e haadeilannen fan Japan en op Taiwan.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It loaihoars is in ranke mar krêftich boude kateftige, mei relatyf koarte poaten, in brede kop, rûne earen en lange, fjoerskerpe ynlûkbere klauwen oan 'e poaten. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 92–183 sm, ôfhinklik fan geslacht en ûndersoarte, mei in sturtlingte fan 66–102 sm. Der bestiet in beskate mjitte fan seksuele dimorfy, mei't de skofthichte by mantsjes 60–70 sm is en by wyfkes 57–64 sm. Ek it gewicht ferskilt neffens it geslacht: mantsjes weagje trochinoar 31–72 kg en wyfkes 201/2–43 kg. Soms kinne foars útfallen mantsjes in gewicht fan 91–96 kg berikke. De lytste loaihoarsen komme út 'e provinsje West-Kaap yn Súd-Afrika; dêr hawwe mantsjes in gewicht fan mar 20–45 kg.

It spikkelbûnte patroan fan 'e pels fan in loaihoars.

De pels fan it loaihoars is ornaris tige ticht en merkber sêfter op 'e bealch as op 'e rêch. De kleur fariëarret fan bleek giel oant waarm goud op 'e boppeste dielen fan it lichem (rêch, nekke, kop, siden, bûtenkant fan 'e poaten en boppekant fan 'e sturt), en fan krêm oant wyt op 'e ûnderste lichemsdielen (bealch, hals, kin, binnenkant fan 'e poaten en ûnderkant fan 'e sturt). Dy grûnkleur is belein mei dûnkerbrune oant swarte spikkels dy't groepearre binne yn 'e foarm fan rozetten. Dy ferdizenje stadichoan nei de ûnderbealch ta en ek oan 'e binnenkant fan 'e poaten. De rozetten binne by populaasjes yn East-Afrika lyts en rûn, mar hawwe by populaasjes út Súdlik Afrika in mear fjouwerkantige foarm, en binne by populaasjes út Aazje in slachje grutter. It krekte patroan fan 'e rozetten is foar elts loaihoars unyk. Op 'e sturt foarmje de rozetten nei de útein ta stadichoan swarte ringen, dy't lykwol ynkompleet bliuwe. De sturtpunt is wyt.

De spikkelbûnte pels jout loaihoarsen in treflike skutkleur, nammenste mear om't dy by ûnderskate populaasjes oanpast is oan it ferskillende om-en-by. Sa is de grûnkleur by loaihoarsen dy't op 'e steppe en yn woastinige kriten libje, folle ljochter as by eksimplaren dy't yn it oerwâld foarkomme. Yn kâldere klimaten skaait de grûnkleur mear nei griis ta út.

In swarte panter is in loaihoars dat oanhelle is mei de ôfwiking melanisme.

Swarte panters binne gjin oare soarte kateftige, mar loaihoarsen mei melanisme. Dat is in ôfwiking dy't harren in folslein swarte pels jout, feroarsake troch in oererfber resessyf gen. Swarte panters komme relatyf in soad foar. Albinisme, in resessive genetyske ôfwiking dy't in folslein wite pels feroarsaket, komt by loaihoarsen ek foar, mar lang sa folle net. Tusken 1905 en 1967 waarden yn Yndia mar 9 wite loaihoarsen waarnommen. Dan binne der ek noch loaihoarsen mei erytrisme, in ôfwiking dy't se in rodzich uterlik jout. Sokke "rôze panters", sa't se wol neamd wurde, waarden bygelyks tusken 1990 en 2015 waarnommen yn it Wyldreservaat Madikwe en yn 'e provinsje Mpumalanga, beide yn Súd-Afrika. Wat erytrisme krekt feroarsaket, is noch net dúdlik.

It loaihoars bewennet foar it meastepart gebieten mei tropysk reinwâld of savanne, mar kin him oan in protte ferskillende biotopen oanpasse. Yn 'e Himalaya fan Súd-Aazje, de Kopet Dag en de Hindoe Kûsj fan Sintraal-Aazje en it Atlasberchtme fan Noard-Afrika komt er foar yn berchwâlden. Yn 'e Sahellannen yn West- en Sintraal-Afrika en de Kalahary fan Súdlik Afrika libbet er op 'e steppe, en yn 'e Namybwoastyn fan Namybje en oan 'e rânen fan 'e Sahara komt er foar yn 'e woastyn. In oar biotoop dêr't wol loaihoarsen libje, wurdt foarme troch rivierwâlden. Yn it Kustterritoarium fan it Russyske Fiere Easten en yn oangrinzgjende dielen fan Mantsjoerije bewenje loaihoarsen benammen nullewâlden en mingde wâlden. Hoewol't dit bist him skoan oan minsklike fersteurings yn syn wengebiet oanpasse kin, hawwe loaihoarsen wol ferlet fan sûne proaipopulaasjes en genôch dekking fan opgeande fegetaasje om in súksesfolle jacht mooglik te meitsjen. Dy betingsten slute it besteane fan loaihoarsen yn tichtbefolke kultuerlân út.

In loaihoars dat út in beam klimt mei de kop nei ûnderen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aktiviteitsspanne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Loaihoarsen binne oer it algemien nachtdieren, dy't foar it meastepart fan 'e jûnsskimer oant de moarnsdage aktyf binne. De dei, en gauris ek in diel fan 'e nacht, bringe se rêstend troch. Dat dogge se faak lizzend op in grouwe tûke heech yn in beam, of oars yn in skûle dy't ferburgen leit middenmank leechhout of rotsen. Yn ien nacht kin in loaihoars kalm rinnend in ôfstân fan wol 25 km ôflizze. As ien fersteurd wurdt en dêrom gong makket, kin dat wol 75 km wêze. Yn 'e oerwâlden fan West-Afrika binne loaihoarsen yn 'e regel oerdeis en yn 'e skimer aktyf, en rêste se nachts.

It loaihoars kin dravende in faasje fan 58 km/h berikke, en hy kin horizontale sprongen meitsje fan 6 m fier. Klimmen is in fermogen dat loaihoarsen folslein behearskje. Heech yn beammen fiele se har alhiel op har gemak, en dêr binne se ek feilich foar natuerlike fijannen lykas de liuw (Panthera leo) en de tiger (Panthera tigris), dy't te grut en te swier binne om har dêr te folgjen. Se kinne út stân wei 3 m omheech springe. Ut in beam klimme dogge loaihoarsen mei de kop nei ûnderen. Loaihoarsen binne der twer fan om wiet te wurden, dat swimmen sille se inkeld dwaan as it wier net oars kin.

In wyfkesloaihoars lit de wite punt fan 'e sturt sjen.

Loaihoarsen uterje in stikmannich ûnderskate fokalisearrings, wêrûnder grânzgjen, snauwen, blazen en spinnen. Lykas (hast) alle panters kinne se ek brulle, hoewol't de brul fan in loaihoars eins bestiet út in rige oaninoar reaune kroanjende lûden. Welpen roppe oan har mem mei in urrr-urrr-lûd. Wat non-ferbale kommunikaasje oangiet, wurdt wol tocht dat de wite plakken op 'e bûtenkant fan 'e earen in rol spylje. Der is ek in hypoteze dat de wite punt fan 'e sturt by kommunikaasje tusken soartgenoaten in "folgje-my"-sinjaal ynhâldt, mar dêr wie anno 2025 (noch) gjin slutend bewiis foar fûn.

Underlinge kontakten en territoaria

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It loaihoars is in solitêr libjend bist dat in sterke territoriaal oandrang hat. Folwoeksen eksimplaren sykje inoar inkeld op om te pearjen, hoewol't wyfkes faak de omgong mei de jongen in skoft lang oanhâlde, ek nei't dy al ôfwûn binne. Soms diele se har proaien sels mei folwoeksen jongen as dy sels noch net súksesfol genôch by it jeien binne. Mantsjes hawwe bûten de peartiid om út en troch ris freonlike ynteraksje mei de wyfkes dêr't se mei peare hawwe en mei harren jongen. Der binne inkele útsûnderlike gefallen bekend dat sokke ynteraksje útwreide waard nei de folgjende generaasje, dus nei de jongen fan in jong fan it mantsje. Agressive konfrontaasjes tusken loaihoarsen binne seldsum en besteane frijwol altyd út in dominant mantsje dat syn territoarium ferdigenet tsjin in jongere ynkringer dy't it besiket oer te nimmen. Der is ien gefal bekend út Súd-Afrika, wêrby't in mantsje ferwûne rekke yn in gefjocht mei in oar mantsje om it kadaver fan in proai

In mantsjesloaihoars set syn territoarium ôf troch in strûk te besproeien mei urine.

Territoaria wurde markearre troch beammen en oare planten en teffens rotsen mei urine te besproeien, mar ek troch der mei de sydkant fan 'e kop by lâns te wriuwen of troch yn hout en yn 'e grûn om te klauwen. Mantsjes hawwe in territoarium dat de lytsere territoaria fan ferskate wyfkes foar in diel oerlapet. In wyfke hat op dy manear almeast tagong ta omgong mei twa of trije mantsjes, dy't elts in diel fan har territoarium ta har eigen domein rekkenje. Der is ien gefal bekend út Ivoarkust, wêrby't it territoarium fan in wyfke folslein omsletten waard troch it territoarium fan in mantsje. Ek de territoaria fan wyfkes ûnderling oerlaapje inoar sterk. It is ûndúdlik oft dat by de (folle gruttere) territoaria fan mantsjes ek sa is. Mantsjes en wyfkes sille beiden besykje om soartgenoaten fan itselde geslacht fuort te jeien as dy te tichtby komme. Yn it Nasjonaal Park Kruger, yn it easten fan Súd-Afrika, hâlde de measte loaihoarsen likernôch 1 km ôfstân fan soartgenoaten. In ûndersyk yn Namybje út 2005 wiisde út dat de grutte fan it territoarium fan in loaihoars net op neamensweardige wize beynfloede wurdt troch delslachpatroanen of jiertiid. It iennichste kritearium fan belang liket de beskikberens fan proaidieren te wêzen. Wat minder proai der yn in gebiet libbet, wat grutter it territoarium wêze moat as it loaihoars oerlibje wol, en wat mear proai der is, wat lytser in territoarium wêze kin. Oarsom kin men ek sizze: wat mear proai der yn in krite libbet, wat heger de populaasjetichtens fan loaihoarsen wêze sil. De iennichste fersteurende faktor yn dat patroan is minsklike oanwêzigens en aktiviteit yn in gebiet, mei't dy de populaasjetichtens fan loaihoarsen omleech twingt.

Yn absolute sifers berint de grutte fan loaihoarsterritoaria op 'e Serengeti yn Kenia en Tanzania foar mantsjes 33–38 km² en foar wyfkes 14–16 km². Yn it Nasjonaal Park Bardia yn Nepal beslane de territoaria fan mantsjes trochinoar 48 km² en dy fan wyfkes 5–7 km². Yn it noardeasten fan Namybje, in folle drûger gebiet mei minder proaidieren, hawwe mantsjes in territoarium fan trochinoar 451 km², wylst dy fan wyfkes yn trochsneed 188 km² mjitte. Yn woastinige kriten en berchtmen binne de territoaria sels noch grutter.

Twa loaihoarsen oan it pearjen.

Yn guon dielen fan harren ferspriedingsgebiet pearje loaihoarsen it hiele jier rûn. Dêrby giet it benammen om 'e tropen, dêr't jiertiden eins gjin of hast gjin rol spylje foar it grutbringen fan jongen. Yn Mantsjoerije en it Russyske Fiere Easten fan Sibearje falt de peartiid yn jannewaris en febrewaris. It wyfke is dêrby 6–7 dagen maartsk, mei tuskenskoften fan likernôch 40 dagen. Wyfkes befalle op in besletten plak, bgl. yn in grot, in rotsspjalt, in holle beam of op in beskut plak middenmank it leechhout.

Nei in draachtiid fan 90–105 dagen wurde der dan 2–4 welpkes smiten, dy't 280 g oant 1 kg weagje en blyn en helpleas te wrâld komme. De pels fan 'e jongen is langer en grizer as dy fan folwoeksen eksimplaren. Mei 4–9 dagen geane de eachjes iepen. Mei likernôch 9 wiken begjinne de welpen foar it earst fleis te fretten en begjint it ôfwenningsproses. Mei 3 moannen binne se alhiel ôfwûn en begjinne de jongen harren mem te folgjen as dy op jacht giet. De stjerte foar loaihoarsjongen bedraacht yn it earste libbensjier 41–50%. De wichtichste deadsoarsaak wurdt foarme troch oanfallen troch gruttere rôfdieren, benammentlik de liuw (Panthera leo) of de tiger (Panthera tigris). Mar ynfantiside troch mantsjesloaihoarsen (dy't net de heit binne) komt ek foar, mei't it wyfke nei de dea fan har jongen wer maartsk wurdt.

As se 1 jier âld binne, kinne de jongen foar harsels soargje, mar likegoed bliuwe se dan noch 11/2–2 jier langer by de mem. Nei't se úteinlik by de mem weigien binne, kinne jongen út itselde nêst noch moannenlang byinoar bliuwe. Mantsjes binne mei 2–3 jier geslachtsryp en wyfkes mei 21/2–3 jier. De libbensferwachting foar loaihoarsen bedraacht yn it wyld 12–17 jier. It âldste bekende loaihoars wie in wyfke dat yn finzenskip in leeftyd fan 24 jier, 2 moanne en 13 dagen berikte.

In loaihoars beslûpt syn proai.

Fretten en jeien

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne foar it loaihoars mear as hûndert proaisoarten dokumintearre. De meast foarkommende binne lytse oant middelgrutte evenhoevigen. Yn Afrika giet it dêrby om û.o. it boskswyn (Potamochoerus larvatus), it pinsielswyn (Potamochoerus porcus), de noardlike boskbok (Tragelaphus scriptus), de Kaapske boskbok (Tragelaphys sylvaticus), de sitatûnga (Tragelaphus spekii), de reebokantilope (Pelea capreolus), de reidbok (Redunca arundinum), de klipspringer (Oreotragus oreotragus), de gewoane dûker (Sylvicapra grimmia), de blauwe dûker (Philantomba monticola), de swartrêchdûker (Cephalophus dorsalis), de ympala (Aepyceros melampus), de springbok (Antidorcas marsupialis), de grantgazelle (Nanger granti), de thomsongazelle (Eudorcas thomsonii) en ferskate oare soarten gazellen. Foarbylden út Aazje binne û.o. it aksishart (Axis axis), de Yndyske gazelle (Gazella bennettii), de Sibearyske ree (Capreolus pygargus) en it everswyn (Sus scrofa).

Dêrnjonken frette loaihoarsen yn Afrika en Súd- en Súdeast-Aazje ek wol apen lykas ferskate soarten wyteachmangabeys (Cercocebus), echte markatten (Cercopithecus) en hûlmans of grize langoeren (Semnopithecus). Fierders pakke se lytsere rôfdieren, lykas de sealjakhals (Lupulella mesomelas), de grutearfoks of leppelhûn (Otocyon megalotis), de sjenetkat (Genetta genetta) en it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus). Op plakken dêr't loaihoarsen jeie yn troch minsken bewenne gebieten, foarmje ek hûnen in wichtige itensboarne. De grutste dokumintearre proai dy't ea troch in loaihoars deade waard, wie in mantsje fan 'e elandantilope (Taurotragus oryx), dat 900 kg weage.

In ûndersyk út 1993, dat yn Sina dien waard yn it Nasjonaal Natoerreservaat Wolong, brocht oan it ljocht dat it dieet fan ien-en-itselde loaihoars meitiid troch feroarjende omstannichheden meiferoarje kin. Yn Wolong frieten de loaihoarsen earst benammentlik eksimplaren fan it toefhart (Elaphodes cephalophus), mar doe't dy proai minder beskikber waard, stapten se fierhinne oer nei it bejeien fan 'e grize bamboerôt (Rhizomys pruinosus) en oare lytsere proaien.

In loaihoars efterfolget in boskswyn.

Wat drinken oangiet, rêde loaihoarsen har mei wetter út rivieren, beken, puollen en oare oerflaktewetters, oanfolle mei it bloed fan har proaidieren. Yn 'e healwoastyn fan 'e Kalahary, yn Súdlik Afrika, dêr't wetter net rûnom beskikber is, drinke de pleatslike loaihoarsen mar ienris yn 'e 2–3 dagen. Dêrnjonken frette se fochtrike planten, lykas de gimsbokkomkommer (Acanthosicyos naudinianus), de wettermeloen (Citrullus lanatus) en de mearjierrige Kalaharysânkweek (Schmidtia pappophoroides).

It loaihoars brûkt foar de jacht benammen syn tige skerpe gehoar en gesichtsfermogen. De rooksin is fan minder belang. Yn 'e measte dielen fan syn ferspriedingsgebiet jaget it loaihoars by nacht, mar yn West-Afrika en yn it Nasjonaal Park Tsavo, yn Kenia, is waarnommen dat se ek by dei jeie. De meast brûkte jachttaktyk is om 'e proai middenmank opgeande fegetaasje leech by de grûn lâns te beslûpen, mar op 'e Serengeti fan East-Afrika bespringe loaihoarsen harren proaien ek út beammen wei. As it loaihoars syn proai ticht genôch benei kommen is, of as de proai sûnder euvelmoed ticht genôch nei it wachtsjende loaihoars ta doarme is, springt it loaihoars hommels te foarskyn. Hy bespringt de proai en skuort dy nei de grûn ta. De optimale ôfstân foar syn oanfal is 5 m of minder. Lytsere proaien wurde deade mei in byt yn 'e efterholle, wylst gruttere proaien smoard wurde troch se yn 'e kiel te biten en de luchtpiip ticht te knipen.

In loaihoars hat it kadaver fan syn proai yn it Nasjonaal Park Kruger heech yn in beam tilt.

Lytsere proaien wurde frijwol daliks opfretten, de kadavers fan gruttere proaien wurde nei in gaadlike beam ta sleept, wêrnei't it loaihoars nei boppen ta klimt mei de proai yn 'e bek. Heech yn 'e beam kinne liuwen, tigers of hyena's it loaihoars syn proai net ûntstelle, en de iennichste iesiters dy't derby kinne, binne gieren. Loaihoarsen binne sterkernôch om in kadaver hûnderten meters mei te slepen en om yn in beam te klimmen mei in kadaver dat folle swierder is as sysels. Yn it Nasjonaal Park Tsavo waard yn 'e 1970-er jierren in loaihoars waarnommen dat mei in sjiraffekeal fan krapoan 125 kg yn 'e bek 5,7 m heech yn in beam klom.

It loaihoars is in karnivoar dy't de foarkar jout oan proaidieren mei in lichemsgewicht yn 'e oarder fan 10–40 kg. Dêrby pakke se faker proaien dy't yn mear begroeide habitats libje as bisten fan 'e iepen flakte. Oft dat allinnich mar is om't bisten middenmank opgeande fegetaasje makliker te beslûpen binne of dat der ek oare faktoaren in rol spylje, is ûnbekend. In folwoeksen mantsjesloaihoars moat yn trochsneed deis 3,5 kg fleis beplúzje, en foar wyfkes leit dat sifer op 2,8 kg. Dat wol net sizze dat se eltse dei jeie. Mei ien proai kinne se oer it algemien ferskate dagen ta. En lang net eltse jacht is súksesfol, dat se geane ek wolris in pear dagen efterinoar foarby fan iten.

In loaihoars deadet in noardlike boskbok troch de luchtpiip ticht te knipen.

Natuerlike fijannen en konkurrinten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne gjin bisten dy't it loaihoars spesifyk as proai sjogge en der mei opset sin op jeie, mar yn syn grutte ferspriedingsgebiet libbet it loaihoars wol gear mei ferskate oare grutte rôfdieren dêr't it loaihoars mei konkurrearje moat. Yn Afrika giet it dêrby benammen om 'e liuw (Panthera leo), de bûnte hyena (Crocuta crocuta), de brune hyena (Parahyaena brunnea), de hyenahûn (Lycaon pictus) en, yn mindere mjitte, it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus). It loaihoars kin inkeld it lytsere en rankere jachtloaihoars dominearje, wylst de oare neamde soarten rôfdieren it foardiel oer him hawwe fanwegen lichemsgrutte, nûmerike oermacht (trochdat se yn troepen of ridels libje), of beide.

It grutste gefaar hâlde liuwen yn, dy't loaihoarsen deadzje wannear't se mar kinne. Dat dogge se net om't se it loaihoars as proai sjogge, mar om 'e konkurrinsje út te skeakeljen. Yn guon kriten binne liuwen ferantwurdlik foar mear as 1/5 part fan alle stjergefallen fan loaihoarsen. Wannear't in liuw him tenei komt, sil in loaihoars besykje om yn in beam te klimmen, dêr't de liuw him troch syn grutte en lichemsgewicht net folgje kin. De liuw giet dan ûnder de beam sitten te wachtsjen oant it loaihoars wer nei ûnderen ta komt, en dan wurdt it in spultsje fan wa't de langste azem hat. Oer it algemien is dat it loaihoars, want de liuw moat ek ite en drinke en docht it him dêrom net oan tiid om dagenlang by dy beam omhingjen te bliuwen. Liuwen stelle ek geregeldwei proaien fan loaihoarsen, in ferskynsel dat kleptoparasitisme hjit. Dat is de reden dat loaihoarsen de kadavers fan har proaien yn beammen slepe dêr't liuwen (en oare potinsjele dieven) der net (of alteast minder maklik) by kinne. Hyena's, yn 't bysûnder bûnte hyena's, hâlde in minder persoanlike bedriging yn foar loaihoarsen, mar ûntstelle har likegoed geregeldwei har proai. Hyenahûnen binne no sa seldsum dat de loaihoarspopulaasje yn syn gehiel net folle mear mei har te stellen hat.

Yn Aazje binne binne de wichtichste konkurrinten fan it loaihoars de tiger (Panthera tigris) en de Aziatyske wylde hûn of dhole (Cuon alpinus). Beide soarten dominearje it loaihoars: de tiger om't dy folle grutter is en de Aziatyske wylde hûn fanwegen de nûmerike mearderheid dy't syn ridels him ferskaffe. Ynteraksjes tusken de trije rôfdieren berinne it hiele spektrum fan fuortjeien, kleptoparasitisme en deadzjen. Wannear't der tigers yn in krite libje, sille dy yn it djipste oerwâld tahâlde en wurde sawol loaihoarsen as Aziatyske wylde hûnen mear nei de wâldsigge ta ferkrongen. De trije rôfdieren kinne yn itselde gebiet oerlibje trochdat se jacht meitsje op proaidieren fan ferskillende grutte. Loaihoarsen kinne yn tigerhabitat in súksesfol bestean liede as der mar genôch proai foarhâns is. Oars tinnet yn sa'n gebiet de loaihoarsepopulaasje út yn it foardiel fan 'e tigerpopulaasje.

In loaihoars yn Yndia lit sjen hoe goed oft syn skutkleur is.

It loaihoars hat de grutste fersprieding fan alle kateftigen, mei't er foarhinne sawol yn Afrika as heal Aazje rûnom foarkaam. Hjoed oan 'e dei belúnje de populaasjes lykwols oanhâldend, wylst it areaal fragmintearret en ynkrimpt. De hjoeddeistige fersprieding fan it loaihoars befiemet mar 25% fan it oarspronklike wengebiet fan it bist. It loaihoars hat dêrom de IUCN-status fan "kwetsber", wat it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid is.

Loaihoarsen hawwe benammen te lijen ûnder habitatferlies, habitatfragmintearring, streuperij en konflikten mei minsken. Habitatferlies wurdt feroarsake trochdat de minske almar mear earder loaihoarshabitat yn besit nimt om der lânbougrûn fan te meitsjen of om it oerwâld dêre te kapjen foar de hout- en papieryndustry. Dat soarget ek foar habitatfragmintearring, wêrby't lytse en op 'e lange termyn miskien net libbensfetbere populaasjes loaihoarsen faninoar skaat wurde trochdat it tuskenlizzende lân foar minsklike aktiviteiten brûkt wurdt.

By de streuperij giet it benammen om yllegale hannel yn 'e hûden en bonken fan it loaihoars. De hûden, faak mei de kop der noch oan, wurde as wand- of flierkleden ferkocht of (sûnder kop) brûkt foar it meitsjen fan djoere, eksklusive klean. De bonken wurdt fermeald ta poeier en brûkt yn 'e tradisjonele genêskunde fan benammen Sina, ek al hawwe se gjin inkele genêskrêftige wurking. Fierders wurde yn Afrika loaihoarsen (en hast alle wylde bisten dy't dêr foarkomme) bejage om har fleis as "bushmeat" foar konsumpsje te ferkeapjen. En dan is der noch de jacht op loaihoarsen, benammen troch rike Westerlingen, om jachttrofeeën. Ynternasjonale hannel yn libbene loaihoarsen en dielen fan deade eksimplaren is ferbean ûnder it CITES-ferdrach fan 'e Feriene Naasjes. Nettsjinsteande dat waard rûsd dat er tusken 2002 en 2012 yn Yndia allinnich al teminsten 4 loaihoarsen yn 'e wike streupt waarden.

Konflikten mei minsken, ta einbeslút, komme oer it algemien fuort út oanfallen fan loaihoarsen op fee. Mar in sitewaasje wêrby't in loaihoars op kultuerlân op jacht giet nei fee komt frijwol net foar. Wat der ornaris bart, is dat boeren en hoeders har fee begjinne te weidzjen yn loaihoarshabitat. Dêrby ferdriuwe of ferkringe se de wenstige proaidieren fan it loaihoars, dat dan gjin oare kar hat as om oer te gean op it bejeien fan it fee. Nettsjinsteande dy gong fan saken krije loaihoarsen oer it algemien de skuld fan it konflikt. Der wurdt dan yn 'e regel fergif tsjin 'e bisten ynset of se wurde bejage en ôfsketten.

Geografyske fersprieding fan 'e ûnder-soarten fan it loai-hoars. (Ljochte kleuren: histoaryske fersprieding; dûnkere kleuren: hjoeddeistige sitewaasje.)
         Afrikaansk loaihoars
         Arabysk loaihoars
         Amoerloaihoars
         Yndysk loaihoars
         Yndosineesk loaihoars
         Javaansk loaihoars
         Perzysk loaihoars
         Sineesk loaihoars
         Srylankaansk loaihoars

Libbene ûndersoarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken 1794 en 1956 waarden der troch ûnderskate biologen 27 ferskillende libbene ûndersoarten fan it loaihoars (Panthera pardus) beskreaun. Sûnt der yn 1996 in genetyske analyze útfierd waard, wurde lykwols noch mar 8 ûndersoarten erkend, dêr't yn 2001 op basis fan nij ûndersyk it Arabysk loaihoars as 9e oan tafoege waard. Yn 2017 erkende de Taakgroep oangeande de Klassifikaasje fan Kateftigen (CCTF) fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan de Natoer (IUCN) noch mar 8 ûndersoarten (ynkl. it Arabysk loaihoars). De libbene ûndersoarten binne:

Fossile ûndersoarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de libbene ûndersoarten binne der ek ferskate fossile ûndersoarten fan it loaihoars bekend. Loaihoarseftige fossile bonken en tosken, dy't mooglik tebekgeane oant it Plioseen (5,3–2,6 jier lyn), binne op ferskate plakken yn Jeropa opdobbe: yn Frankryk by Perrier yn it Sintraal Massyf, yn Ingelân noardeastlik fan Londen en yn Itaalje by Valdarno yn Toskane. Fossilen fan lettere datum binne ûntdutsen yn lössgrûn en grotten op mear as fjirtich plakken ferspraat oer in grut part fan it wrâlddiel, fan Portegal en Gibraltar oant it Ingelske greefskip Derbyshire, de Tsjechyske Republyk en Hongarije.

In Amoerloaihoars yn it Kustterritoarium fan it Russyske Fiere Easten.

Nettsjinsteande dat guon saakkundigen de ierste fynsten weromdatearje nei it Plioseen, wurdt der ornaris fan útgien dat loaihoarsen tusken 1,2 miljoen en 600.000 jier lyn út Afrika wei yn Jeropa (en Aazje) arrivearren. Der binne yn Jeropa fjouwer opinoar folgjende ûndersoarten fan it loaihoars foarsteld, wêrfan't de âldste P. p. begoueni is, út it Ier Pleistoseen. Dy ûntjoech him omtrint 600.000 jier lyn ta P. p. sickenbergi, dy't likernôch 300.000 lyn oergie yn P. p. antiqua. It úteinlike produkt fan dy lange evolúsjonêre ûntwikkeling wie it hoaleloaihoars of Jeropeesk loaihoars (P. p. spelaea), dat fanôf likernôch 100.000 jier lyn libbe oant syn útstjerren yn it iere Holoseen omtrint 11.000 jier lyn (dus yn rûchwei 9000 f.Kr.) as ûnderdiel fan 'e Let-Pleistosene massa-ekstinksje.

Krusings mei oare grutte katten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ferline is ferskate kearen besocht om in loaihoars te krusen mei in oare soarte grutte kat. Yn 1953 slagge it Japanske wittenskippers foar it earst om in mantsjesloaihoars fuort te plantsjen mei in liuwinne (Panthera leo). It jong waard in "loaihiuw" neamd. Sokke bisten waarden yn 1959 en 1961 op 'e nij produsearre. Alle jongen wiene spikkelbûnt en grutter as in loaihoarsejong. Krewearjen om in loaihiuw te krusen mei in tigerinne (Panthera tigris) mislearren. Tsjintwurdich wurde sokke yntersoartlike krusings as ûnetysk beskôge, om't de produsearre jongen oer it algemien te lijen hawwe ûnder oanberne en mooglik libbensbedriigjende ôfwikings, en teffens om't it gjin doel tsjinnet, mei't sokke loaihiuwen en soartgelikense hybriden net yn it wyld oerlibje kinne.

In loaihoars mei syn dompteur yn in sirkus (sa. 1906).

Loaihoarsen en minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Loaihoarsen yn finzenskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Loaihoarsen waarden troch minsken yn 'e Aldheid al fongen en yn finzenskip holden. Yn it Romeinske Ryk waarden de bisten û.m. foar gladiatorgefjochten en de eksekúsjes fan kriminelen brûkt. Yn 'e Midsiuwen waarden yn it Keninkryk Ingelân troch kening Jan Sûnderlân ferskate loaihoarsen holden yn in menazjery yn 'e Toer fan Londen. Trije fan dy bisten wiene omtrint 1235 troch keizer Freark II fan it Hillige Roomske Ryk kado dien oan 'e Ingelske kening Hindrik III. Yn moderne tiden waarden loaihoarsen gauris holden yn sirkussen en traind om keunstkes te ferrjochtsjen foar in beteljend publyk. Yn moderne dieretunen wurde ek loaihoarsen holden, mar dêr binne se no ûnderbrocht yn romme ferbliuwen dy't sa natuerlik mooglik ynrjochte binne. Boppedat wurdt der war dien om goed foar de bisten te soargjen en se te stimulearjen troch foarwerpen en aktiviteiten ta ferriking fan harren bestean ta te foegjen.

Oanfallen op minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side minskesliner.

It loaihoars is oer it algemien tige minskeskou en wach, mar men moat him net it gefoel jaan dat er yn it nau dreaun wurdt, want dan sil er raar fan him ôfbite, ek as er dêrfoar minsken oanfalle moat. Yn útsûnderlike gefallen kinne loaihoarsen har lykwols spesjalisearje yn oanfallen op minsken. Sokke minskesliners binne faak âld of ferwûne en kinne dêrom har wenstige proai net mear fange. Minsken binne lykwols folle trager, en yn it nachtlik tsjuster merke se in loaihoars pas op as it bist harren op 'e hûd springt. Hoewol't soks grif ek yn Afrika foarkommen wêze sil, binne der ditoangeande fral foarbylden bekend út it eardere Britsk-Ynje en it moderne Yndia. Sa hold it Loaihoars fan Rudraprayag dêr fan 1918 oant 1926 hûs en deade mear as 125 minsken. En fan it Loaihoars fan Panar, dat fan 1907 oant 1910 as minskesliner aktyf wie, is it tinken dat er mear as 400 minsken út 'e ljochten holpen hat. Beide bisten waarden úteinlik ôfsketten troch de Ingelske jager en natoerbeskermer Jim Corbett.

Loaihoarsen ôfbylde op it Romeinske Mageariusmozayk, ôfkomstich út in ruïne yn it moderne Tuneezje.

It loaihoars yn 'e minsklike kultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldste ôfbyldings fan loaihoarsen yn 'e minsklike kultuer binne de grotskilderings fan it hoaleloaihoars (Panthera pardus spelaea) yn 'e Chauvetgrot yn Frankryk, dy't datearje fan 37.000 oant 28.000 jier lyn. Yn 'e Klassike Aldheid spilen loaihoarsen in rol yn û.o. de Grykske mytology as ien fan 'e symboalen fan Dionysus, de god fan 'e wyn en dronkenens. Dyselde ferpleatste him op 'e rêch fan in loaihoars (of fan in tiger). Neffens ien myte waard er ris troch seerôvers finzen nommen mar rêden troch twa loaihoarsen. Yn it diel fan it Romeinske Ryk dat yn Noard-Afrika lei, binne yn ruïnes in grut tal fresko's weromfûn dêr't bisten op ôfbylde wurde dy't no inkeld noch besuden de Sahara foarkomme, wêrûnder loaihoarsen.

Yn it Keninkryk Benyn (11801897), yn wat no Nigearia is, wie it hiel gewoan om ôfbyldings fan loaihoarsen te meitsjen, benammen troch gravearjen en byldhouwen. It bist wie it symboal fan 'e kening en waard beskôge as de hearsker fan it oerwâld. Foar de Asjanty út Gana wie it loaihoars ek in symboal fan liederskip, en inkeld de kening mocht plaknimme op in krukje beklaaid mei loaihoarsepels. Guon prekoloniale Afrikaanske kultueren beskôgen it loaihoars as in fernimstigere en bettere jager as de liuw, dy't boppedat foar minsken dreger te deadzjen wie.

De Ingelske auteur Rudyard Kipling skreau yn 1902 foar syn ferhalebondel Just So Stories it koarte ferhaal How the Leopard Got His Spots ("Hoe't it Loaihoars oan syn Spikkels Kaam"). Dat is in fabel wêryn't útlein wurdt dat it earste loaihoars effen goudkleurich wie, mar spikkels op syn pels skildere om in bettere skutkleur te hawwen foar wannear't er op jacht gie. De inket loek yn syn hûd, sadat de spikkels permanint waarden. Yn Kipling syn Jungle Book, út 1894, wurdt ien fan 'e wichtichste rollen ferfolle troch de swarte panter Bagheera. In loaihoars spilet fierders in wichtige rol yn 'e fantasyroman Yn it Skaad fan de Wolf (2005), fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It loaihoars krong ek de filmyndustry fan Hollywood binnen, mei as bekendste foarbyld de klassiker Bringing Up Baby út 1938, mei yn 'e haadrollen Cary Grant en Katharine Hepburn. Yn 'e Westerske heraldyk komt it loaihoars foar as skylddrager fan 'e wapens fan in stikmannich moderne Afrikaanske lannen, te witten: Benyn, Gabon, de Demokratyske Republyk Kongo, Malawy en Somaalje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.