Springe nei ynhâld

Ljochte sjonghauk

Ut Wikipedy
ljochte sjonghauk
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôffûgels (Accipitriformes)
famyljehaukfûgels (Accipitridae)
skaaisjonghauken (Melierax)
soarte
Melierax canorus
Thunberg, 1799
IUCN-status: net bedrige

De ljochte sjonghauk (Melierax canorus) is in fûgel yn it skaai sjonghauken (Melierax) út 'e famylje haukfûgels (Accipitridae).

De ljochte sjonghauk is in grutte hauk mei lange wjukken en in slange sturt. De fearren binne griis en hy hat lange readeftige poaten. Hy liket op 'e eastlike sjonghauk (Melierax poliopterus) en wurdt somtiden dêrmei as ien soarte behannele. De ljochte sjonghauk is lykwols grutter en wurdt 46 oant 60 sm lang, wylst de eastlike sjonghauk 45 oant 55 sm lang wurdt). Dêrnjonken is hat er in reade snafel mei in swart ein, wylst dy fan 'e eastlike sjonghauk giel is mei in swart ein. De rêch is ek grizer mei griisbrune plakken. Yn it briedseizoen hat de fûgel in fluitsjende rop. Wyfkes binne grutter as mantsjes. Juvenilen binne brún.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ljochte sjonghauk wurdt yn twa ûndersoarten ferdield mei de foljende fersprieding:

  • Melierax canorus argentior - komt foar yn it suden fan Angoala oant Simbabwe en noardeastlik Súd-Afrika.
  • Melierax canorus canorus - komt foar yn súdlik Súd-Afrika.

Se libje yn iepen gebiet, steppes en healwoastinen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Proaien binne hagedissen, fûgels, lytse sûchdieren of grutte ynsekten, dêr't er op in útsjochpost nei speurt om fan dêrwei streekrjocht op 'e proai ôf te fleanen. Se rêste nachts yn beammen en sykje op it waarmst fan 'e dei it skaad op tusken begroeiïng.

Se briede krekt ûnder de kroan fan 'e beam yn in konstruksje fan tûken mei yn 'e midden in kûle beklaaid mei hier, dong en, gers.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op basis dêrfan kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: