Springe nei ynhâld

Ljochte kakketoefûgels

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ljochte kaketoefûgels)
ljochte kakketoefûgels
In grutte gieltoefkakketoe (Cacatua galerita).
In grutte gieltoefkakketoe (Cacatua galerita).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang:lânfûgels (Telluraves)
sûnder rang:súdfûgels (Australaves)
sûnder rang:falkfoarmigen
   (Eufalconimorphae)
sûnder rang:mosk- en pappegaai-eftigen
   (Psittacopasserae)
skiftpappegaai-eftigen
   (Psittaciformes)
boppefamylje:kakketoes (Cacatuoidea)
famylje:kakketoefûgels (Cacatuidae)
ûnderfamylje:echte kakketoefûgels
    (Cacatuinae)
tûke:ljochte kakketoefûgels
    (Cacatuini)
G.R. Gray, 1840

De ljochte kakketoefûgels (wittenskiplike namme: Cacatuini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e pappegaai-eftigen (Psittaciformes), de boppefamylje fan 'e kakketoes (Cacatuoidea), de famylje fan 'e kakketoefûgels (Cacatuidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte kakketoefûgels (Cacatuinae).

Ta dizze tûke hearre 15 ûnderskate soarten kakketoes. De oranjetoefkakketoe (Cacatua citrinocristata) wurdt noch mar sûnt 2022 erkend as selsstannige soarte. Earder waard dy fûgel sjoen as in ûndersoarte fan 'e lytse gieltoefkakketoe (Cacatua sulphurea). De nau oan 'e ljochte kakketoefûgels besibbe swarte kakketoe (Probosciger aterrimus) is ûnderbrocht yn in eigen tûke, dy fan 'e swarte kakketoefûgels (Microglossini).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.