Springe nei ynhâld

Livorno

Ut Wikipedy
Livorno
Emblemen
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje
regio Toskane
Sifers
Ynwennertal152.485 (31.07.2025)[1]
Oerflak104,71 km²
Befolkingsticht.1.456,26 ynw./km²
Hichte3 m
Oar
Postkoade57121–57128
Koördinaten43°33' N 10°19' E
Offisjele webside
www.comune.livorno.it
Kaart
Livorno (Itaalje)
Livorno

De Toskaanske stêd Livorno is in havenstêd oan 'e Ligueryske See yn Itaalje.

It plak ûnstie as in lyts fiskersplak by Pisa en waard foar it earst yn 'e 11e iuw as Liburnum neamd. De ûntwikkeling ta in wichtige havenstad sette lykwols pas goed útein yn 'e 16e iuw ûnder it bewâld fan de Medici-famylje, dy't doe ek oer Florâns hearske.

Chiesa olandese.

Ferdinando I de' Medici makke fan Livorno in frije haven (Porto Franco) om hannel te driuwen. Dêrmei waard de stêd in taflecht foar keaplju en ek joaden, Armenen en oare groepen dy't yn oare dielen fan Jeropa net wolkom wiene. Ek de leden fan 'e Nazione Olandese-Alemanna (letterlik Nederlânsk-Dútske naasje) krige tastimming om him te fêstigjen yn Livorno. De hannelsmienskip hie in eigen begraafplak en in eigen protestantsk-grifformearde tsjerke, dy't oan it kanaal Fosso Reale stie. De hjoeddeiske tsjerke in neogoatysk gebou út 1862-1864

Yn dy tiid waard it sintrum boud neffens in plan fan 'e arsjitekt Bernardo Buontalenti. Dêr komt ek de bynamme "Venezia Nuova" (Nij Feneesje) wei, om’t de wiken dêr trochkrúst wurde troch kanalen lykas yn Feneesje.

Yn 'e 18e en 19e iuw bleau Livorno in bloeiende hannelstêd, benammen troch skipfeart en eksport fan Toskaanske produkten. Sûnt 1860 hearde Livorno by it Keninkryk Itaalje.

De haven waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch swier bombardearre, mar letter wer opboud.

Hjoed-de-dei is Livorno in libbene havenstêd mei in mingeling fan âld en modern.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kanaal yn Nij Feneesje.
  • De histoaryske wyk Venezia Nuova hat kanalen, brêgen en âlde pakhuzen út de 17e iuw.
  • De Piazza Grande mei de domtsjerke Sint-Fransiskus foarmet it hert fan 'e stêd.
  • De Chiesa di San Jacopo is fral fanwegen de lokaasje oan 'e see it besjen wurdich. De skiednis fan 'e tsjerke giet werom op it jier 1160, mar it hjoeddeiske oansjen datearret fan 1897.
  • De Fortezza Vecchia (Alde Fêsting) oan 'e haven is in troch de Medici boude fêsting út de 16e iuw.
  • De Fortezza Nuova is in jongere fêsting út de 17e iuw yn it sintrum.
  • De Mercato Centrale is ien fan 'e grutste oerdutsen merken fan Itaalje mei in rike kar oan fisk, tsiis, fleis en lokale produkten.
  • It Terrazza Mascagni is in promenadeterras oan see.
  • It Acquario di Livorno is it grutste seeakwarium fan Toskane mei skyldpodden, roggen en oare bistesoarten fan 'e Middellânske See.
  • De synagoge fan Livorno is in modern, mar tige opfallend gebou fan nei de Twadde Wrâldkriich en betinkt de kosmopolityske skiednis fan 'e stêd.
  • De haven en it strân fan Antignano leit oan 'e súdlike kant fan 'e stêd en is ryk oan terrassen en baaiplakken.
  • It Museo Civico Giovanni Fattori is wijd oan 'e Toskaanske keunstner Giovanni Fattori, ien fan 'e saneamde Macchiaioli (in skildergroep út de 19e iuw dy't foarôfgie oan it ympresjonisme).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: