Livius fan Scheltinga (1632-1670)
| Livius fan Scheltinga (1632-1670) | ||
| Hantekening Livius van Scheltinga | ||
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 4 augustus 1632 | |
| berteplak | Ljouwert | |
| stjerdatum | 16 juny 1670 | |
| stjerplak | Bûtenpost | |
| etnisiteit | ||
| Grytman fan Achtkarspelen | ||
| amtsperioade | 1653-1670 | |
| foargonger | Livius Boelens | |
| opfolger | Tsjerk Boelens | |
| Folmacht op de Lândei | ||
| amtsperioade | 1653-1670 | |
| Kommittearre fan de Generaliteitsrekkenkeamer | ||
| amtsperioade | 1654-1655, 1658-1661 | |
| Kommittearre fan de Ried fan Steat | ||
| amtsperioade | 1661-1668 | |
Livius fan Scheltinga of Lieuwe fan Scheltinga (Ljouwert, 4 augustus 1632 - Bûtenpost, 16 juny 1670) wie in Frysk bestjoerder.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fan Scheltinga wie in soan fan Livius fan Scheltinga (sa'n 1589-1650), kurator fan de Akademy te Frjentsjer en sekretaris fan de Rekkenkeamer en fan de Steaten fan Fryslân, en Anna de Blocq (1593-1666). Livius wie lid fan de famylje Fan Scheltinga. Syn broer, Daniël de Blocq fan Scheltinga, wie grytman fan Skoatterlân. Livius waard yn Ljouwert as Lieuwe doopt op 27 july 1656. [1]
Fan Scheltinga folge Livius Boelens yn 1653 op as grytman fan Achtkarspelen. Fan dat jier ôf kaam er ek op as Folmacht foar de lândei út namme fan Achtkarspelen. .[2] Oare amten dy't Fan Scheltinga besette, wiene kommittearre fan de Generaliteitsrekkenkeamer en kommittearre fan de Ried fan Steat. [3] Yn Bûtenpost bewenne de famylje Fan Scheltinga de Scheltingastate, dêr't fierder net folle oer bekend is. [4]
Nei syn ferstjerren yn 1670 waard Fan Scheltinga as grytman fan Achtkarspelen opfolge troch Tsjerk Boelens.
Houlik en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Livius boaske yn 1654 yn Stiens mei Wisck fan Kinnema (1633-1668), dochter fan Cornelius van Kinnema, advokaat en letter riedshear oan it Hof fan Fryslân, en Romckjen Fockens. It pear krige acht bern, ûnder oaren:
- Livius van Scheltinga (1655-1699), troude mei Sophia Catharina Broersma, in dochter fan Gajus Botnia fan Broersma, sekretaris fan Kollumerlân en Nijkrúslân.
- Martinus fan Scheltinga (1656-1726), troude mei Jetske Wisckia Broersma, in dochter fan Gajus Botnia fan Broersma, sekretaris fan Kollumerlân en Nijkrúslân.
- Eritia van Scheltinga, boaske oan Hessel fan Sminia, sekretaris fan de Rekkenkeamer en ried by de Admiraliteit yn it Noarderkertier.
- Anna fan Scheltinga (1665-1726), troude mei Aulus fan Haersma (1670-1717), grytman fan Smellingerlân.[5]
- Romelia fan Scheltinga (1668-1702), troude mei Eelco fan Haersma, grytman fan Achtkarspelen.[5]
Roubuorden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rouboerd fan Livius fan Scheltinga út 1670 yn de Marijetsjerke yn Bûtenpost.
- Rouboerd fan Wisck fan Kinnema út 1668 yn de tsjerke fan Bûtenpost.
- Hearebank mei it alliânsjewapen Fan Scheltinga-Van Kinnema.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|