Livius Boelens
| Livius Boelens | ||
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 10 maaie 1630 | |
| berteplak | Bûtenpost | |
| stjerdatum | 10 febrewaris 1653 | |
| stjerplak | Bûtenpost | |
| etnisiteit | ||
| Folmacht lândei foar Achtkarspelen | ||
| amtsperioade | 1649-1652 | |
| Grytman fan Achtkarspelen | ||
| amtsperioade | 1673-1677 | |
Livius Boelens, ek wol Lieuwe Boelens (Bûtenpost, 10 maaie 1630 - dêre, 10 febrewaris 1653) wie in Fryske bestjoerder.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boelens wie in soan fan Pieter Boelens (1609-1639), grytman fan Achtkarspelen, en Eelckien fan Haersma (1610-1643). Livius wie in telch út de famylje Fan Boelens. Dit geslacht út Olterterp hie in tûke yn Achtkarspelen dy't grutte belangen hie yn de ferfeaning. Al yn de perioade 1526-1549 komt in Sythie Boelis foar as grytman fan dy gritenij. Piter wie moai wis in neikommeling fan dizze Sythie. [1] Yn Bûtenpost stichte de famylje Boelens de Boelensstate dy't letter ek bekend stie as de Haersmastate. [2] Ek it doarp Boelensloane tanket syn namme oan dizze famylje.
Yn 1648 folge Livius syn pake, Tsjerk Boelens, op as grytman fan Achtkarspelen nei't syn pake hjiroer oerlein hie hie mei Willem Frederik van Nassau-Dietz. Dêrnei komt Livius yn it jier dêrop foar as lid fan de Steaten fan Fryslân. Dêrneist wie er kommittearre yn de Keamer fan Finânsjes yn De Haach en meunsterkommissaris fan Fryslân. [3] Ek kaam er tusken 1649 en 1652 foar as folmacht foar de lândei út namme fan Achtkarspelen. Nei syn ferstjerren yn 1653 waard er as grytman fan Achtkarspelen opfolge troch Livius fan Scheltinga (1632-1670). It rouboerd foar Livius Boelens is yn de kolleksje fan it Frysk Museum. Hy waard beïerdige yn de Mariatsjerke yn Bûtenpost.
- Rouboerd foar Livius Boelens, kolleksje Frysk Museum.
- Rouboerd foar Livius syn heit, Pieter Boelens, kolleksje Frysk Museum.
- Rouboerd foar Livius syn mem, Eelckien fan Haersma, yn de Mariatsjerke te Bûtenpost.
Houlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boelens troude yn 1649 te Ljouwert mei Aaltje van Douma (†> 1655), dochter fan Epe fan Douma, grytman fan Ferwerderadiel, en Sjouck van Hiddema. Aaltje soe nei it ferstjerren fan Livius fannijs trouwe mei Zeino van Welvelde, ûntfanger-generaal fan Drinte. [4]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|