Livius.org
Livius.org is in troch de Nederlânske âldheidshistoarikus Jona Lendering (Ryksuniversiteit Leien) yn 1996 oprjochte Ingelsktalige webside, dy't him mei de skiednis fan de âldheid dwaande hâldt.
Yn 'e rin fan 'e tiid waarden hûnderten artikels oer suver alle tema's troch Lendering (en syn kollega's fan Livius Underwiis) skreaun en online set. It swiertepunt leit by de skiednis fan it Perzyske Ryk en it Alde Grikelân – mei benammen omtinken foar de tiid fan Aleksander de Grutte[1] –, mar dêrnjonken wurdt ek de skiednis fan it Joadendom, Germania Inferior en it Alde Rome[2] behannele.
Op de side binne ek ferskate foto's te finen fan Lendering allyk as Marco Prins, foar de yllustraasje fan de artikels. Dêr binne ek Ingelsktalige oersettings fan guon antike teksten, dêr't guon gjin oare oersetting fan te finen is. Ta einbeslút biedt de webside romte oan it BCHP-projekt: it giet dêr om in preliminêre útjefte fan de Babyloanyske Kroniken út de Hellenistyske Tiidrek, in samling noch net útjûne klaaitabletten út it British Museum dêr't de gelearden noch oer diskussearje wolle foar't se oergean ta de definitive útjefte.[3]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Livius.org
- (ned) Livius Underwiis
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|