Liverpooldo
Liverpooldo | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
† Caloenas maculata | ||||||||||||
Gmelin, 1789 | ||||||||||||
útstoarn | ||||||||||||
De Liverpooldo (Caloenas maculata) is in mysterieuze dowesoarate, dy't hjoed-de-dei útstoarn is.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel waard foar it earst yn it boek "A General Synopsis of Birds" (1783) troch John Latham neamd, dy't twa eskimplaren fan ûnbekende komôf en in tekening fan 'e fûgels sjoen hie, en wittenskiplik troch Johann Friedrich Gmelin yn 1789 beneamd. De Liverpooldo wie likernôch 32 sm lang en hie in spanwiidte fan 35 sm. It fearrekleed wie brún mei in griene glâns. De nekke hie lange fearren en de wjuk- en rêchfearren hiene krêmkleurige spikkels. De fûgel hie in swarte snaffel mei in giele punt en de ein fan 'e sturt hie in ljochte seame. Doe't de earste Europeanen oankamen hat de fûgel nei alle gedachten al tige seldsum west en mooglik op 'e râne fan it útstjerren stien. Jacht en predaasje fan yntrodusearre bisten soene oan it begjin fan 'e 19e iuw de fûgel de nekkeslach jûn ha. De fûgel libbe minder op 'e grûn as de moannedo en neffens syn fisike skaaimerken liket it der op dat de Liverpooldo fral yn 'e beammen libbe en fruit iet.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De taksonomyske relaasje fan 'e fûgel bleau lang ûndúdlik en iere skriuwers hawwe ferskillende útstellen dien. Oerhearskend wie de idee dat er besibbe wie oan 'e moannedo (C. nicobarica) en dêrfandinne waard de Liverpooldo yn it skaai Caloenas set.
Tsjintwurdich is de soarte allinnich noch bekend fan ien eksimplaar, dat bewarre wurdt yn it World Museum yn Liverpool. De soarte, dy't yn 'e 20e iuw foar in hiel skoft oer de holle sjoen waard, waard earst yn 2008 troch de IUCN op 'e Reade list erkend as in útstoarne soarte.
Der wie regelmjittich diskusje oer de soarte. Guon fûnen dat de fûgel hielendal gjin unike soarte wie, mar dat it om in jonge moannedo (Caloenas nicobarica) gie. Oaren ferûnderstelden dat de fûgel ôfkomstich wie fan it eilân Tahiti, dêr't in fûgel libbe hat dy't troch de eilânbewenners "titi" neamd waard.
Undersyk 2014
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2014 wiisde in genetysk ûndersyk troch wittenskippers fan 'e Griffith University yn Nathan, Austraalje, en it Natural History Museum yn Tring, Ingelân, út dat de útstoarne Liverpooldo in aparte soarte west hat en nau besibbe wie oan 'e dodo (Raphus cucullatus), de Rodriguessolitêr en de hjoed-de-dei noch besteande moannedo. Om it mystearje op te lossen hiene hja twa fearren fan it eksimplaar brûkt om DNA ôf te nimmen fan it eksimplaar yn Liverpool. It DNA wie tige fragminteare en de wittenskippers konsintrearren harren dêrom op trije DNA minibar-koades, lytse stikjes DNA dy't unyk binne foar de measte fûgelsoarten. Dy dielen fan 'e do binne ferlikene mei oare soarten. Dêrút die bliken dat it om in aparte soarte gie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Spotted green pigeon (ferzje 16 april 2024)
|