Springe nei ynhâld

Lits en Lauwers

Ut Wikipedy
Wapen fan Lits en Lauwers

Lits en Lauwers wie fan 1961 oant 1996 in wetterskip yn it easten fan Fryslân.

It wetterskip waard oprjochte ûnder de namme Achtkarspelen-Zuid op it grûngebiet fan de gemeente Achtkarspelen. Yn 1963 waard de namme wizige yn "Lits en Lauwers" en waard grûngebiet noardlik fan Drachten taheakke. Op 1 augustus 1965 krige it wetterskip ek de taken fan njoggen lytse wetterskippen yn gemeenten Achtkarspelen, Smellingerlân en Tytsjerksteradiel, dy't doe opheft waarden, op 'e noed. Yn 1968 besleat Provinsjale Steaten ta fierdere konsintraasje en it foarmjen fan in grut wetterskip yn de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Kollumerlân en Nijkrúslân, Smellingerlân en Tytsjerksteradiel. Yn 1971 en 1972 giene dêrom noch 20 lytse wetterskippen op yn Lits en Lauwers. Yn 1976 waard as lêste wetterskip De Noorderfennen tafoegd.

Yn 1997 wie de twadde konsintraasje fan wetterskippen yn Fryslân en gie it wetterskip op yn Wetterskip Lauwerswâlden, dat letter opgyng yn it Wetterskip Fryslân fan no.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: