List fan nasjonale parken yn Sweden
Appearance
De nasjonale parken yn Sweden wurde beheard troch Naturvårdsverket, in Sweedske oerheidsynstânsje dy't ferantwurdlik is foar it beskermjen fan de natoer. Yn 1909 wie Sweden it earste lân dat nasjonale parken stifte; dat wiene doe njoggen gebieten. Hjoeddedei binne der 29 nasjonale parken dy't mei-inoar in oerflak fan 7.315,89 kante kilometer hawwe.