Springe nei ynhâld

Merovingen

Ut Wikipedy
Merovingyske fibula's

De Merovingen wienen in dynasty fan Frankyske keningen, dy't oer it Frankyske ryk regearden dat bestie út dielen fan it hjoeddeiske Frankryk en Dútslân. Sy regearden fan de 5e iuw ôf oant de 8e iuw.

De namme fan de Merovingyske dynasty is ôflaat fan Merovech, de earste kening fan de Salyske Franken, dy't hearske fan 447 oant 457 oer in lyts gebiet yn Noard-Galje. In pakesizzer fan him, Klovis, slagge deryn it grutste part fan Galje te ferienjen. Hy hat ek ferantwurdlik west foar it fersprieden fan it roomske leauwen yn Frankryk en omkriten, doe't hy him yn 496 dope liet. Nei goed Germaanske gebrûk waard it ryk fan Klovis ferdield tusken syn fjouwer soannen.

De Merovingen wienen ek ferantwurdlik foar it ûntstean fan it feodalisme, doe't dizze keningen hartoggen oanstelden foar it regearen, ferdiedigjen en de rjochtspraak oer lytse dielen fan harren keninkryk.

Tsjin de 7e iuw hienen de keningen net folle feitlike macht mear oer, en wienen sy foaral symboalyske figueren wurden. Sy hâlden har hieltyd mear dwaande mei wrâldske saken, en lieten it regearen fan it keninkryk oer oan de hofmeiers (major domo yn it Latynsk). Yn de tiid fan de Karolingen waard it amt fan hofmeier erflik. (Sjoch: Karel Martel)

Uteinlik ûnttroanden de Karolingers de Merovingen yn 751, doe't Pippyn de Koarte de Frankyske eallju efter him krige en de lêste Merovingyske kening, Gilderik III, ôfsetten waard.

Gronology en territoriale ferdielingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
481-511 Klovis I (Klodovech)
Tiidrek Soissons Parys Orléans Reims
511-524 Klotarius I Gildebert I Klodomer Teuderik I
524-534        
534-548       Teudebert I
548-555       Teudowald
555-558      
558-561  
Tiidrek Neustrje(Soissons) Parys Boergonje(Orléans Austraasje(Reims)
561-567 Gilperik I Garibert I Guntram Sigibert I
567-575      
575-584     Gildebert II
584-592 Klotar II    
592-595    
595-612   Teuderik II Teudebert II
612-613    
613   Sigibert II
613-629  
Tiidrek Neustrje + Boergonje + Austraasje (Akwitaanje)
629-632 Dagobert I (Garibert II)
632   (Gilperik)
632-639  
Tiidrek Neustrje + Boergonje Austraasje
639-656 Klovis II Sigibert III
656-657   Gildebert de Adoptearre
657-662 Klotar III  
662-673   Gilderik II
673 Teuderik III  
673-675  
675-676 Teuderik III Klovis III
676-679   Dagobert II
679-691  
691-695 Klovis IV (III)
695-711 Gildebert III
711-715 Dagobert III
715-717 Gilperik II
717-719   Klothar IV
719-721  
721-737 Teuderik IV
737-742 Interregnum
742-751 Gilderik III