Linda de Haan
Linda de Haan is (1976) in Fryske yllustratrise en berneboekeskriuwster. Sy groeide op yn Burgum, dêr't sy as famke al tekene en nifele. Anno 2024 wurket sy as fulltime yllustrator. Neist konseptûntwikkeling en yllustrearjen fan eigen printeboeken wurket se foar ferskate opdrachtjouwers. Sa fersoarge se op fersyk fan wenningbouferiening Elkien en gemeente Ljouwert in ûntwerp foar 17 grutte garaazjedoarren. Foar in opdracht relatearre oan Wrâld Alzheimerdei 2017 wurke se kwoaten út op grutte kartonnen panielen te sjen by in lêzingerige op eksposysjeskip De Eestroom, in âld fûderfrachtskip. Linda makket yllustraasjes foar tydskriften, printeboeken en les - en lêsboeken. Yn opdracht fan Omrop Fryslân hat Linda mear as 125 ôfleveringen foar it berneprogramma Fratsen tekene, in tekenfilmsearje oer twa buorbern dy't aventoeren belibje.
Koning & Koning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2000 ferskynde har earste printeboek Koning & Koning. Dit debút makke se tegearre mei Stern Nijland. It ferskynde tagelyk yn it Frysk, Nederlânsk, Dútsk en Deens. [1]Dit moderne mearke waard troch it bysûndere plot ek yn it bûtenlân goed ûntfongen. It boek is yn tolve talen ferskynd, wêrûnder it Japansk.
Dit berneboek krige in soad bekendheid troch it protest dat it oprôp. Yn Amearika hienen guon âlden en skoallen muoite mei it besrkiuwen fan de leafde tusken twa manlju. Ek yn oare lannen koe it rekkenje op protest.
It boek is op ferskillende wize op de planken brocht: as balletfoarstelling yn Meksiko, as poppespulteäter yn Argentinië, as toanielfoarstelling yn Dútslân en Ingelân en as ferfilming op platfoarm Tsjil. Ek stiene Kening & Kening stiene op de bühne yn Wenen. Yn 2024 hat it Iepenloftspul Burgum ûnder lieding fan regisseur Theo Smedes de eare om oan dy list in Frysktalige foarstelling ta te heakjen.[2]
Gearfetting ferhaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kening & Kening giet oer in prins dy’t trouwe moat om syn mem, de keninginne, op te folgjen as kening. Der is gjin inkelde prinsesse dy’t syn oandacht lûke kin, mar wol in prins. De twa binne fereale en trouwe.
Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neidat sy it Drachtster Lyceum ôfrûne hie, studearre sy yn 1998 ôf as yllustrator en dosint tekenjen oan keunstakademy Academie Minerva yn Grins. By har stúdzje al waarden har earste tekeningen publisearre, yn de krante fan de Hanzehogeschool.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Haan yllustrearre ferskate Frysk- en Nederlânsktalige berneboeken en fersoarge yllustraasjes foar Tomkeboekjes. Dêrneist fersoarge se yllustraasjes foar kultureel tiidskrift De Moanne en makke se praatplaten foar de Friese Bibliotheekservice. Ek foar berneprogramma Fratsen op Omrop Fryslân naam se de yllustraasjes fan 125 ôfleveringen foar har rekken en fersoarge se de voice overs.
Printeboeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Koning & Koning, Linda de Haan & Stern Nijland (Gottmer 2000, 2003, werprintinge yn eigen behear 2013, 2016, 2020)
- i…ai…Ei! (2007), tekst & yllustraasjes Linda de Haan, Ploegsma
- Prinses Prutje zoekt een ridder (2009), Caroline Perrée | prentenboek, Ploegsma
- Mossie en de paardenbloem (2012), Gerard van Midden & Linda de Haan, Kwintessens
- De dag dat de was weg was, Stern Nijland & Linda de Haan, relaasjegeskink drukkerij Brügemann
- Lance & Lot zoeken zich rot! (2016), Ploegsma
- Ik wol in bosk op ‘e jierdei (2024), tekst en yllustraasjes, Afûk
- Ik wil een bos voor mijn verjaardag (2024), tekst en yllustraasjes Linda de Haan, Ploegsma
Kartonboekjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tor het vrachtautootje (2002), Gottmer
- Circus Leporello (2005), Gottmer
- De vrolijke tweeling (2012), Bette Westera & Linda de Haan, Gottmer
Foarlêsboeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Elfjes, pony’s en prinsessen (2011), ferskate auteurs en yllustratoaren, Ploegsma
- Het grote opa- en omaboek (2012), ferskate auteurs en yllustratoaren, Ploegsma
Skoalbesites
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 2016 is Linda de Haan as Skoalskriuwer ferbûn oan skoallen.
En fierder
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn gearwurking mei filmmakker Jeroen Wolf portrettearre sy 100 friezen, minsken fan 0 - 100 dy't yn in miny-dokumintêre harren eigen leeftiid foar de kamera sizze.
Linda de Haan is ek in betûft sânskulturiste[3].
Har balpinne yllustraasjes út it printeboek Er zit een gat in de wereld van Spriet binne nominearre foar de Vredeman de Vries foarmjouwingspriis fan 2017.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |