Linda Nolan
Linda Nolan | ||
![]() | ||
![]() | ||
Linda Nolan yn 2014. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Linda Nolan | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 23 febrewaris 1959 | |
berteplak | Dublin | |
stoarn | 15 jannewaris 2025 | |
stjerplak | Blackpool (Ingelân) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
lid fan | The Nolans | |
sjenre | popmuzyk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | stim | |
grutste hit(s) | I'm in the Mood for Dancing | |
jierren aktyf | 1974 – 2025 | |
offisjele webside | ||
Linda Nolan yn 'e IMDb |
Linda Nolan (Dublin, 23 febrewaris 1959 – Blackpool, 15 jannewaris 2025) wie in Iersk sjongster, toanielaktrise en tillefyzjepersoanlikheid. Hja waard bekend yn 'e 1970-er en 1980-er jierren, doe't se yn 'e mande my har susters song as lid fan 'e band The Nolans.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Linda Nolan waard yn febrewaris 1959 yn it Holles Street Hospital yn 'e Ierske haadstêd Dublin berne as it sechsde fan acht bern yn 'e húshâlding fan Tommy en Maureen Nolan. It gesin wenne yn Raheny, in foarstêd fan Dublin, oant it yn 1962, doe't Nolan 3 jier wie, emigrearre nei Blackpool, in havenstêd oan 'e kust fan 'e Ierske See yn it Ingelske greefskip Lancashire. Dêr gie Nolan nei de legere skoalle. Middelber ûnderwiis folge se oan 'e St Catherine's Catholic Secondary School yn Blackpool en de Cardinal Wiseman School yn Londen.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin 1970-er jierren foarme Nolan de band The Nolans (oarspronklik The Singing Nolans), yn 'e mande mei har susters Anne, Denise, Maureen, Bernie en Coleen. De groep briek yn 1974 troch mei in optreden yn it tillefyzjeprogramma fan sjonger Cliff Richard en brocht koart dêrnei de debútsingle (I Don't Know Why) But I Do út. The Nolans hiene yn 'e twadde helte fan 'e 1970-er jierren en it begjin fan 'e 1980-er jierren grut súkses yn it Feriene Keninkryk en Ierlân en ek bûten de Britske Eilannen. Yn 1975 giene se op toernee mei Frank Sinatra en yn 1981 wûnen se it Muzykfestifal fan Tokio. Tusken 1979 en 1982 hiene yn Ingelân sân top tweintich-hits. It bekendst wie it diskonûmer I'm in the Mood for Dancing ("Ik Haw Sin oan Dûnsjen"), dat yn desimber 1979 útkaam. Yn Nederlân helle dat it twadde plak yn 'e Top 40.
Nolan stapte yn desimber 1983 út The Nolans, wêrnei't se in nij wurkpaad as toanielaktrise begûn. Sa spile se fan 1986 oant en mei 1993 mear as tûzen kear de rol fan Maggie May yn it toanielstik Maggie May's, dat simmerdeis opfierd waard op 'e Sintrale Pier fan Blackpool. Oare rollen dy't se fertolke, wiene dy fan tichthûsdirektrise yn Prisoner Cell Block H: The Musical (1996–1997) en frou Johnstone yn Blood Brothers (2000-2008). Mei beide stikken gie Nolan op toernee troch it hiele Feriene Keninkryk en mei it lêste stik stie se fan 2000 oant en mei 2003 yn it Londenske West End op 'e planken. Dêrnjonken wie se troch de jierren hinne ek geregeldwei op 'e Britske tillefyzje te sjen as artyste, panellid, dielnimster en gast, û.o. yn kwissen, praatprogramma's en realityprogramma's (lykas de trettjinde searje fan Celebrity Big Brother).
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nolan mette Brian Hudson yn 1979 en troude yn 1981 mei him. Hy wie de toerneemanager fan The Nolans oant Nolan de band yn 1983 ferliet en dêrnei waard er har manager. Se bleaune troud oant syn ferstjerren yn septimber 2007 oan leverfalen. Nolan en de man hiene gjin bern.
Sykte en dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2005 waard by Nolan boarstkanker fêststeld. As ûnderdiel fan 'e behanneling waard yn 2006 ien fan har boarsten ôfset. Yn 2011 waard se "skjin" ferklearre. Yn 2017, doe't se nei in falpartij yn it sikehûs bedarre, waard dêr by tafal sekundêre, ûngenêslike boarstkanker op har bekken ûntdutsen. Nolan ûndergie strielingsterapy, mar wegere gemoterapy yn omtinken te nimmen om't se sjoen hie hoe't har suster Bernie dêr ûnder te lijen hân hie foarôfgeande oan har dea oan boarstkanker yn july 2013. Yn 2020 makke Nolan bekend dat de kanker doe útsiedde wie nei har lever. Op 27 maart 2023 liet se witte dat de kanker doe har harsens berikt hie. Dêrtroch krige se lêst fan lykwichtsteurings, mei as gefolch dat se yn 'e rolstoel moast om der net hieltyd hinne te knoffeljen. Begjin jannewaris 2025 waard Nolan mei in dûbele longûntstekking opnommen yn it Blackpool Victoria Hospital. Hja rekke yn koma en ferstoar op 'e moarn fan 15 jannewaris, sûnder noch bykommen te wêzen, yn 'e âldens fan 65 jier.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|