Springe nei ynhâld

Heidebarmke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Linaria flavirostris)
heidebarmke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljefinkfûgels (Fringillidae)
skaairobyntsjes (Linaria)
soarte
Linaria flavirostris
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     briedfûgel
     stânfûgel
     wintergast

It heidebarmke (Linaria flavirostris; synonym: Carduelis flavirostris) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae).

Heidebarmkes binne te ferlikenjen yn grutte en foarm mei it besibbe robyntsje, mar ha in wat langere en mear foarke sturt en in lytser kopke. It fearrekleed mist ek it read fan it robyntsje op 'e krún en it boarst. De fûgeltsjes wurde likernôch 13 sm lang en ha in spanwiidte fan 21 oant 23 sm.

De kop en rêch binne griisbrún mei smelle donkere streken. Oer it donkerbrune each rint in donkere streek nei efter en de wangen binne faak sêft bêzje oant griisbrún. De ûnderkant is ljochtgrizich oant brutsen wyt mei sêft-brune flanken. By de sturt binne yn 'e flecht de wite rânen goed te sjen fan 'e donkerbrune fearren. De wjukken binne donkerbrún mei in tinne, ljochtere wjukbân.

Mantjes yn Pakistan.

Mantsjes kinne by in nij fearrekleed tydlik in sêft rôze kleur ha op 'e midden fan 'e rêch en somtiden ek oer de skouders en op it boarst, dat faak it bêste te sjen is yn sinneljocht. Winterdeis is de snaffel giel (dêrfandinne de soartenamme flavirostris, itjinge 'mei giele snaffel' betsjut), mar simmerdeis griisbrún.

Heidebarmkes komme oarspronklik út de bercheftige regio's fan Sintraal-Aazje. Hy komt ek foar yn grutte gebieten fan 'e Kaukasus en yn 'e bercheftige regio's en hege plato's fan Turkije en hat populaasjes op 'e Britske Eilannen (sawat 10.000 pearen), yn Noarwegen (100.000–500.000 pearen) en yn lytsere oantallen yn Sweden, Finlân en Ruslân. As briedfûgel is er fierder folslein ôfwêzich yn it grutste part fan Jeropa en ek yn 'e berchen fan 'e Alpen en Pyreneeën. De Europeeske briedpopulaasje wurdt beskôge as in oerbliuwsel fan it foarkommen fan 'e soarte yn 'e iistiid boppe de westlike en sintrale dielen fan it Palearktysk gebiet.

De measte Sintraal-Aziatyske populaasjes binne stânfûgels, mar guon populaasjes migrearje. De Noardwest-Europeeske populaasjes binne mear trekfûgels. De lêste desinnia is it oerwinteringsgebiet fan 'e soarte mear nei it noarden ferskood. Nederlân leit oan 'e grins fan it súdlike Europeeske oerwintersgebiet en dêrfandinne oerwinterje se yn jimmeroan lytsere oantallen yn ús lân en dan fral oan 'e kusten fan 'e Waadsee.

Groepke heidebarmkes yn Ingelân.

Heidebarmkes wurde yn twa ûndersoartegroepen ferdield, dy't fan inoar isolearre binne: flavirostris, dy't foarkomt yn it noardwestlike Palearktyske gebiet en brevirostris dy't foarkomt yn it eastlike Palearktyske gebiet:

  • brevirostris
    • Linaria flavirostris brevirostris – briedt yn eastlik Turkije, de Kaukasus en noardwestlik Iran.
    • Linaria flavirostris korejevi ynkl. kirghizorum – briedt yn it gebiet om it súdlike Oeralberchtme hinne eastlik troch Kazachstan oant Xinjiang yn noardwestlik Sina en súdlik oant noardlik Afganistan.
    • Linaria flavirostris altaica – briedt yn it Tannû Ola-berchtme yn súdlik Sibearje en noardwestlik Mongoalje.
    • Linaria flavirostris montanella ynkl. pamirensis – briedt yn noardlik Sina en súdlik oant it hiele noarden fan Pakistan en de Pamir.
    • Linaria flavirostris miniakensis – briedt yn sintraal Sina.
    • Linaria flavirostris rufostrigata - briedt yn 'e Himalaya.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It iten bestiet út sied en ynsekten.

Heidebarmkes ha in tige grut ferspriedingsgebiet. De populaasjetrend is lykwols ûndúdlik. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern 2024). Guon populaasjes binne kwetsberder as oare populaasjes. De wrâldpopulaasje wurdt op 1,6 miljoen oant 5,5 miljoen folwoeksen fûgels rûsd.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: