Robyntsjes
| Robyntsjes | ||
| Linaria cannabina | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
| boppefamylje: | moskfûgels (Passeroidea) | |
| famylje: | finkfûgels (Fringillidae) | |
| skaai: | Robyntsjes (Linaria) | |
| Bechstein, 1802 | ||
Robyntsjes (Linaria) foarmje in fûgelskaai fan sjongfûgels út de famylje finkfûgels (Fringillidae). De soarten stiene earder yn it skaai Carduelis, mar út in publikaasje fan in molekulêre fylogenetyske stûzje yn 2012 die bliken dat it skaai polyfyletysk wie.
It skaai bestiet út slanke finkefûgels fan 12–15 sm fûgels mei in koarte, sterke snaffel, dy't geskikt is om sied te iten. De soarten ha in dúdlike seksuele dimorfy. Bûten de briedtiid wurde se faak yn groepen sjoen. It ferspriedingsgebiet fan it skaai leit yn Europa fan Madeira en de Kanaryske Eilannen eastlik troch it Midden-Easten en Aazje oant Mongoalje en westlik Sina mei twa isolearre soarten op it Arabysk skiereilân en yn Somaalje. It habitat bestiet út iepen gebiet lykas heide, steppes, greiden, agraryske lânskip en somtiden ek dunen oan 'e kust en boskrânen op hichten oant maksimaal de beamgrins.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai telt fjouwer soarten:
| Ofbyld | Wittenskiplike namme | Fryske namme | Fersprieding | IUCN-status/ Trend |
|---|---|---|---|---|
| Linaria flavirostris | heidebarmke | Noard-Europa oer Sintraal-Aazje | net bedrige stabyl[1] | |
| Linaria cannabina | robyntsje | Europe, West-Aazje, Noard-Afrika | net bedrige | |
| Linaria yemenensis | Jemenitysk robyntsje | Jemen, Saûdy-Araabje | net bedrige stabyl[3] | |
| Linaria johannis | Somalysk robyntsje | Somaalje | hast bedrige stabyl[4] | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
