Lina Radke
| Lina Radke | ||
| Lina Radke (1928) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Karoline Radke-Batschauer | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 18 oktober 1903 | |
| berteplak | Karlsruhe | |
| stjerdatum | 14 febrewaris 1983 | |
| stjerplak | Karlsruhe | |
| lingte | 1.69 m | |
| gewicht | 55 kg | |
| sportive ynformaasje | ||
| sport | Atletyk | |
| O.S. | Amsterdam 1928 | |
| wichtige prestaasjes | ||
Karoline (Lina) Radke-Batschauer (Karlsruhe, 18 oktober 1903 - dêre, 14 febrewaris 1983) wie in Dútsk middellange-ôfstânsdraver. Se wie yn 1928 de earste Olympysk kampioene op de 800 meter foar froulju.
Sportkariêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lina waard berne yn Karlsruhe en ferhuze doe't se 14 jier âld wie mei har âlden nei Baden-Baden. Dêr begûn sy yn de âldens fan 20 jier mei atletyk, Yn in tiidrek wêryn't dit foar froulju noch net akseptearre wie. Sporten lykas hurdrinnen waarden beskôge as te ynspannend foar in frou. Yn 1927 boaske sy mei har trainer Georg Radke, nei har houlik ferhuze it pear nei Breslau. Sy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Sy waard yn Amsterdam Olympysk kampioene op de 800 meter dy't foar froulju foar it earst op it programma stie, yn in wrâldrekôr fan 2:16.8 minuten. It ûnderdiel waard dêrnei wer fan it programma helle, om't froulju fysyk oerbelêste wêze soene. De 800 meter stie pas yn 1960 wer op it Olympyske programma.
Lettere libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1945 waard it pear yn'e lêste dagen fan'e kriich ferdreaun út Breslau fia Sömmerda (Tueringen) bedarre sy yn Torgau (Saksen-Anhalt). De gouden medalje gie ferlern by de flecht, dy waard letter weromfûn op in bûten by Keulen. Yn 1961, koart foar de bou fan de Muorre, ferhuze it pear nei Lina Radke's bertestêd Karlsruhe. Lina Radke ferstoar op 14 febrewaris 1983, yn 'e âldens fan 79 jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
