Limpopo
| Limpopo | ||
| Symboalen | ||
| Algemien | ||
| Lân | Súd-Afrika | |
| Haadstêd | Polokwane | |
| Grutste stêd | Polokwane | |
| Befolking | ||
| Ynwennertal | 6.572.720 (2022)[1] | |
| Befolkingsticht. | 52,3 ynw./km² | |
| Folken | swarten 97,3% blanken 2,1% Yndiërs 0,3% kleurlingen 0,2% | |
| Religy | kristendom 86,8% trad. Afrikaansk 6,3% gjin 5,10% | |
| Talen | Noard-Sotho 55,5% Venda 17,4% Tsonga 17,3% Afrikaansk 2,3% | |
| Geografy | ||
| Oerflak | 125.755 km² | |
| Hichte | maks. 2,126 m | |
| Oar | ||
| Tiidsône | UTC+2 (SAST) | |
| Offisjele webside | ||
| www.limpopo.gov.za | ||
Limpopo is de meast noardlike provinsje fan Súd-Afrika en ferneamd nei de rivier de Limpopo, dy't de grins foarmet mei Botswana, Simbabwe en Mozambyk. It is in regio mei in ryk kultureel ferline en wurdt ek wol it "Eden fan Afrika" neamd fanwegen de rike natuer.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De provinsje waard yn 1994 oprjochte ûnder de namme Noardlik Transvaal. De namme feroare letter yn Noard-Provinsje en sûnt 2002 hjit it offisjeel Limpopo. It gebiet hat in tige âlde skiednis; yn 'e delling fan 'e Limpopo bloeide tusken 900 en 1300 n.Kr. it machtige Keninkryk Mapungubwe, in beskaving dy't hannel dreau mei Yndia en Súdeast-Aazje.
Yn 'e tiid fan 'e Apartheid leine yn dit gebiet ferskate saneamde thúslannen, lykas Lebowa, Gazankulu en Venda. Sûnt de demokratisearring yn 1994 binne dy gebieten folslein yntegrearre yn 'e provinsje.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De haadstêd en grutste stêd is Polokwane (foarhinne Pietersburg), dat it logistike en ekonomyske sintrum fan 'e provinsje is.
| Kaart fan 'e gemeenten | Bestjoerlike yndieling |
|---|---|
|
Limpopo is opdield yn 5 distriktsgemeenten:
|
Befolking en talen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Limpopo hat de meast homogene befolking fan Súd-Afrika; mear as 97% fan de ynwenners is swart. De provinsje is ryk oan ferskate etnyske groepen lykas de Pedi (Noard-Sotho), de Venda en de Tsonga. De taal dy't troch de measten praat wurdt is it Noard-Sotho, folge troch it Tsonga en it Venda. It is ien fan 'e provinsjes dêr't tradisjonele lieders (keningen en stamhaden) noch jimmeroan in wichtige sosjale rol spylje.
Befolkingsûntwikkeling (1996–2022)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1996 | 2001 | 2011 | 2022 |
|---|---|---|---|---|
| Inwennertal | 4.576.133 | 4.995.462 | 5.404.868 | 6.572.720 |
| Groei (%) | — | +9,2% | +8,2% | +21,6% |
Boarne: Statistics South Africa (Census 1996, 2001, 2011, 2022)
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Toerisme is in wichtige pylder fan 'e ekonomy yn Limpopo, foaral fanwegen de natuer.
- It Nasjonaal Park Kruger leit foar in grut part yn Limpopo. It noardlike diel fan it park is ferneamd om syn grutte oantallen oaljefanten en baobab-beammen.
- Mapungubwe Hill is it plak fan it âlde keninkryk en is hjoed-de-dei in UNESCO-wrâlderfgoedplak. Dêr is yn 1932 ek de ferneamde Gouden Noashoarn fan Mapungubwe fûn.
- Biosfear Waterberg is in berchgebiet mei ferskate partikuliere wyldreservaten en in ryk ferskaat oan planten en bisten.
- Yn it 305.61 ha Reservaat Modjadji Cycad stiet in bosk mei bysûndere palmbeammen, dy't generaasjes lang troch de saneamde reinkeninginnen (Modjadji) beskerme binne. De reinkeninginnen binne de geastlik en tradisjonele lieders fan it Balobedu-folk yn 'e Limpopo-provinsje. Se wurde as libbene goadinnen beskôge en leaud wurdt dat hja de macht ha om de wolken te manipulearjen en rein te bringen foar har freonen of drûchte foar har fijannen.
Grutste plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Offisjele namme | Afrikaanske namme | Ynwenners | Bysûnderheden |
|---|---|---|---|
| Polokwane | Pietersburg | 130.000 | Haadstêd en wichtichste hannelstêd. |
| Thohoyandou | 70.000 | Oprjochte yn 'e jierren 1970 as de haadstêd fan it thúslân Venda (hat gjin Afrikaanske namme. | |
| Tzaneen | 15.000 | Sintrum foar tropyske lânbou (tee, fruit). | |
| Musina | Messina | 43.000 | Grinsstêd mei Simbabwe; wichtich foar de hannel. |
| Phalaborwa | 13.000 | Toeristyske poarte nei it Krugerpark en wichtich mynbouplak. |
In soad Afrikaanske plaknammen binne yn 2002 offisjeel feroare yn nammen fan lokale talen. Foarbylden binne Mokopane (foarhinne Potgietersrus), Modimolle (Nylstroom), Bela-Bela (Warmbad) en Lephalale (Ellisras).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Haadstêden en provinsjes fan Súd-Afrika | ||
|---|---|---|
| Haadstêden: Bloemfontein • Kaapstêd • Pretoria | ||
| Provinsjes: East-Kaap • Frijsteat • Gauteng • KwaZulu-Natal • Limpopo • Mpumalanga • Noard-Kaap • Noardwest • West-Kaap | ||

