Lilla Marras, Rêdingsboat yn Harns

Ut Wikipedy

De Lilla Marras, Rêdingboat yn Harns of Lilla Marras Douglas & Will is in eardere rêdingsboat dy't Harns as thúshaven hat.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Lilla Marras tsjinne fan 1955-1979 noch as rêdinboat foar de kust fan Ingelân (en wie yn Ingelske hannen). Yn dy jierren wie de boat belutsen by 105 rêdingsaksjes en rêde sy 45 minsken. In leafhawwer fan rêdingsboaten helle har nei Nederlân en nei de haven fan Harns.

It skip freget in soad op it mêd fan ûnderhâld en seemanskip. Tusken 2000 en 2001 is it skip folslein restaurearre en tarist op toerisme, der kin sadwaande op oernachte wurde. Ek kin der in privee-kaptein besteld wurde en in fartocht fan twa oeren mei organisearre wurde.

Algemiene feiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Oarspronklike namme: Lilla Marras Douglas & Will
  • Namme no: Lilla Marras
  • Type: Watson Class Midship Steering & Aft Cabin
  • Werf: Groves & Guttridge Ltd, East Cowes
  • Boujier: 1955
  • Restauraasje: 2000-2001
  • Restaurateur: Willem Koornstra / Harns
  • Langte x breedte: 46’9" x 12’9"
  • Motoren: Twa Thornycroft 360 MkII fan elk 70 hk (SHP)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

webside fan de Lilla Marras, rêdingboat yn Harns