Lichemstemperatuer
De lichemstemperatuer is de temperatuer dy't hearsket ynwindich yn it lichem fan in organisme. Sa'n organisme funksjonearret it bêste as de temperatuer yn it lichem binnen in beskaat berik bliuwt. Sakket er dêrûnder of klimt er dêr boppe-út, dan folget der funksjeferlies, oanboazjend ta bliuwende skea en úteinlings de dea.
Bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De normale lichemstemperatuer fariëarret neffens de soarte bist. Fierwei it grutste part fan 'e bisten, ntl. wringeleazen, fisken, amfibyen en reptilen, hawwe in lichemstemperatuer dy't likernôch gelyk is oan 'e eksterne temperatuer fan harren om-en-by. Allinnich de measte fûgels en sûchdieren hawwe it fermogen ta termoregulaasje: om harren eigen lichemstemperatuer op in frijwol konstant peil te hâlden troch waarmteproduksje yn it eigen lichem. Soks draacht by oan 'e homeostaze, it berikken fan in fêst ynwindich miljeu. Foarhinne neamde men wringeleazen, fisken, amfibyen en reptilen kâldbloedich en fûgels en sûchdieren waarmbloedich. Tsjintwurdich is bekend dat it wat yngewikkelder leit, mei ferskate soarten kâld- en waarmbloedigens dy't inoar foar in diel oerlaapje.
Fan 'e waarmbloedige bisten hawwe guon in hegere normale lichemstemperatuer as de minske. Foarbylden binne hûnen (38–39 °C), katten (38,5–39 °C) en fûgels lykas de mosk (41 °C). Dêrby giet it benammen om lytsere en/of mear aktive bisten. Oaren hawwe krekt in legere normale lichemstemperatuer, lykas loaierts (32 °C). Dêrby giet it ornaris krekt om gruttere en/of minder aktive bisten.
Minsken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De minske hat in trochsneed normale lichemstemperatuer fan 35,5–37,8 °C. Dêrby bestiet in beskate deistige fariaasje: nachts omtrint 3.00 oere is de minsklike lichemstemperatuer it leechst, en jûns om 18.00 oere hinne is er it heechst. Dêrnjonken kin de lichemstemperatuer by grutte lichaamlike ynspanning oprinne oant boppe de 38,5 °C sûnder dat soks as abnormaal beskôge wurdt. By geslachtsripe froulju besteane der fierders skommelings yn 'e lichemstemperatuer dy't gearhingje mei de menstruaasjesyklus. Yn 'e fjirtjin dagen nei't se de regels hân hawwe, leit de lichemstemperatuer leger as yn 'e fjirtjin dagen folgjend op 'e aaisprong.
Ofwikings fan 'e noarm
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch bleatstelling foar langere tiid (oeren) oan te hjitte of te kâlde eksterne temperatueren kin de lichemstemperatuer oprinne oant boppe, resp. sakje oant ûnder it optimale nivo. As in organisme te hjit wurdt, sprekt men fan oerferhjitting of hypertermy. As in organisme te kâld wurdt, giet it om ûnderkuolling of hypotermy. By minsken, bygelyks, begjint oerferhjitting by likernôch 37,8 °C, wylst ûnderkuolling by likernôch 35,5 °C úteinset. As de oerferhjitting of ûnderkuolling te slimme foarmen oannimt of te lang duorret, liedt dat ta funksjeferlies, wêrby't dejinge dy't troffen is net mear alles kin wat normaalwei yn it fermogen leit. Dat boazet stadichwei oan oant der bliuwende skea ûntstiet. As der gjin ferlichting komt, einiget it mei de dea fan it troffen organisme.
It lichem hat by in protte organismen strategyen ûntwikkele om oerferhjitting en ûnderkuolling tsjin te gean. By minsken en guon oare sûchdieren is transpiraasje (switten) sa'n strategy. Troch focht (swit) ôf te jaan fia de hûd, kin dat ferdampe op 'e hûd, wat in ôfkuoljende wurking hat. Guon bisten dy't net switte kinne, lykas hûnen en hinnen, begjinne te hymjen as se te waarm binne, sadat flibe op 'e tonge ferdampe kin. Ek hawwe guon sûchdieren, bgl. oaljefanten, hiel grutte earen dy't bedoeld binne om waarmte ôf te jaan troch safolle mooglik te waarm bloed deun by it oerflak fan 'e hûd te bringen, sadat it ôfkuolje kin.
Om ûnderkuolling tsjin te gean, hawwe bisten dy't yn kâlde klimaten libje krekt eigenskippen ûntwikkele om waarmte fêst te hâlden. It wichtichst is dêrby it hawwen fan in tsjûke, tichte pels, lykas rindieren of wolven hawwe. Ek hawwe se faak lytse earen, sadat it bloed dat dêrtroch streamt, sa min mooglik ôfkuolle wurdt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |