Springe nei ynhâld

Fivipary

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Libbenbernjendheid)
Fivipary by in ko.

Fivipary (fan it Latynske vivus, "libjend" en pario, "befalle fan"), ek: fivipariteit of libbenbernjendheid, is by de geslachtlike foarm fan fuortplanting it libben te wrâld bringen fan in nij yndividu. Dat hat him oant dy tiid as embryo en letter as foetus yn it lichem fan 'e mem ûntwikkele en is by de berte teminsten op it mêd fan metabolisme in folslein selsstannich organisme. It byhearrende eigenskipswurd is fivipaar of libbenbernjend.

Oare foarmen fan geslachtlike fuortplanting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tsjinstelde fan fivipary is ovipary (aaibernjendheid), wêrby't it embryo fan it nije yndividu him bûten it lichem fan 'e mem yn in aai ûntjout oant de ûntwikkeling fier genôch hinne is dat it aai útkomme kin. In tuskenfoarm is ovofivipary (aailibbenbernjendheid), wêrby't it embryo him ûntjout yn in aai dat binnenyn it lichem fan 'e mem útkomt, wêrnei't it nije yndividu libben berne wurdt krekt as by fivipary.

By bisten is fivipary in relatyf gongber ferskynsel, hoewol't de measte soarten ovipaar binne. De grutste groep fivipare bisten binne de sûchdieren, dy't frijwol allegearre dizze foarm fan geslachtlike fuortplanting hawwe. Utsûnderings binne de snaffeldieren (Monotremata): it fûgelbekdier en de eamelychels, dy't aaien lizze. Fivipary komt ek foar by guon oare bisten, lykas beskate skaaien fan haaien, inkele reptilen (skinks en beskate soarten slangen), kakkerlakken (dat ynsekten binne) en beskate soarten ferwielwjirms.

Fivipary by de chayote (Sechium edule).

By fivipary yn planten drûget it sied oan 'e ein fan 'e ûntwikkeling net út en sprút it fuortendaliks út sûnder kymrêst. Om't it sprutende sied foar it útspruten en de groei ferlet hat fan focht, kin fivipary by planten inkeld foarkomme as der fochtrike fruchten produsearre wurde of as der troch rein genôch focht oanwêzich is yn it om-en-by fan 'e plant. Foarbylden fan planten dy't it ferskynsel fivipary kenne, binne de fochtrike sitrusfruchten chayote (Sechium edule) en takako (Sechium tacaco) en ek it nôt weet (Triticum aestivum), wêrby't it skot neamd wurdt.

Falske fivipary

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de term fivipary wurdt ek wol in oare foarm fan fermannichfâldiging oantsjut, nammentlik it útrinnen fan jonge leaten yn 'e bloeiwize of oan 'e blêdrânen fan 'e memmeplant, bygelyks by briedblêd (Kalanchoe daigremontiana). Dit is lykwols strikt nommen gjin fivipary en wurdt dêrom ek wol falske fivipary neamd. Ek briedbollen, sa't dy foarkomme by û.o. sint-janssipel (Allium fistulosum), wylde sipel (Allium vineale) en knolreadskonk (Polygonum viviparum) binne in foarm fan falske fivipary.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.