Springe nei ynhâld

Libanon (berchtme)

Ut Wikipedy
Libanon
جبل لبنان
  berchtme
Satelytfoto mei lofts it Libanonberchtme (lofts) en rjochts it Anty-Libanonberchtme
Satelytfoto mei lofts it Libanonberchtme (lofts) en rjochts it Anty-Libanonberchtme
geografy
lân Libanon
Syrje
sifers
lingte 240 km
heechste punt Qurnat as Sawda'
hichte 3.088 meter
geology
yndieling heechberchtme
Bergen yn it distrikt Bsharri
Bewapene kristlike manlju fan it Libanonberchtme, ein 19e iuw

De Libanon (Arabysk: جَبَل لُبْنَان‎, jabal lubnān, Libaneesk-Arabyske útspraak: [ˈʒabal lɪbˈneːn]; Syrysk: ܛܘܪ ܠܒܢܢ‎, ṭūr levnon, Westsyryske útspraak: [tˤur livˈnɔn]) is in berchtme yn Libanon en Syrje mei in trochsneed hichte fan 2.500 meter.

De namme fan de Libanon komt fan it Arameeske laban dat "wyt" betsjut. Dat ferwiisde mooglik nei de besnijde berchtoppen fan de Libanon.

It Libanonberchtme rint parallel oan de Middellânske Seekust en hat in totale lingte fan 240 km, dêr't 160 km fan yn Libanon en 80 km yn Syrje rint. It heechste punt is de Qurnat as Sawda' mei in hichte fan 3.088 meter. It berchtme krijt in reedlike hoemannichte delslach, wêrûnder in soad snie, mei in trochsneed djipte fan fjouwer meter.

It Libanonberchtme hat troch de jierren hinne in soad beskerming jûn oan de pleatslike befolking. Yn Libanon hat it ferskil fan it pleatslike klimaat earder te krijen mei it ferskil yn hichte as yn gegrafyske ôfstân. De bergen binne ferneamd om syn ike- en nullebeammen. De lêste oerbliuwende kloften fan de ferneamde libanonseder binne oan de hege hellings fan de Libanon yn it Bosk fan de seders fan God, dat in Wrâlderfgoed is.

De Fenysjers brûkten de bosken foar it bouwen fan harren skippen en foar de hannel mei harren Levantynske buorlju. De Fenysjers en de hearskers dy't letter oer it gebiet hearsken setten hieltyd nije beammen en folden sadwaande de houtfoarried fan it berchtme oan, oant yn de sechtjinde iuw ta.

It Libanonberchtme waard al ferskate kearen neamd yn it Alde Testamint. De Joadske Timpel yn Jeruzalim waard mei sederhout fan de Libanon boud. De Fenysjers brûkten de sederhout foar it bouwen fan harren skippen sa't se de Middellânske See befarre koene. Hja wiene de earsten dy't doarpen yn de Libanon stiften, dêr't men fan de houthannel libbe en it hout nei de kust ta ferfierde.

Neffens it skriuwen fan Eusebius fan Caesatrea liet de Romeinske keizer Konstantyn de Grutte in timpel fan Fenus yn de bergen fan de Libanon ferniele. Nei de fyfde iuw n.Kr. kamen kristlike muontsen, dy't folgelingen fan de hearremyt Maron fan Beit wiene, fan noardlik Syrje nei it uterste noarden fan de Libanon en preekje harren leauwe oan de befolking dêre. Oan de ein fan de achtste iuw hiet de Byzantynske keizer de Mardaïten om harren yn it noarden fan Libanon te festigjen om islamityske gebieten yn Syrje oan te fallen. Hja mingden mei de pleatslike befolking en hja wegeren it gea te ferlitten nei't de keizer in ferdrach mei de kalyf fan Damaskus sletten hie, dus se waarden part fan de Maroniten. Yn 1291 nei de fal fan Akre fêstigen de oerbliuwende Jeropeanen, dy't it slagge wie om út de hannen fan de Mammelukken te bliuwen, harren yn Noard-Libanon, en hja waarden ek part fan de Maroniten.

Yn de njoggende iuw fêstigen stammen fan de Janukiden út Syrje wei yn Súd-Libanon. Dy stammen waarden yn de alfde iuw bekeard ta it leauwe fan de Druzen en hja hearsken dat gebiet dat bekend kaam te hjitten as Jabal ad-Druze. Nei it besykjen de Libanon te ferienigjen, waarden Maroniten en oare kristenen yn it gebiet fan de Druzen talitten.

Yn de achttjinde en it begjin fan de njoggentjinde iuw kamen der mear en mear Maroniten yn it gebiet fan de Druzen. De Druzen seagen dy Maroniten as in driging en dat late ta ferskate tsierderijen yn it midden fan de njoggentjinde iuw. Der bruts al gau in lytse boargerkriich út en tûzenen kristenen waarden ôfslachte. De Druzen wûnen dy slach, mar Jeropeeske machten, sa as Frankryk en it Feriene Keninkryk, griepen yn út namme fan de Maroniten, en hja ferparten Libanon yn in Maronitysk en Druzysk part. In stikmannich Druzen ferfearen dêrnei nei súdlik Syrje. Yn 1861 waard it autonoom distrikt Libanon yn it Ottomaanske Ryk stifte, lykwols ûnder ynternasjonaal tafersjoch. It waard behearske troch in Ottomaanske lânfâd, de Mutasarrıf. Kristenen foarmen de mearderheid fan de befolking fan de Libanon, mei in grutte Druzyske minderheid .

Tsientallen jierren lang hawwe de kristenen de Jeropeeske machten oantrune, en jou harren selsbestjoer oer "Grut-Libanon", it gebiet fan it berchtme, mei de kuststripe yn it westen en de Bekadelling yn it easten. Nei de Earste Wrâldkriich krige Frankryk it mandaat oer de eardere Ottomaanske gebieten yn de noardlike Levant. Hja foarmen yn 1920 Grut-Libanon, dat ornearre waard foar de kristlike befolking fan it Midden-Easten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.