Springe nei ynhâld

Lex Ripuaria

Ut Wikipedy
It Frankyske Ryk yn 'e tiid fan Dagobert I, mei yn 't read it Ripuaryske spraakgebiet

De Lex Ripuaria of Lex Ribuaria (de Ripuaryske wet) is in samling wetsteksten yn it Latyn dy't oan it begjin fan de 7e iuw by it bewâld fan de Austrasyske kening Dagobert I foar de Ripuaryske Franken, en benammen it hartochdom Ripuaarje, gou. De wettesamling wie basearre op de wet fan de Salyske Franken, de Lex Salica út de jierren 507 oant 511, mar lei de neidruk op it tradisjonele Frankyske rjocht. dêrfoaroer befette de Lex Salica ek noch útwreide omskriuwings foar de Romeinske respektyflik Gallo-Romaanske befolking.

De Lex Ripuaria giet werom op it regeartiidrek fan Dagobert I, dy't yn 623 troch syn Klotarius as ûnderkening oansteld waard yn it dielkeninkryk Austraasje, dêr't ek Ripuaarje as sintrale regio hearde. Yn tsjinstelling ta de Lex Salica, dy't de Merovingyske kening Klovis I tusken 507 en 511 as Frankysk wetboek útjûn hie, giet de wettebondel fan de Lex Rpuaria yn op de bysûnderheden fan dat dielgebiet. Yn 629 waard dagobert kening fan gâns it Frankyske Ryk en waard er ien fan de machtichste yn de rige Merovingyske hearskers.

Ofbyld fan in rjochtsfjochterij, lykas it regele is yn de Lex Ripuaria mei in foarbyld út 1409

Ynhâldlik allyk as gronologysk is der in dúdlike trijedieling yn de Lex Ripuaria:

  • Diel I (Haadstik 1 oant en mei 31):

Dat diel befettet ûnder oaren de hichte fan it fêststelde wearjild en de boeten dy't gouwen foar it mishanneljen en deadzjen fan frije en net-frije minsken. Ek de regels oanbelangjende rôf steane yn it earste diel.
Der binne allinnich mar inkelde oerienkomstige passaazjes mei de Lex Salica.
It kaam ta stân ûnder Teuderik I (r. 511-533).

  • Diel II (Haadstik 32 oant en mei 56):

Dat diel befettet regels oer de oanklacht, it proses en de strafmjitte foar in beskate misdie. Ek sitewaasjes as it net ferskinen fan de fertochte wurde behannele. Der steane ek de ferantwurdlikens yn dy't in hear hat foar syn slaaf yn juridyske sin.
Grutte parten binne wurd foar wurd oernommen út de Lex Salica.
It kaam ta stân ûnder Gildebert I (r. 511-558), Klotarius I (r. 558–561) en Gildebert II (575–595).

  • Diel III (Haadstik 57 oant en mei 89):

Dat diel befettet omskriuwings oangeande it banrjocht. It giet benammen yn op de relaasje tusken de kening en dy syn ûnderdienen. Sa kin it misledigjen of bedrigemintsjen fan de kening mei de deastraf fergouwen wurde.
Foar in part, mar net wurd foar wurd, oernommen fan de Lex Salica. Der binne nei alle gedachten ek oare juridyske boarnen foar dit part brûkt.
It kaam ta stân ûnder Dagobert I.

Nei dy dielen folget in fjirde diel, dat nei alle gedachten yn 'e snuorje fan de iere Karolingen byfoege waard. It is in list mei misdieden en byhearrende straffen. Nettsjinsteande dat diel letter ta stân kommen wie, is it net mear echt "Ripuarysk" te neamen.

Al mei al kin de Lex Ripuaria beskôge wurde as in fuortsetting fan de Lex Salica, mei oanpassings oan it rjocht fan de Ripuaarjers dêr't it nedich achte waard.

Syn foarbyld, de Lex Salica, bleau ek nei de Merovingyske tiid fan belang, oant yn de tiid fan Karel de Grutte. In rige wetten, lykas de regeling fan de troanopfolging (troch manlike opfolgers), bleau foar de Jeropeeske foarstehûzen oant yn de hege midsiuwen fan krêft en gou foar guon monargyen oant yn 'e moderne tiid. In foarbyld is dat nei it ferstjerren fan de Nederlânske kening Willem III yn 1890, dy't yn in personele uny ek gruthartoch fan Lúksemboarch wie, en gjin manlike opfolgers hie, mar allinnich in froulike (Wilhelmina), mocht hja neffens de Salyske wet fan Lúksemboarch har heit net opfolgje as gruthartoginne.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Ruth Schmidt-Wiegand: Lex Ribuaria. In: Reallexikon der Germanischen Altertumskunde (RGA). 2e oplage. Diel 18, Walter de Gruyter, Berlyn / New York 2001, ISBN 3-11-016950-9, S. 320–322.
  • Rudolf Sohm: Über die Entstehung der Lex Ribuaria. Verlag Hermann Böhlau, Weimar 1866 (Digitalisat).
  • Erich Zöllner: Geschichte der Franken bis zur Mitte des sechsten Jahrhunderts. C. H. Beck, München 1970.
  • Werner Böcking: Die Römer am Niederrhein. Klartext, Essen 2005, ISBN 3-89861-427-1.
  • Bruno Bleckmann: Die Germanen. C. H. Beck, München 2009, ISBN 978-3-406-58476-3.
  • Renate Pirling: Die Römisch-Fränkischen Gräberfelder von Krefeld-Gellep. Museum Burg Linn, Krefeld 2011.
  • Tilmann Bechert, Willem J. H. Willems: Die römische Reichsgrenze von der Mosel bis zur Nordseeküste. Stuttgart 1995, ISBN 3-8062-1189-2.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: