Springe nei ynhâld

Lewisspjocht

Ut Wikipedy
lewisspjocht
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftspjochteftigen (Piciformes)
famyljespjochten (Picidae)
skaaiswarte beamkrûpspjochten
   (Melanerpes)
soarte
Melanerpes lewis
G.R. Gray, 1849
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     trochtrekker


De lewisspjocht of Lewis' spjocht (wittenskiplike namme: Melanerpes lewis), soms ek wol sulverkraachspjocht neamd, is in fûgel út it skift fan 'e spjochteftigen (Piciformes), de famylje fan 'e spjochten (Picidae) en it skaai fan 'e swarte beamkrûpspjochten (Melanerpes). Dit bist is lânseigen yn it westen fan Noard-Amearika, dêr't it yn in diel fan it ferspriedingsgebiet in stânfûgel is en yn in oar diel in trekfûgel. De lewisspjocht, dy't ferneamd is nei de Amerikaanske ûntdekkingsreizger Meriwether Lewis, is ferhâldingsgewiis frij út 'e kluten woeksen. Hy hat in wat atypyske libbenswize foar in spjocht, mei't er net foarkomt yn tichte wâlden, mar yn mear iepen gebiet, dêr't er op 'e wjuk ynsekten fangt. De IUCN klassifisearret de lewisspjocht as "net bedrige".

De lewisspjocht waard foar it earst wittenskiplik beskreaun en neitekene yn 1811, troch de Amerikaanske ornitolooch Alexander Wilson yn syn mânske wurk American Ornithology; or: The Natural History of the Birds of the United States. Hy basearre syn beskriuwing en yllustraasjes op inkele spesimina dy't sammele wiene ûnder de ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark nei de westkust fan Noard-Amearika yn 18041806. Wilson betocht foar algemien gebrûk foar de soarte de Ingelske namme Lewis's woodpecker, wêrmei't er de fûgel ferneamde nei ien fan 'e lieders fan dy ekspedysje, de Amerikaanske ûntdekkingsreizger Meriwether Lewis.

De wittenskiplike namme dy't Wilson oan 'e lewisspjocht joech, wie Picus torquatus. Spitigernôch wie it soartspesifike diel torquatus troch in oare ornitolooch, Pieter Boddaert, al yn 1783 oan in oare soarte spjocht jûn, te witten: de swartboarstspjocht (Celeus torquatus). No jildt yn 'e taksonomy de regel dat soarten binnen deselde famylje, om betizing foar te kommen, net deselde soartspesifike namme hawwe meie. Om't de namme torquatus it earst oan 'e swartboarstspjocht taparte wie, moast de lewisspjocht omneamd wurde, dat yn 1849 joech de Ingelske soölooch George Robert Gray dy fûgel de wittenskiplike namme Picus lewis. De lewisspjocht waard letter oerpleatst nei it skaai fan 'e swarte beamkrûpspjochten (Melanerpes), dat yn 1832 yntrodusearre waard troch de Ingelske ornitolooch William John Swainson.

De lewisspjocht is lânseigen yn rûchwei de westlike helte fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten en yn it súdeasten fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. Hy ûntbrekt eastlik fan 'e Rocky Mountains, yn it kustgebiet fan Noardlik Kalifornje en Oregon, yn Washington bewesten de Cascades en yn it uterste suden fan Súdlik Kalifornje, Arizona en Nij-Meksiko.

In lewisspjocht mei om fongen ynsekt yn 'e snaffel.

Yn 'e noardlike dielen fan it ferspriedingsgebiet is de lewisspjocht in simmerfûgel, dy't dêre inkeld by 't simmer oanwêzich is om te brieden. Yn sintraal Oregon, Noardlik Kalifornje, sintraal Kalifornje bewesten de Sierra Nevada, súdwestlik Utah, noardlik en eastlik Arizona, westlik en noardlik Nij-Meksiko, súdlik en sintraal Colorado en de westpunt fan 'e Oklahoma Panhandle is it in stânfûgel, dy't it hiele jier rûn bliuwt. By de kust fan sintraal Kalifornje lâns en yn Súdlik Kalifornje, súdeastlik Nevada, sintraal en súdeastlik Arizona en súdwestlik en sintraal Nij-Meksiko is it in wintergast dy't inkeld komt om te oerwinterjen. Yn 'e tuskenlizzende gebieten, wêrûnder it grutste part fan 'e Mojavewoastyn yn eastlik Kalifornje en fan 'e Woastyn fan 'e Grutte Dobbe yn Nevada, Utah, súdlik Idaho en eastlik Oregon komt de lewisspjocht allinne mar foar as trochtrekker fan syn briedgebiet nei syn oerwinteringsgebiet en werom.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lewisspjocht is ien fan 'e grutste soarten spjochten yn Noard-Amearika. Hy hat trochinoar in totale lichemslingte fan 26–28 sm, mei in gewicht fan 88–139 g en in wjukspanne fan 49–52 sm. It fearrekleed is op 'e rêch, kop, kiel, wjukken, sturt en poaten swart, mar skynt by in beskate ljochtfal wat út 'e grienens. De nekke en boppe-ein fan it boarst binne griis (dêrfandinne de alternative namme 'sulverkraachspjocht'). De bealch en de ûnderste helte fan it boarst binne read, krekt as it gesicht tusken de snaffel en it each oan wjerskanten fan 'e kop. De snaffel sels is swart fan kleur, relatyf koart en rjocht fan foarm. De wjukken binne breder as dy fan oare spjochten.

Lewisspjochten libje almeast yn iepen oant tige iepen nullewâld, op savannes en yn oare gebieten mei fersille beammen of klútsjes beammen. Oars as oare Amerikaanske spjochten (dy't leaver ferskûle sitte tusken blêden of oar plantegrien), strike se faak del op tûken dy't nei alle kanten ta iepen sicht hawwe.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lewisspjochten binne, foar spjochten, net grutte levenmakkers. De rop is in kalm, yn toanhichte wikseljend tsjirpjen, mei út en troch in mearfâldich werhelle pri-earrrr. De alaarmrop fan dizze fûgels is skel en kritend. It trommeljen op (faak holle) beamstammen, om it territoarium ôf te beakenjen en pearingspartners oan te lûken, is koart, swak en frij ûnopfallend.

Op dizze foto is goed te sjen dat de swarte fearren op 'e rêch fan in lewisspjocht wat út 'en grienens skine.

By it foerazjearjen betoane lewisspjochten har alteast simmerdeis atypysk yn ferhâlding ta oare spjochten. Hoewol't se ynsekten ek wol, lykas oare spjochten, fange troch mei de snaffel yn 'e skoars fan beammen om te poarkjen en te pikken, is dat net de wichtichste fangmetoade. Ynstee fange lewisspjochten de measte ynsekten troch se al fleanend mei de snaffel út 'e loft te gripen. Der binne mar in hantsjefol oare spjochtesoarten dy't dat dogge, lykas de ikelspjocht (Melanerpes formicivorus), de readkopspjocht (Melanerpes erythrocephalus) en de gouden grûnspjocht (Colaptes auratus).

Lewisspjochten binne monogaam en foarmje pearkes foar it libben. Krekt as oare spjochten nêstelet de lewisspjocht yn beamholten. Dêrby giet it faak om in hoale dy't úthakke wurdt yn it sêfte hout fan in deade tûke, mar oars as oare spjochten hat de lewisspjocht der ek gjin beswier tsjin om yn in besteande, natuerlike beamholte te nêsteljen. It nêst kin oant 52 m boppe de grûn sitewearre wêze.

It wyfke leit 5–7 aaien mei útsjitters oant wol 11, dy't witich fan kleur binne, sûnder bespikkeling. De briedtiid duorret likernôch 12-14 dagen, wêrby't it mantsje en it wyfke ôfwikseljend it brieden foar har rekken nimme. De piken binne nêstbliuwers, dy't helpleas en keal út it aai komme en foar fersoarging folslein ôfhinklik binne fan 'e âlden. Dy fuorje harren mei ynsekten út 'e snaffel. Mei 28–34 dagen fleane de piken út. By it súksesfol grutbringen fan in nêst jongen keart itselde âlderpear faak it folgjende jier werom nei deselde nêstholte.

It fretten fan 'e lewisspjocht bestiet foar mear as de helte út plantaardich guod. Yn it meastepart fan 'e hjerst en de maityd en yn 'e hiele winter foarmet dat hast 100% fan it dieet. Dêrby giet it benammen om sieden, nuten en fruchten, lykas beien, ikels en dinne-apels, mar ek wol kerlen fan lânbougewaaksen as stynske weet.

Lewisspjochten lizze hjerstmis yn beamholten en spjalten itensfoarrieden foar de winter oan, besteande út sieden en nuten dy't se foar dat doel sels earst fan 'e dop ûntdogge. Dy gewoante kin soms frijwat út 'e hân rinne. Sa stoppe ien pearke spjochten in fan binnen tige ferrotte tillefoanpeal fol mei mear as 10.000 maïskerlen. Winterdeis bejouwe lewisspjochten har ek nei foertafels en by fûgelfoerhúskes, dêr't se bytiden agressyf út 'e hoeke komme kinne foar oare fûgels oer.

In lewisspjocht op 'e sneup nei fretten.

Fan 'e ein fan 'e maityd oant en mei it begjin fan 'e hjerst meitsje ynsekten it grutste bestândiel fan it fretten út, te witten: toarren, eamels, imerkes en sprinkhoannen, oanfolle mei fûgelaaien en slakken en as de gelegenheid him foardocht ek hagedissen en lytse sûchdieren. Lewisspjochten slokke hjerstmis en by 't winter ek wol stientsjes troch, dy't as gastroliten yn 'e mage troch it pletten fan it iten helpe by de spiisfertarring.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e lewisspjocht binne benammen ferskate soarten haukfûgels en ûlen.

De lewisspjocht hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

De lewisspjocht is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten besteane.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Einzelbelege en Literatur, op dizze side.