Lewis Carroll Shelf Award

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lewis Carroll Shelf Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
útrikt foar berneboeken
útrikt troch Universiteit fan Wiskonsin-Madison
   Skoalle fan Underwiis
frekwinsje 1x jiers
plak Madison (Wiskonsin)
ynsteld 1958
opheft 1979
offisjele webside
gjint

De Lewis Carroll Shelf Award wie in Amerikaanske literatuerpriis dy't fan 1958 oant en mei 1979 jierliks oan ferskate berneboeken takend waard troch de Universiteit fan Wiskonsin-Madison Skoalle fan Underwiis. Fan 'e winnende boeken waard ornearre dat se sa goed wiene dat se op deselde boekeplanke (shelf) thúshearden as Lewis Carroll syn masterwurk Alice's Adventures in Wonderland (better bekend ûnder de ferienfâldige Disney-titel Alice in Wonderland). Yn guon jierren wiene der wol santjin (faak postume) winners, wylst de priis yn 1974 hielendal net tawiisd waard.

Under de winners wiene grutte nammen as Hans Christian Andersen (foar Nattergalen), L. Frank Baum (foar The Wonderful Wizard of Oz), Rudyard Kipling (foar The Jungle Book), Ursula K. Le Guin (foar A Wizard of Earthsea), C.S. Lewis (foar The Lion, the Witch and the Wardrobe), Astrid Lindgren (foar Pippi Långstrump), A.A. Milne (foar Winnie-the-Pooh), Watty Piper (foar The Little Engine That Could) en Mark Twain (foar Adventures of Huckleberry Finn). Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.