Leverkardinaal
| Leverkardinaal | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje. Wyfke. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Piranga hepatica | ||||||||||||
| (Swainson, 1827) | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel briedfûgel |
De leverkardinaal (Piranga hepatica), ek: levertangare, is in middelgrutte Amerikaanske sjongfûgel út 'e famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt oant 20 sm lang en hat in koarte, frij dikke snaffel, lange wjukken en in lange sturt. Mantsjes binne stienread fan boppe, readeftich fan ûnder mei wat griis by de earen. It wyfke is oliifgiel fan boppe en giel fan ûnder. Beide skaaien ha in donkere snaffel en donkere poatsjes.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De leverkardinaal waard yn 1822 wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske ornitolooch Swainson. Tradisjoneel waard it skaai Piranga klassifisearre yn 'e famylje tangarefûgels (Thraupidae), mar út genetysk ûndersyk die bliken dat it skaai thúsheart yn 'e famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae).
Earder waard de leverkardinaal as konspesifyk mei de leechlânleverkardinaal (Piranga flava) en de tosksnaffelkardinaal (iranga lutea) beskôge, mar yn 2001 waarden se troch de IOC World Bird List yn trije aparte soarten opdield.
De soarte wurdt yn fiif ûndersoarten ferdield:
- Piranga hepatica hepatica - komt foar fan it súdwesten fan 'e Feriene Steaten oant súdwestlik Meksiko;
- Piranga hepatica dextra - fûn yn it suden fan 'e Feriene Steaten en eastlik Meksiko;
- Piranga hepatica figlina - leit yn eastlik Gûatemala en Belize;
- Piranga hepatica albifacies - strekt him út fan westlik Guatemala oant noardlik Nikaragûa;
- Piranga hepatica savannarum - oanwêzich yn eastlik Hondoeras en noardeastlik Nikaragûa.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt oantroffen yn iepen berchbosken mei dinnebeammen en ikebeammen. De fûgel yt ynsekten. Hy boud it nêst yn beammen op in hichte fan 15 oant 30 m boppe de grûn. In lechsel bestiet út trije oant fiif aaikes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN kategorisearret de soarte as net bedrige, mar nimt de tosksnaffelkardinaal op yn 'e beoardieling. Sûnt de jierren 1960 is de soarte tanommen yn 'e Feriene Steaten en hat er syn ferspriedingsgebiet witten út te wreidzjen nei súdlik Nevada, súdeastlik Kalifornje en súdeastlik Kolorado.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
