Levantynske kanarje
| Levantynske kanarje | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Serinus syriacus | ||||||||||||
| Bonaparte, 1850 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Levantynske kanarje (Serinus syriacus) is in lytse, seldsume fûgel út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae). It is ien fan 'e meast bedrige kanarjesoarten fan it fêstelân, dy't allinnich foarkomt yn in lyts gebiet yn it Midden-Easten.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Levantynske kanarje is likernôch 12 sm lang. De fûgel hat in sêft, griisbrún oant ljochtgiel fearrekleed. Oars as syn neiste sibben hat de Levantynske kanarje in folle minder streke fearrekleed. Allinnich de mantel is streke. De foarholle, de eachring, de gruttere dekveren en de rânen fan 'e binnenste wjukfearren en sturt binne heldergiel.
It wyfke is wat doffer fan kleur en mear griisbrún streke.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in beheind ferspriedingsgebiet yn 'e Levant en briedt dêr yn 'e bergen fan Syrje, Libanon, Israel en Jordaanje (foaral yn it biosfearreservaat Dana) op hichten tusken de 900 en 1.900 meter yn iepen bosken mei beammen lykas de iken, seder en jeneverbeistrûken.
Winterdeis lûke de fûgels nei legere, waarmere dielen, wêrby't guon groepen sa fier súdlik as Egypte (de Sinaï) en Saûdy-Araabje telâne komme.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Levantynske kanarje yt benammen it sied fan krûden en gers. De soarte is ôfhinklik fan wetterboarnen, foaral yn 'e drûge simmermoannen. It nêst wurdt boud yn beammen of strûken en it wyfke leit meastentiids 3 oant 4 ljochtblauwe aaikes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Levantynske kanarje wurdt troch de IUCN op 'e Reade list klassifisearre as kwetsber (Vulnerable). De populaasje is lyts en de oantallen nimme ôf. De wichtichste oarsaken binne de oanhâldende drûchte, it ferlies fan leefgebiet troch oerbeweiding troch fee en it fangen fan 'e fûgels foar de hannel. Politike ynstabiliteit yn it gebiet makket it beskermjen fan 'e soarte dreech.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
