Springe nei ynhâld

Lev Tolstoj

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lev Tolstoi)
Lev Tolstoj
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lev Nikolajewitsj Tolstoj
nasjonaliteit Keizerryk Ruslân
berne 9 septimber 1828
berteplak Jasnaja Poljana
stoarn 20 novimber 1910
stjerplak Astapovo
wurk
taal Russysk, Frânsk
sjenre Roman, novelle, ferhalen
jierren aktyf 18521910
offisjele webside
gjin


Berte- en wenhûs te Jasnaja Poljana
Tolstoj oan syn buro
Portret troch Leonid Osipovitsj Pasternak (1908).
Tolstoj oan 't ploeien, troch Ilja Repin

Lev (Leo) Nikolajewitsj Tolstoj (Russysk: Лев Николаевич Толстой; 9 septimber 1828, bûtenpleats Jasnaja Poljana20 novimber 1910, Astapovo) wie in Russysk skriuwer dy't in soad ynfloed hân hat op de Russyske literatuer en polityk. Hy makke as greve diel út fan de Russyske adel. Neffens de Juliaanske kalinder, sa't dy yn dy tiid yn Ruslân noch brûkt waard, is er berne op 28 augustus en stoarn op 7 novimber.

Lev (Leo) Nikolajewitsj Tolstoj waard berne op it bûten Jasnaja Poljana, yn de omkriten fan Toela, 100 kilometer súdlik fan Moskou. Hy kaam út in famylje fan hege adel. Syn heit greve Nikolaj Iljitsj Tolstoj die mei oan de Heitelânske Kriich fan 1812. Syn mem Maria Nikolajevna wie foarstin. Syn âlden stoaren doe't er noch jong wie dat hy waard grutbrocht troch famylje. De libbensjierren op Jasnaja Poljana hat in grutte ynfloed hân op de takomstige skriuwer. Dêr rekke er fertroud mei it libben fan de earme boeren fan Ruslân. Dêr kaam er ek al betiid yn de kunde mei de gedichten, mearkes en leginden fan Poesjkin.

Yn 1844 gie er mei sechtjin jier nei de universiteit fan Kazan, dêr't er easterske talen studearre as tarieding op in diplomatike karrêre. Yn 1851 krige er hege gokskulden dat hy gie mei syn âldere broer nei de Kaukasus en gie dêr it leger yn. Tolstoj fjochte yn de Krimoarloch en yn dy tiid skreau er syn earste ferhalen.

Werom op it bûten fan de famylje stifte er syn earste skoaltsje foar bern fan earme boeren. Hy wie doe 21. Hoe lang dit skoaltsje bestien hat is net bekend. Yn de jierren 1857 oant 1861 reizge er ferskate kearen nei West-Jeropa (Dútslân, Frankryk, Itaalje, Ingelân, Belgje en Switserlân) om dêr ûnderwiismetoaden te bestudearjen. Yn 1859 stichte er foar de twadde kear in skoalle op Jasnaja Poljana, en die yn 1862-1863 ferslach fan syn ûnderfinings as pedagooch en learaar yn in eigen tydskrift, Jasnaja Poljana, dêr't tolve ôfleverings fan ferskynden. Yn 1863 hjitte it Tsaristyske regear him om de skoalle te sluten fanwege foar it rezjym gefaarlike ideeën sa as fergees ûnderwiis en Tolstoi syn pedagogyske opfettings rjochte op de frijheid fan it yndividu. Tolstoj waard oanklage fanwege gearspanning tsjin de tsaar, mar waard net fêstset. Ferbittere oer it politike klimaat fan syn lân, lei er him doe folslein ta op de skriuwerij.[1]. Yn 1862 troude Tolstoj mei Sofia Andrejevna Behrs; yn de neifolgjende jierren skreau er ek syn ferneamde grutte romans Oarloch en Frede en Anna Karenina.

Dan komt er feroaring yn it wurk fan Tolstoj. Hy hâlde him dwaande mei it leauwe en skreau religieus-filosofyske traktaten en krige striderij mei de tsjerke om't er fûn dai de ienfâldige boeren de dragers fan it wiere leauwe wienen. Hy die ôfstân fan syn rikens en tsjinders en wijde him oan it ienfâldige boerelibben. Hy bleau lykwols op syn bûtenpleats wenjen.

Op 20 novimber 1910 stoar Tolstoj oan in longûntstekking yn it hûs fan de stasjonsmaster fan Astapovo (Oblast Lipetsk), wylst er 'flechte' foar syn frou, dy't him net altyd like goed begriep en it fierdere geharsensskrap ûnder de Tolstojanen op Jasnaja Poljana. "It houlik akkordearret net mei it skriuwen", wie ien fan syn lêste útspraken.
Greve Tolstoj leit yn in ienfâldich grêf op Jasnaja Poljana.

Tolstoj as jongfeint, folwoeksene en âld man

Tolstoj debutearre mei syn autobiografyske trilogy “Bernetiid” (1852), “Jeugdjierren” (1854) en “Jongelingschap" (1857), wêrmei't er sjen liet it artistike masterskip fan begjin ôf oan al ûnder de knibbel te hawwen. Syn styl is tige sekuer en syn taalbehearsking is grut. Alles wat er skriuwt is lykwichtich en "ôf".

In protte fan Tolstoj's romans binne betreklik earm oan barren: de karakters en net wat se dogge, krije it measte omtinken. Oars as in Dostojevski byldet er normale, sûne lykwichtige minsken út, mei in helder ynderlik libben. Tolstojs realisme is lykwols ek etysk: hy jout weardeoardielen, is moralistysk. Yn de perioade nei 1880 skriuwt er sels tendinsjeuze literatuer; earst yn syn lêste libbensjierren giet er ek werom nei it suvere keunstsinnige.

Tolstoj wurdt algemien beskôge as ien fan de grutste literêre skriuwers ea. Syn wichtichst wurk hat neat oan krêft ferlern en wurdt hieltyd noch troch nije generaasjes lêzen. Benammen "Oarloch en Frede" en "Anna Karanina" jilde noch hieltyd as monuminten fan de wrâldliteratuer.

Publikaasjes yn it Nederlânsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romans en novellen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Titelblêd fan de Kreutzersonate.
  • 1889 - De Kreutzer Sonate (novelle)
  • Opstanding (1899)
  • 1912 - Hadji Murad (roman)

Koarte ferhalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Overval (1852)
  • Het kappen van een bos (1855)
  • Herinneringen uit de Kaukasus (1855)
  • Aantekeningen van een markeur (1855)
  • Sebastopolverhalen (1855)
    • Sebastopol in de maand december
    • Sebastopol in mei
    • Sebastopol in augustus 1855
  • Sneeuwstorm (1855)
  • Twee huzaren (1855)
  • De ochtend van een landedelman (1855)
  • Ivan de Dwaas: een gemiste kans (1863)
  • Polikoesjka (1863)
  • De gevangene in de Kaukasus (1872)
  • Twee oude mannen (1885)
  • De kaars (1885)
  • Cholstomir: het verhaal van een paard (1886)
  • Hoeveel land heeft een mens nodig? (1887)
  • De duivel (1889)
  • Heer en knecht (1895)
  • Vader Sergius (1898)
  • Na het bal (1903)
  • Aljosja Gorsjok (1905)
  • Kornej Vasiljev (1905)
  • Bosbessen (1905)
  • Nagelaten gedenkschriften van een starets (1905)
  • Aantekeningen van een krankzinnige (postúm publisearre yn 1911, mei útein set yn 1884, mar net foltôge)
It grêf fan Lev Tolstoj
  • De macht der duisternis (1887, trageedzje)
  • Vruchten der verlichting (1889, komeedzje)
  • Het levende lijk (1900)
  • 1862-1863 - Jasnaja Poljana; verslag van een onderwijsexperiment, tiidskriftartikels. Yn it Nederlânsk oerset en ûnder deselde titel útjûn yn 1976 (troch útjouwerij Kosmos), mar mei in ferkearde datearring fan it jier fan de oarspronklike útjefte (1852)
  • Mijn biecht (1882)
  • Wat ik geloof (1884)
  • Wat moet er gedaan worden? (1886)
  • Het koninkrijk Gods is in U (1894)
  • Mijn kleine evangelie (1896)
  • Brief aan de liberalen (1896)
  • Wat is kunst? (1897)
  • De wet van liefde en de wet van geweld (1940, postúm)
  • Rinke Tolman hat in bondel Folksforhalen fan Tolstoi publisearre

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Portland independent media center