Lester (Washington)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lester
Âld wachthûs, brânstofpomp en warehûs
Âld wachthûs, brânstofpomp en warehûs
Sifers
Hichte 498 m
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County King County
Oar
Stifting 1892
Koördinaten 47°12.55´N 122°29.64´W
Lester wacht stasjon rûn 1984

Lester is in ferlitten plak (ghost town) yn King County yn de Amerikaanske steat Washington. It leit justjes bewesten Stampede Pass en besuden Snoqualmie Pass. It is yn 1892 stifte troch de Northern Pacific Railway. It plak waard in delsetting foar wurkers fan de spoartunnel ûnder Stampede Pass. Dêrom waard der in helperstasjon boud. It plak is neamd nei Lester Hansaker, in tillegraaf stjoerder foar it spoarbedriuw. It plak hie yn 1908 al 250 ynwenners. Der wiene in hotel, molkboer, in algemiene winkel, dy't ek as postkantoar tsjinne en in houtseagerij, om de houtkap yn de omkriten. It plak rûn tebek nei 1944/'45, doe't disel brûkt waard as brânstof foar de lokomotiven en de stasjon net mear nedich wie. Nei't de houtkap ophold rekke it plakje hielendal efterút oant it yn 1984 offisjeel ophold te bestean, doe't it spoar oer Stampede Pass sletten waard, wat yn 1996 weriepene wie troch BNSF Railway It mêd is no op it stuit ûnderdiel fan de Tacoma wetterbekken en is ôfsletten mei hikken. It kin allinnich berikke wurde per foet. De measte gebouwen binne yn de rin fan de jierren ôfbaarnd, mar der stean dochs noch guon.