Springe nei ynhâld

Les mots et les choses

Ut Wikipedy
Michel Foucault (1974)

Les mots et les choses. Une archéologie des sciences humaines (Frânsk: "Wurden en dingen. In argeology fan 'e minsklike wittenskippen") is in essay fan Michel Foucault op it mêd fan politike teory, ideeëskiednis en ferhannelingsteory. It boek waard yn 1966 útjûn by Gallimard yn Parys.

It boek begjint mei in yngeande analyze fan it skilderij "Las Meninas" fan Diego Velázquez, yn it bysûnder de wize wêrop dit skilderij him as gefolch fan perspektyf ferhâldt ta de sjogger. Dêrnei wurdt de wittenskipskiednis fan de Renêssânse oant de 19e iuw ûndersocht, dêr't Foucault benammen krityk hat by de tydlike en romtlike beheiningen op tinkpatroanen dy’t de ferskate gebieten fan de wittenskip dominearje, yn it bysûnder de taksonomy. Dêrtroch ûntstiet in ôfstân tusken wittenskip en werklikheid. Omstannichheden dy't bepale hoe't ferhannelings fierd wurde, feroarje yn de rin fan de tiid.